De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 18]
| |
Lolle Nauta:
| |
[pagina 19]
| |
literatuer net. Lykwols binne hja net altyd de engagearden par excellence, al soe men it soms út de wissichheit fan har hâlden en dragen opmeitsje en hja binne lang net altyd de mannen, dy't posysje kieze, dêr't soks werklik nedich is, sa't men wolris mei de lintsje-omparters oannimt. Better kin men de funksje fan dizze officials yn de literatuer forgelykje mei de posysje fan de boargemaster op it terrein fan de brân. Hy is net oan it dwêsten. Hy hat it fjûr ek net oanstutsen, mar hy is oanwêzich en syn steatlikheit wurket as in biswarring. Mochten der guon wêze, dy't miene, dat steat, provinsje of gemeente har oer needsitewaesjes net bikroadzje en de saek mar brânne litte, hwer't it blykber brânne moat, dan stiet hy dêr to stean, om it tsjindiel oan to toanen.
De fraech nei de forhâlding fan literatuer en engagemint is in maetskiplike fraech. Hja hat to meitsjen mei de relaesje fan de skriuwer en de maetskippij en it is mei dy forhâlding blykber net yn oarder. It probleem fan it engagemint - de fraech: moat in skriuwer him ynsette en sa al, hwerfoar? - soe nammers oars net opkomme. Sa net, ek de officials yn de literatuer, de maetskipliken, dy't oansitte oan de banketten ta eare fan de muze, litte sjen, dat der mei dy relaesje eat net doocht. De medaille fan de oanpassing hat ek hjir in oare side. Hja soene har net sa drok meitsje, as der neat to rêdden wie en net sa iverich har pinnetiid yn har penklub stekke, as hja har sa ek wol ‘senang’ fielden. Hja spylje de skriuwer, sadat hja him net mear hoege to wêzen en agearje sa drok, dat hja har fakentiden net mear engagearje. It sjocht sokken ta de eagen út, dat der in tsjinstelling is tusken de skriuwer en de maetskippij, al kin men dy tsjinstelling ek wol bûten har om op it spoar komme. De maetskippij is nammers yn kunstnersrounten en yn de groepen, dy't fanwegen struktuer en mentaliteit mei dy rounten forgelike wurde kinne, net populair. It wurd ‘sosiael’ hat dêr in bysmaekje, oan amtners sit yn it foar al in forkearde lucht en de neidielen fan de wolfeartssteat, dêr't men yn en fan libbet, wurde der breed útmetten. It stiet goed om oars to wêzen, skamje moat men jin foar gelikensens en men is earst minske, as men der útkipt. De kearside fan de maetskippij fynt men net yn 'e slums, de efterôfbuerten en de fortochte kroechjes, dêr't neffens kapitalistysk bigryp it útskot húsmannet, mar yn de ‘bettere’ rounten, dêr't gauris in soarte fan bohémienmentaliteit kweekt wurdt, dy't fungearret as de idéologyske momkape fan de oanpassing. Allinne de karrière ommers kin him it kwea gewisse oer de karrière permittearje. Allinne de wolfeart foar eltsenien makket de kokettery mûglik fan it oars-wêze-wollen fan allegearre. De fraech nei de forhâlding fan literatuer en engagemint is in maetskiplike fraech. It binne sawol de engagearden, dêr't ik dus foarlopich dyjingen mei bidoel, dy't har mei wurd en gebeart ynsette foar it algemien bilang, as de net-engagearden, troch hwa't kokettearre wurdt mei de ûnmaetskiplikens, dy't har oan dy fraech ûntwine. Dat is de oerienkomst tusken beide groepen, dy't by de graesje fan inoar bisteane, sa't dat ek mei de studint en de boarger it gefal is. Yn studinte-rounten is men ‘outcast’, as men de sin fan de saneamde studintikositeit bitwivelet. Foar de boarger oer - in namme, dy't allinne noch brûkber is, salang't der studinten bisteane - | |
