Durk van der Ploeg:
Erupty fan wurden
ella wassenaer, reade runen. quatrebras, fiifde jiergong, oktober 1959.
Doe't sa likernôch tsien jier lyn it avantgardisme syn yntocht die yn de fryske literatuer, wist nimmen hwat ús dêrmei boppe de holle hinge. En feitlik witte wy mei de forskining fan de bondel reade runen fan ella wassenaer noch mar kwalik hwer't wy oan ta binne, om't de elemintaire stadia fan de eksperimintéle poëzij ek yn dizze bondel amper of net to ûnderskieden binne fan itjinge yn wêzen in fuortsetting fan de eksperimintélen bitsjutte wol, of as sadanich in pretinsje hat.
As ik de dichteres hjir yntrodusearje soe as in poète maudit ûnder de fryske eksperimintélen, dan hie ik wier tofolle sein, al bin ik fan bitinken, dat har wurk yn it ramt fan de avantgardistyske biweging in eigen signatuer draecht. Dat seit lykwols op himsels neat, om't dit in forliking is by in totaelbyld. En de kreätive krêft dêrfan stel ik hjir net neijer oan 'e oarder.
Nou rint men as eksperiminteel yn Fryslân net gau de kâns net origineel to wêzen, hwant dêrta bistiet alle romte, mar dochs hat dizze poëzij hwat eigens, dat miskien likefolle foar as tsjin dit wurk pleitet.
De poëzij fan ella wassenaer soe men yn ien kear biflappe kinne ûnder de rankuneuzens en mistreastigens, hwermei in great diel fan de eksperimintéle poëzij bistimpele wurdt. Ik doch dat lykwols net, om't ik dêrmei in part fan dizze fersen ûnrjocht dwaen soe. Hwant dwers troch alle tokoart en warleazens fan it bistean, dat yn dizze poëzij aksint kriget, liedt der in wei nei de fordraechsumens; nei it net los litte kinnen, net út it bisef dochs libje to moatten, mar as thema dat de autentisiteit fan dizze fersen bifêstigje moat, mar it spitigernôch net altyd docht.
It ûntstean fan dizze fersen leit yn de wikseljende spanningen fan it tokoart, dat by ella wassenaer hinne en wer slingert tusken de poalen fan leafde, bigearte en langstme oan de iene kant, eangst en twivel oan de oare kant. Hieltyd wer wurde dizze eigenskippen en machten yn de minske tsjin elkoar oerset, hwerby't ella wassenaer bisiket to oerwinnen troch de leafde:
mei minefjilden fan wanbigryp
mei myn kûgelrein fan langsten
Slagget it har lykwols net lâns de wei fan de leafde, dan wurdt de toan yn har fersen wrantelich of ironysk: