nearne gjin euvelmoed yn liket to hawwen. De pathétyske simulant Rudolf Hess, de midsmjittige lakei Von Ribbentrop, de militair Keitel, dy't men it ‘Befehl ist Befehl’ fan it gesicht lêst, de Joadehater en provokateur Julius Streicher, Alfred Rosenberg, Seyss Inquart en safolle oaren. As de akte fan biskuldiging foarlêzen is, antwurdzje hja ienriedich: nicht schuldig. En dan komt it biwiismateriael, oerstjelpjend en forneatigjend. De film jowt it yn flashbacks, dy't it hiele helske drama fan 1933 oant 1945 foar jin oproppe yn authentyk wurd en byld. Kulminearjend yn de slave-arbeid fan sawn miljoen minsken, dy't út alle lânnen fan Europa ronsele binne, de duvelske terreur yn de bisette lânnen en op it lêst, forpletterjend biwiis: de forneatigingskampen, de gasovens, dêr't de bern fan Israël, jong en âld, soun en siik, as ratten yndreaun wurde, de moardyndustry.
Men ûndergiet dizze film as in nachtmerje en men freget jin ôf: hoe, yn Gods namme, hat dit mooglik west? Kin dit oeral en altyd wer barre? Is de diaboalyske figuer Hitler de iennichste forklearring? Of de massa, dat anonime beest, dat him warleas ride liet fan it munster, him hearrich en âljend folge en him de middels ta de universéle misdied biskikte? De massa, dy't wer yn anonime en net mear to efterheljen yndividuën útinoar fallen is, neidat de lieders ophongen binne? Of hat it ek to rêdden mei de spesifyk Dútske mentaliteit, dy't sa faei is foar pathétyk en hysteary?
It is forbliidzjend, dat it boek, dêr't dizze film nei makke is, skreaun en gearstald is fan twa Dútske journalisten en dat tsientûzenen Dútskers der posityf op réagearre hawwe. Oft it harren slagje sil, it geastlik erfskip fan de banditen fan Neurenberg to likwidearjen? It sil in swiere striid wurde, hwant de regearing fan Adenauer jowt it njirrebrod noch altyd bod. In heal miljoen fan de Dútske jongerein is organisearre yn neo-fascistyske bounen, dy't har forearing foar de skobberts yn wurd en liturgy demonstrearje. Dat kin, dat mei dêr blykber. Slimmer: de maten fan Himmler en Goering sitte yn hege amten en op forantwurdlike posten.
Sturmbannführer Weber, SS-nûmer 310193, is hjoed de dei Kriminal-Direktor yn Noardrynlân-Westfalen. Sturmbannführer dr. Keunecke lieder fan de recherche yn Essen. Sturmbannführer dr. Hans Maly, SS-nûmer 5851750, lieder fan de recherche yn Bonn. Sturmbannführer Kiehne lieder fan de recherche yn Keulen. Hauptsturmführer Hellwing, lieder fan de recherche yn Mütheim.... Dit binne mar inkele nammen út in lange rige fan Hitlerlakeijen mei it bloedteken fan de SS ûnder de earm, dy't oer greate polysjemacht biskikke en sels de top fan it polysje-apparaet bisette.
As ‘der Alte’ earst ris opromming hold yn eigen hûs en it mes sette yn de kankerswolm fan it nazisme, dat noch altyd en op 'e nij it Dútske folkslibben bidriget, dan soene syn oanhâldende warskôgings tsjin de kommunistyske diktatuer hwat wierhaftiger klinke en hwat réëler aksint krije.
En hwerom ferget de ‘frije wrâld’ him net? freget men jin ôf, as men dizze forbjusterjende film sjoen hat.
INNE DE JONG