De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 14] [p. 14] Sjoerd Spanninga: It Perzysk tapyt Men seit dit kostlik kleed is suver hantwurk noch hwant it geduld fan ieuwen weefde men der troch en om't syn fjûr it heimich wêzen woun út bloed hat it dy waerme kleuren en dy doffe gloed en set de foet him del dan jowt de stoffe mei men sakket der by elke sykhel djip yn wei: sa makket men fan Allah's herten in tapyt dat wol in minskelibben leit ear't it forslyt. Nachtgedachten Hoe sulverich biskobbe is my fannacht it hert in stjerrejacht fan fisken is oer de himel set ik sjoch de oertiid streamen en 't skeppen fan de foarm hwat waeit yn alle stilten hwat swijt yn eltse stoarm. Steppeliet De loft dy wie sa pluzich as in wolbeam mar ûnder de bikoaring fan dyn sinnehoed in kapwein syn fordek lake my dyn wêzen ta mei skelmske skitteringen doe wist ik bliid dou bist myn hannen en myn eagen en myn mûle en by it sjongen fan de tsjillen sprong yn my it hert omheech in springbok op de trek weidounsjend oer it oksespan de tiid syn swiere stap mar al de sterke dieren stiene stil en harken nei it steppeliet de brede skoften tsjin de reade joun doe't wy fan fjildgroei ús in kampfjûr makken de nacht syn stjerrebloei úthong [pagina 15] [p. 15] wytljochtsjende jasminen en 't libben waerd ûneindich goed in glânzjend djippe frede dauwe yn my del dat fonkele myn woastenij út langforgetten grien it krige wer de simpele gedaente fan in negerhut en tagelyk it mylde oansjen en it sêfte tinen fan dyn jonge lea hwant ek yn dizze waerme skûle gie foar 't eigen bloed wol tagedien de nap mei molke roun. De fiskers De goede rook fan tou en tar sil har wol altyd bybliuwe it baeijen fan it wetter en it wier en 't driuwen fan in reade moanne yn har goudzjend flues in skynsel út 'e siele sykheljend op de ré en dan de slûge seilen dy't har yn in blakte ha forhongen of 't batsen fan de boech en brûzjen fan de weagen troch de sinne de hichte fan it moed by fligend tij en 't guorljen letter oan it havenhaed it lûken lâns de peallen it kleiliet dat de kobben songen mei har wylde snebbe en tiden dat men noch in gearsit socht om skotfrij praet en skomjende forhalen de ljuwe taend fan waer en wyn in netwurk it gesicht ynwebbe en mei in driging oer it wurd bywilen bibelsk hast fan wêzen en gebeart in sterke stilte wuoljend om it waeijend lûd en hwat wiidsichtichs yn de skerpe fûgeleagen mar soms ek in baskule hwer't de wangen al de wichten heal fan woegen [pagina 16] [p. 16] hwat maelt sok folk de chemyske formule fan it libben en de struktuer fan dizze wrâld hja geane foar gjin wittenskip oerstaech - dochs soe 't har faeks gjin nij dwaen koe men harren melde: bloed en sé hja binne beide sâlt en út itselde laech... Fan boeven en boargers It skimerljocht sit stil yn 't finsterbank in grize boarre - dan docht de houn in útfal dat de joun sjocht om en mei in blaf slacht him it hikje ticht - in masker foar komt wylst de moanne út de wolkens wei hwant albigear segent de pong hy áéit it jild - §$ §$ §$ o dy neven o dy neven ropt in fanke yn 't plantsoen se stekke jin dwers troch alles hinne mar in stim dy gounzet eigen skuld hwerom rinne jim ek sa neaken - in ein fierderop raest in bern alle stjerren fan 'e loft hjir leit grif in lytse militair yn 'e widze dy't de wapenrok to krap wurdt - en dan komt de klap op 'e pûde twa apen litte in hearskip skrikke dat er flokkend in fûst makket tsjin it rudige reau - in pear froulju hawwe in oar by de kop in nije biezem meije se net brûke de âlde moat oan 'e stobbe ta ôfskrobbe wurde dit wiisde wol op minsken mei in sunich aerd - hawar earne foar my út rint it petear oer geastlike dingen [pagina 17] [p. 17] dus op mansjesteren klompen: yn fromme tiden koe men noch genietsje fan in flinke brânsteapel foar de ketters en dan wie de himel wer himmel mar kom dêr nou ris om! - forsjoch jo der net op der wurdt oan arbeide - ik hear it al hja tekenje de takomst de martlersboeken binne noch net út 'e tiid... mar hwat is 't oars kostelik sa'n kuijerke min kin gewoan by iderien nei binnen sjen de lju dy hawwe stik foar stik in keurich ynterieur - mar ho hwat ha wy hjir evangelisaesje tink de man wol ha wy binne allegear gelyk pausen en prelaten en de grouwen en de finen is men tweintich talen ryk of in bokkerider op 'e jiskebak: kérrefrachten fol smearlapperij as wy it rjochte leauwe en de genede net ha en de sprekker knikt my krigel ta wie ik soms yn syn gemeente in fordwaelde humanist dat myn stap is net sa selsbiwust mear as ik mei in sûzer yn 'e holle oer it rap en rút stadich wer op hûs oan set... Vorige Volgende