[pagina 20]
| |
makket men jin skuldich oan in deasûnde, as men net leaut yn de absolute sin fan status en karrière. In romtinkend boarger, ien dy't fierder sjoen hat as syn televisy-tastel breed is, twivelet dêrom net oan it goed rjocht fan de studintikositeit, in studint, dy't wit, hwat er wol, likemin oan dat fan de karrière. Hja binne yn de tsjinstelling gelyk, sa't ter braak tritich jier lyn al sjen liet. De reünist, dy't tsien of tweintich jier nei syn stúdzje yn syn âlde studinte-stêd werom komt om it der ris goed fan to nimmen, is dêr it bêste foarbyld fan. Sa is it ek net lestich en toan de oerienkomst oan tusken de engagearden, sa't ik de officials yn de literatuer eefkes neamd haw en de net-engagearden, dyjingen, foar hwa't artistyk en ‘oars-as-in-oar’ itselde is. Krekt de man, dy't yn wêzen allinnich mar de bilangen fan syn eigen groep fordigenet, as er literaire krityk bidriuwt, wol der sa graech in bytsje oars as in oar útsjen. Dy yllúzje hat er nedich. Foaral dyjingen, dy't net bysteat binne en brûk it wurd ‘sosiael’ yn positive sin, sitte sa graech op in espeltsje. It is noflik, om oars to wêzen, mar de iensumheit, dy't it meibringt, is minder oangenaem. It makket lustgefoel wekker, as men jin in bûtensteander fielt, mar de lust slacht om yn ûnlust, as men sok fielen net mei oaren diele kin. Wol it noflik wêze, om ûnderskieden to wurden, dan moat it ompartsjen fan ridderoarders in kollektyf barren bliuwe, dêr't de karrider likegoed diel oan hat as de kommissaris fan de keninginne. Der wie in pear jier forlyn yn Ingelân in jong skriuwer, in ‘angry young man’, dy't in boek publisearre oer syn visy op de wrâld en it libben, dat er the outsider neamde. Yn dat essay komme sa ûnbidich folle sitaten foar út de hjoeddeiske literatuer en filosofy, dat de outsider colin wilson feitlik in mienskip fan outsiders stiftet. Is it tafallich, dat de skriuwer de wyks nei de forskining fan syn blomlêzing-eftich essay mear as tûzen brieven krige fan minsken, dy't harsels ek foar ‘outsiders’ hâldden? De mei safolle wurden engagearden, dyjingen, dy't foar alles sosiael wêze wolle, en de net-engagearden, hja dy't skou binne foar it sosiale as wie it de pest, binne ien. Dat wol sizze... hja binne net engagearre.
Men kin skriuwe, om jild to fortsjinjen of om't men in opdracht hat; men kin de pinne hantearje om't men slim fan in frou hâldt of ûngelokkich troud is; men kin it dwaen fóár de biweging of dertsjin; men kin it meitsjen fan fersen biskôgje as in persoanlike therapy; men kin ek in boek skriuwe om't men der nocht oan hat of ienfâldich om't men net oars kin en de lêsten sille wier net tin siedde wêze. Hoe't men lykwols jins skriuwerij ek rjuchtfeardiget en rationalisearret, finânsieel, erotysk, psychologysk of mei in birop op de godlike ynspiraesje, dúdlik mei wêze, dat de maetskiplike funksje fan de skriuwer net dúdlik is. Ek al hat eltsenien der syn tinzen oer, gjin minske wit by eintsjebislút, hwerom't der sokssahwat as ‘kunst’ is, en de kunstner alhielendal net en allinne hjirom kin it probleem fan it engagemint opkomme. De fraech nei it engagemint soe net bistean, as de funksje fan de skriuwer hjoeddedei net twivelich wie. Men kin dy stân fan saken op alle mûglike wizen omskriuwe en bineame, marsman sitearje, dy't net sûnder pathos dichtet oer de spjalt tusken him en it folk, jin synysk útlitte oer it beurze- en prize-stelsel, dat allinne foar de rânstêd | |
