stimpel fan minderweardigens. Mar hja leit him ek net ôf, om in oarenien to kiezen, sels net yn Amearika.
Winliken skriuwt dit boek net nei in takomst ta; it is retrospektyf, it sjocht allinne mar werom om út to finen hwer't alles weikaem, hwerom it sa moat en net oars. En dan steane der yn 'e mist fan it forline in mysterieuze pake, in Janom mei in swier hoede libbensgeheim, in beppe en in mem dy't altyd pleage wurdt fan skuldbisef.
Dêr stiet de legindaryske figuer fan lytse ‘omke’ Petrus, dy't mar fjouwer jier wurden is en dy't hja inkeld mar ken út forhalen; it bern, dat op in bysûndere wize foar God wie. Dêrom is hy jong stoarn, hwant God, dat bitsjut yn dizze formiddens de direkte assosiaesje mei de dea. Bigraffenissen binne de meast spektakulaire feiten, bigraffenissen en stjerbêdden. Hja hawwe har mark biten yn it libben fan de lytse Swobkje, dy't dêr ûnderút wol, mar fan alle kanten fêst sit.
De gesichtsbylden út it forline dy't bleauwen binne swarte jassen, lange skonken fan greate minsken, en grêven, almar wer grêven, dêr't de deaden yn wenje dy't fierder it libben biskiede sille.
Dizze struktuer bitinkende, sjocht men alweroan de deade by de libbene, al mar wer de stjerrende mei holle eagen, dy't yn har lêste ûren ‘boadskippen en opjeften útdiele.’
Dizze Swobkje is in hiel oarenien as Hylk út Ta him dyn bigearte. De leafde forskynt har net as in romantyske en idéale libbensforfolling; wol is hja bang om der oer to bliuwen. Oege is dan ek net de ein fan in rige erotyske aventûren, mar ienfâldich in hâldber punt, dêr't hja hwat memmeynstinkten kwyt kin en hwat iensumens oerwinne.
Oege is in ôffalder; ek hy is ien út it needlottich laech, dat mei tûzen kompleksen bilêstige to wrâld kaem. In seksuéle griemer op 'e grins fan it abnormale, blykt er boppedat ek noch in gnobber út de kas fan syn baes om de keardel to lykjen dy't er net is. En as Swobkje dan yn Joan de greate leafde fynt dy't hja as in stoarm ûndergiet, is har tagedienens foar Oege net tsjin dy stoarm opwoechsen. Mar elke stap nei de bifrijing sil foar har in stap djipper yn 'e skuld bitsjutte. De extase fan 'e leafde kin inkeld opwoegen wurde yn godstsjinstige extase, en dy fynt hja net yn 'e tsjerke.
De skriuwster giet in nuodlik aventûr oan, as hja Swobkje út evangelisearjen stjûrt mei Janom en Mink, in motyf dat letter weromkomt yn de gebedsgenêzer en yn de Billy Sunday-figuer fan Father Baby yn New York; hja rint hjir soms op 'e grinzen fan it ridikule.
Dat ridikule hat nammers noch in oar byld yn dit boek; it forhael fan 'e dwergen. Ek dy dwergen hearre ta de famylje. Yn harren giet it tragyske oer yn it clowneske, en it haedstik dat de komst fan dizze mishipte wêzens yn it doarp forhellet, biheart ta de bêste einen fan dit boek. Sil ek Swobk har net faek op 'e sloppe koarde bijaen, en net faek op in houten fytske foar spot ride?
De leafde fan Swobk wurdt hjir djûr bitelle. Joan, dêr't men sa graech mear fan witte woe, bliuwt op in ôfstân; harren bern is in wankel wêzen, en de man sels stjert by de bifrijing yn Fryslân. Skuld, jitris skuld - net inkeld sichtber makke yn de forwitende figuer fan Oege, dy't har sels yn