Opbou yn in utbou
It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum, ûnderbrocht yn de nije útbou fan it Coulonhûs to Ljouwert, hat dizze moanne it bilangstellende publyk foar de earste kear yn de gelegenheit steld, mei dizze nije ynstelling yn 'e kunde to kommen. It museum hat him ta doel steld, hânskriften, printkladden mei oantekeningen fan de skriuwer, brieven fan en oer letterkundigen, foto's en oare ôfbyldingen fan skriuwers, lûdbannen, kranteknipsels ensfh. to sammeljen. It bistjûr wurdt foarme troch de neikommende persoanen: prof. dr. J.H. Brouwer, Freark Dam, dr. Sj. Douma, juffer B. Fokkema, E.B. Folkertsma, drs. G.A.G. Meerburg, D. Miedema, J. Piebenga, dr. Y. Poortinga, D.A. Tamminga, notaris B. Tuinstra. De hear M.K. Scholten, amtner oan de Provinsiale Biblioteek sil - tonearsten foar in biskate tiid yn 'e wike - oan de deistige gong fan saken lieding jaen. It sintrum ûnderhâldt kontakt mei soartgelikense, al bisteande ynstellingen yn Den Haech en yn Antwerpen.