[pagina 21]
| |
hollân liket to bistean, it jowt allegearre net safolle. It is nou ienkear in feit, dat de maetskiplike funksje fan de skriuwer net fêststiet of leaver. dat de maetskiplike sin fan hwat er docht net trochsichtich is en dat de skriuwer der dêrom altyd op de iene of oare wize by troch rekket en net ‘meikomme’ kin, ek al fortsjinnet er genôch en sit er foaroan yn tsjerke of yn de penklub. J.b. charles, de hollânske essayist, dy't yn earder dagen nettsjinsteande syn idelheit sûnder mis engagearre wie, forkundiget de lêste tiid noch alris, dat it non-konformisme op in skynprobleem delkomt. Charles praet de ûnmaetskiplikens fan de skriuwer goed mei it maetskiplik bilang fan de takomst. De non-konformist is yn lêste ynstânsje ien, dy't fierder sjocht. Syn non-konformisme, sa kin men charles syn miening gearfetsje, is altyd in foarm fan konformisme op de lange baen. Efterôf sjoen, mei dat wier wêze en it mei de sosiologen en oare dogmatisi fan de oanpassing leaflik oanhearre, omdat hja tsjinoer safolle net oanpaste kunstners òf har respekt foar de kunst opjaen moatte òf har sosiale théory, it is dêrom noch net sa. De non-konformistyske kunstner ommers, de man dy't troch hokker wei dan ek needsake is ta protest, is mei de sin fan syn iensumheit net op de hichte. Oft syn hâlding in maetskiplik nuttich effekt opleverje sil, is him net bikend. Hy kin gjin kredyt opnimme by in takomst, dy't noch net bigoun is. Dêrom is de these fan charles to bigripen as de gedachte fan in oarspronklik non-konformistysk essayist, dy't letter heechlearaer wurden is, mar dat is dan ek alles. Syn takomst is bigoun yn tsjinstelling ta dy fan party oaren. Dat bitsjut, dat de fraech nei it engagemint yn de iene of oare rjochting, dêr't fakentiden in net-engageardwêzen yn alle oare rjochtingen út folgje sil, in wichtiche fraech is.
Op de namme fan jean-paul sartre, skriuwer en filosoof, direkteur en oprjochter fan it tydskrift les temps modernes, stiet in théory fan it engagemint. Sartre wol ha, de skriuwer sil him útdruklik to war sette tsjin de misère, dêr't safolle minsken anno domini noch altyd yn libje. Hy is dêrta ek yn steat, omdat er frij is, frij om to kiezen en him yn to setten, sa't er wol. Sa tige wurdt de frijheit fan de minske troch sartre forabsolutearre, dat men wol bislute moat, dat it der mei dy frijheit yn it troch party snobistysk forhearlike frankryk blykber mar min foarstiet. Tige dúdlik hat sartre him yn syn essays oer de politike bitsjutting fan sok engagemint útlitten, mar hy hat ien fraech net steld, lit stean biantwurde. Ynhoefier kin in kunstner, ien, dy't net allinne biwust dwaende is, mar dy't yn syn wurk ek diel hat oan de net biwuste wrâld, sa't wy dy allinne út 'e fierte kinne - as dream bygelyks, as erchtinken of religy -, him biskiede litte fan in programma? Is hy wol bysteat en set him biwust yn op in plak, dêr't de weardichheit fan de minske bidrige is? Sartre moat dit probleem wol field hawwe, hwant hy makket bihalven foar de skilders en komponisten, dy't har allinne fornuverje soene mei de ‘imagination’, ek foar de dichters in útsûndering. Hja binne ek it slachtoffer fan har fantasij en ek fan har kin men dus net forwachtsje, dat hja protestearje sille yn har wurk tsjin it marteljen yn algerije of de koloaniale bisetting fan nieuw-guinea. Der bliuwe dus allinne proazaskriuwers oer. Inkeld fan auteurs fan romans en esssays mei men forwachtsje, dat hja de minsklike | |
[pagina 22]
| |
frijheit réalisearje troch to protestearjen tsjin hwat dy frijheit bidriget. Nijsgjirrich binne yn dit forbân de lêste rigels fan it sahwat tritich bledsiden lange bigjinselprogramma fan les temps modernes. Fansels, sa skriuwt sartre ynienen ûnforwacht, ek fan engagearde skriuwers, fan mannen, dy't protestearje tsjin de misère, forwachtsje wy, dat har wurk ‘literaire wearde’ ha sil. It is my net dúdlik hwat ‘literaire wearde’ bitsjutte moat, as men de kunst earst forwiisd hat nei de moanne fan de ‘imagination’. By einbislút bliuwt der foar sartre in dualiteit oer: oan de iene kant de kunstner as skepper fan forbyldingen, in noch al bjusterbaerlik wêzen, dat blykber min ofte mear autonoom is en yn gjin gefal bysteat en draech forantwurdlikheit; oan de oare kant de proazaisten fan it engagemint, dy't har rjochtsje op de maetskiplike réaliteit fan it eagenblik. Hwat kin it ynhâlde, as sein wurdt, dat ek it wurk fan de lêsten literaire wearde ha moat? Mei har wurk net allinne protestearje, mar moat it ek moai wêze of op oare wize bihaegje? Of bisiket de skriuwer-filosoof troch de efterdoar wer yn to heljen, hwat er rejael troch de foardoar útlitten hat? Sartre hat nei myn oertsjûging as tydskriftlieder en non-konformistysk skriuwer persoanlik it engagemint yn praktyk brocht. Men hoecht mar to tinken oan syn skerpsinnige analyses fan de psychyske eftergrounen fan de tramtaesjes, dy't de frânske ‘para's’ yn algerije de biwenners fan dat lân oandogge. De fraech lykwols nei de forhâlding fan literatuer en engagemint hat er net biantwurde, mar yn it midden litten. It riedselige midden fan de minsklike frijheit, dy't fan sartre, as goed frânsman greatbrocht by descartes lykas party nederlanners by de bibel, foar in absolutum oansjoen wurdt. L'homme est condamné à liberté.
It is de ûnfrije forhâlding fan de kunstner ta himsels, dêr't sartre syn frijheitsthéory de eagen foar slút. In kunstner is nou ienkear net to forgelykjen mei in toerist, dy't der op in bipaeld stuit fan oertsjûge wurde kin, om in oare reis to meitsjen as dy't er yn de holle hie. Jou programma doocht net, kin men him sizze, as er bygelyks nei spanje reizgje wol. Jo sille nei in lân, dêr't it der mei de minsklike frijheit net sa bêst foarstiet. Jo moatte Jo net forrifelje litte troch de freonlike hâlding fan de navoevangelisten foar franco en syn maten oer. As de reizger soks ynsjocht, sil er syn programma foroarje. Hy kin ommers ek wol op fakânsje yn in oar lân en oan in oar strân as it spaenske de froulju biwûnderje. Hy hat syn programma sels makke en kin it dus ek sels wizigje. Dêryn forskilt er fan de skriuwer, fan de man, dy't wier in kunstner is. Mei dy syn wurk kin men net omgean as mei reisprogramma's en fakânsjeplannen. Hokker type skriuwer hy ek is - en der binne likefolle fariëteiten as minsken op ierde... - hy reizget net neffens in plan, dat men foartiid omskriuwe kin en oanjaen. Hy konfrontearret him, hwannear't er wurket, mei it minsklik bistean, in saek, dy't ik foarlopich, ek sûnder geheimsinnich dwaen to wollen, dochs mar it leafst as in riedsel omskriuwe wol. Oft er skilder is of komponist, dichter of filmregisseur, mei dit riedsel is er dwaende. Hy reizget yn in gebiet, dat yn tsjinstelling ta de oarden, dy't fan fakânsjegongers bisocht wurde, noch net yn kaert brocht is en hwat moat er dus mei in programma bigjinne? Yn sté fan frij to wêzen foar himsels oer, is | |
[pagina 23]
| |
er boun oan himsels, al soe it allinne mar wêze troch syn talint, syn kapasiteiten yn de iene of oare rjochting. As men it oer syn forantwurdlikheit ha wol, dan leit dy net yn it foarste plak, sa't sartre mient, yn in eventueel protest tsjin de atoombiwapeners mei it kwea gewisse of de pasifisten mei allinne mar gewisse, tsjin antisemitisme of kolonialisme, mar yn syn hâlding foar syn wurk oer en nearne oars. In dichter hat fersen to meitsjen, dat is alles. As er it oer oare boegen smyt en de bohémien spilet of him fêstset yn arrivisme, syn idelheit bifrediget yn maetskiplike funksjes of syn heil siket yn ûnmaetskiplik lange hierren, dan hat dat mei dichtsjen neat to meitsjen. Hy moat der foar soargje, dat, hwat er makket, goed dien wurdt. The rest is silence. Hy is gjin fakânsjegonger, mar in ûntdekkingsreizger en it is skoan to bigripen, dat er fakentiden it mier hat oan de lju, dy't him mei engagemints-programma's oer it mad komme.
Nijsgjirrigernôch wol dat net sizze, dat de kunstner der persoanlik nea in programma op nei hâlde sil. Nettsjinsteande de ûnfrijheit dêr't er yn tahâldt - in feit, dat sartre leagen hjit - flaneart er dochs fakentiden mei ‘programma's’. Alhoewol't syn wurk net programmatysk forrinne kin yn tsjinstelling ta it arbeidzjen fan de measte oare minsken, oft men tinkt oan in fakânsjegonger of oan in minister, bisiket er dochs fakentiden mei syn kunst eat to dwaen, der dìt mei to birikken en dàt perfoarst net. Alhoewol't er yn lêste ynstânsje net wit hwat er wol, mient er dat somtiden o sa goed to witten. Net altyd wol er syn ûnwittendheit wêze en syn programma moat dan de skamte foar syn ûnmacht forbergje. It skriuwerskip fan dostojewski yllustrearret dat dúdlik genôch. Dostojewski skreau syn greate romans, dy't wrâldforneamd wurde soene - de bruorren karamazow en de idioat, de jongfeint en skuld en boete - om it russyske folk to bikearen ta in russysk kristendom. Dostojewski forwachte de werkomst fan Kristus yn moskou, seach yn it sosialisme in út it westen ynfierd fordjerlik middel en bisocht mei syn romans it boadskip út to dragen, dat it folk en foaral de kunstners en yntellektuélen, dy't har fan it folk forwidere hiene, bikeare soe. Yn dit programma sette de skriuwer syn ûnmacht yn macht om, mar as syn romans allinne it boadskip brocht hiene, dat dit programma bifette, dan hie men dy yn de wrâld likemin opmurken as de fryske literatuer. De bruorren karamazow is net in greate roman, om't dostojewski yn dit boek in russysk kristendom forkundiget, mar omdat er kunstner genôch wie en jow de leauwigen, dy't er tekene, it selskip mei fan rigoureuze goddeleazen, dy't yn syn wurk fûlder op de tsjettel slane as de leauwige kristenminsken, dêr't de skriuwer biwust en programmatysk efter stie. It wurk fan dostojewski is great nettsjinsteande it engagemint fan de man, dy't it skreau. It is foar in part sels in ûntkenning fan syn programma. Sa kin dizze skriuwer populair wêze yn it ruslân fan hjoed en wier net allinne by dyjingen, dy't har dêrre troch it kommunisme bidrige fiele, sa't wy oan dizze side fan it gerdyn mar al to graech oannimme. Sa is dus it probleem forskerpe. De minske kin ornaris in programma folgje. De kunstner stiet minder frij foar himsels oer. Ek as er him útrist mei in programma, dan garandearret dat syn wurk gjin wearde en allikemin oertsjûgingskrêft, ja, men mei sels hoopje, | |
[pagina 24]
| |
dat er bysteat wêze sil en ûntken yn syn wurk it programma, dêr't er him mei identifisearre. Dat is de reden, dat de boeken fan ûnleauwige kunstners kristliker wêze kinne as dy fan leauwigen en dat it wurk fan kristenminsken somtiden nihilistysker is as dat fan har atheïstyske bruorren. Dostojewski, de kristen, wie better op de hichte mei hwat er yn de siel fan in twiveler omgong as syn forljochte kollega-skriuwer toergenjew. De tradisionéle regionale of kristlike romans - ik skriuw mei opsetsin: tradisioneel - dy't der op it earste each sa engageard útsjogge, hawwe om dy - wier net esthétyske - reden neat út to stean mei literatuer. It forhael mei nij wêze en spylje yn easterlittens ynsté fan yn dokkum, it skema is altyd itselde: de tsjinstelling tusken stêd en plattelân en dy tusken sûndichheit en bikearing. Hja binne ynfoloefeningen, bringe neat nijs en binne wol regionael of kristlik, mar gjin roman. Sels it wurk fan sartre is yn dit forbân in foarbyld. Sartre fordigenet de needsaek fan it engagemint op groun fan hwat er de minsklike frijheit neamt, mar syn wurk ymponearret dan it meast, as it de ûnmacht fan de minske registrearret.
Net allinne sil in great skriuwer it programma, dat er der yn maetskiplike sin op nei hâldt - en hwerom soene der ûnder de skriuwers net likefolle wrâldforbetterers en idéalisten wêze as ûnder de oare minsken - yn syn wurk foar in part wer ûntkenne, ek it omkearde is wier. In skriuwer sûnder programma, in man, dy't mei it maetskiplik libben neat út to stean ha wol, kin programmatysk komme to funksionearjen. Efterôf kin bliken dwaen, dat hy, dy't him alhiel net engagearre, lykwols in bipaeld engagemint réalisearre. In man as kafka ynteressearre him foar maetskiplike fraechstikken net. Hy wurke yn iensumens en hie it oan him lein, syn romans wiene nea publisearre. Yn de neilittenskip fan kafka founen se in lyts briefke mei it forsyk alles to forbrânnen en neat oan de iepenbierens priis to jaen, in forsyk, dêr't max brod, kafka syn freon en executeur testamentair (!), net oan foldien hat. It nijsgjirrige nou is, dat men dizze romans, dêr't de skriuwer net mear foar stean woe en dêr't er yn gjin gefal in maetskiplik doel mei op it each hie, ynterpretearje kin as labyrint-eftich opsette persiflaezjes fan it maetskiplik libben; boeken, dêr't it fordrukt wurden fan de minske troch de ynstitúsjes, dy't er sels yn it libben roppen hat, liiflik en obsedearjend stal yn oannimt. Vestdijk hat ris yn st. michiels-gestel, ien fan de gizelerskampen fan de dútskers, in lêzing hâlden oer der prozess fan kafka, it forhael fan in man, dy't biskuldige wurdt, sûnder dat er wit hwerfan en hwerom. De dútskers hiene gjin biswier makke tsjin de gearkomste en ek net tsjin it ûnderwerp. In kausery oer literatuer wie ek yn har eagen in ûnskuldich tiidfordriuw fan yntellektuélen. Yn it forhael lykwols, troch vestdijk neiforteld en fan him mei in klinysk each fan de fakman analysearre, founen de finzenen harsels werom. De skiednis fan de anonimus josef k., dy't de dupe wurdt fan machten, dy't er net bineame kin, lit stean birikke, wie it forhael fan har eigen sitewaesje. De roman fan kafka is net it boek fan in engageard auteur yn de sin fan sartre, mar de roman wáérd yn dy sitewaesje engageard. Kafka skreau allinne oer en foar himsels, mar dat sa radikael, mei | |
[pagina 25]
| |
sa'n folsleine en suvere forantwurdlikens, dat it de lêzer fan syn boeken wêze kin, as gong it oer syn eigen bistean.
Yn it essay qu'est-ce-que c'est la littérature?, dêr't it bigjinselprogramma fan les temps modernes sosiologysk yn taljochte wurdt, hâldt sartre út, dat in goede roman fan in konservatyf skriuwer ûntinkber is. In roman, dêr't de iene of oare foarm fan fordrukking yn oanpriizge wurdt, kin as roman nea slagge wêze. Lang haw ik dit in iensidige útspraek foun, faeks bigryplik fan in frânsk skriuwer, dy't nou ienris yn syn lân tsjin in soad konservatisme, fascisme en boargerdom protestearje moat, mar dêrom noch net wier. Dostojewski is der, sa tocht ik, om it tsjindiel to biwizen. Hy wie in politicis slim konservatyf en mocht yn de twadde perioade fan syn libben heite czaer graech tsjin de sosialisten biskermje. Ik leau lykwols, dat myn redenaesje forkeard wie en dy fan sartre yn dit stik fan saken yn oarder. Hwer't it op oankomt is, dat dostojewski him altyd ynset hat foar de fordrukten en wol de czaer, mar nea dy syn misdieden foar syn rekken nommen hat. Yndied, in roman, fers of essay fan, lit my sizze, in nasionael-sosialist of antisemyt troch alles hinne, fan in konservatyf kolonialist of hokker minskeforachter ek, is ûnbisteanber. Yn dit opsicht moat ik it mei sartre iens wêze. It is ûnfoarstelber, dat in kunstner hjoeddedei partij kieze soe tsjin de fordrukten en foar de fordrukker. Sadré't er dat docht, is er gjin kunstner mear, kin er net mear skriuwe. Dat is lykwols net sa, omdat yn him de minsklike frijheit stal oannimme soe, mar krekt oarsom. As ien dy't sels lijt, as ien, dy't sels nea folslein biskikt oer himsels, sil er him altyd identifisearje mei de fordrukten en hy sil dat noch faker ûnbiwust dwaen as dat er it biwust propagearje sil. As ik neitink oer de forhâlding fan literatuer en engagemint, kom ik ta in paradoksale konklúzje: oan de iene kant stiet fêst, dat men fan de kunstner by foarried gjin engagemint easkje kin. Hy is ommers net frij om to dwaen en to litten hwat er wol. Hy is net bysteat en lit syn wurk troch it ien of oar maetskiplik en polityk program biskiede. Hy is allinne forantwurdlik foar it wurk oer, dat er makket. Dat is de iene kant. Oan de oare kant hoecht men net in soad lêzen to hawwen om yn to sjen, dat yn dizze tiid de greate kunstner him altyd ynset foar de minske, dy't lijt, oft men tinkt oan steinbeck of brecht, vestdijk of kafka, camus of hermans. De kunstner kin yn dizze lêste sin engagearre wêze, omdat er net de biskikking hat oer himsels. Hy is oan himsels ‘oerjown’ of oars sein: hy is ynsafier hjoeddedei in útsûndering ûnder de minsken, dat er noch bysteat is en stean himsels ûnmacht ta. It ‘engagement’ fan de kunstner bistiet yn syn ûnmacht as minske. Syn kunstnerskip is sûnder dy ûnmacht net to tinken. As charlie chaplin, ien fan de greate kunstners fan dizze ieu, dy't ûnder it teken stiet fan de gaskeamer, syn films makket, hat er meastentiids gjin maetskiplike forbettering of oar polityk doel foar eagen. Dêrút folget lykwols net, dat dizze lytse man, fan hwa't sa folle minsken hâlde oer de hiele wrâld, him yn in souvereine artistike frijheit allinne fornuverje soe mei syn eigen ‘imagination’. As chaplin spilet, spilet er altyd syn eigen forline, it forline fan in fordrukte. Dêrom giet it, as men chaplin sjocht op it wite doek, krekt altyd mis mei de lytse man. De hân fan de frou, | |
[pagina 26]
| |
dy't er streaket, blykt de hân to wêzen fan in polysjeman, dy't him efternei sit. It iten op syn panne is op it momint fan in greate honger, in âld skoech, dêr't er yn omhaffelet as wie it in spekpankoek. As sokke dingen barre, moat men laitsje. Men moat sa laitsje, dat jin de triennen yn de eagen komme. Chaplin, it type, dat altyd de dupe is en fan hwa't ek dyjingen hâlde, dy't van het reve en hermans, camus en sartre, mei hillige forûntweardiging fan har wize, spilet altyd de fordrukte, oft er wol of net en allinne om dy reden is er in great kunstner, dy't al foar de oarloch bysteat wie en nim it op foar de joad en tsjin de diktator. As chaplin hjoeddedei kommunist is, lykas picasso, dan komt dat, omdat er wennet oan dìzze side fan it izeren gerdyn, dêr't de kunstner net in soad mûglikheden litten wurde, om solidair to wêzen mei syn konfrater, de minske, dy't der biroerd oan ta is en dy't likegoed yn himsels wennet as nêst de artistyk útsjende doar, dêr't er him sa graech efter biskûl hâldt.
Sadré't men fan de kunstner sok engagemint, dat wol dus sizze: ûnmacht, easket, kiest men de kant fan de... fordrukker. Wegeret men lykwols syn machteleazens as ‘kunst’ to ûndergean, dan hâldt dat de wegering yn om ta to jaen, dat men heart by de maetskippij, dy't hjoeddedei, ek al rikt hja prizen út en struit hja mei reisbeurzen, fungearret as de fordrukker fan de kunstner. Dêrom is it net mûglik en easkje fan de kunstner engagemint. Wol is it mûglik it wurk, dat foar jin leit, op syn ‘engagement’ to ûndersykjen. Dêrom hat net de literaire kunstner, mar yndied de literaire kritikus, as de man, yn hwa't it kunstwurk, dat foar in part ûnbiwust ûntstiet, biwust reflektearre wurdt, yn it foarste plak oan de eask fan it engagemint to foldwaen. Foarsafier't it in literair kritikus giet om esthétyske kwestjes of saneamde literaire ‘wearden’, forkundiget er inkeld en allinne de biheinde bilangen fan in groep. Dat dogge suver alle literaire kritisi yn nederlân. Fan max b. teipe, de middle-brow mei de frijsinnige stim, oant en mei paul rodenko, de high-brow mei it yntellektuéle lûd. De kritikus hoecht him net ôf to freegjen, oft in boek moai is of net moai. Dat dogge de lêzers sels wol en hja sille har miening wier net om him foroarje, hwannear't hja dochs al net hearre ta de groep, dy't er represintearret. De kritikus hoecht mar oan ien eask to foldwaen. Hy moat ré wêze de dupe to wurden fan hwat er lêst, om sa it ûnbiwuste engagemint fan de kunstner, hwaens ûnmacht út soarte de ûnmacht spegelje sil fan de minske fan hjoed, om to setten yn in biwust engagemint. As syn krityk op de kunstner, dy't er sa faek bioardielet fan in heger lizzend stânpunt út, foroaret yn solidariteit mei de ûnmacht fan de kunstner, dan kin it wêze, dat er mei de minske dy't lijt in lyts bytsje solidair is.
- oan de neitins fan albert camus - |
|