De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 9] [p. 9] Inne de Jong: Derom Fier hawwe wy it brocht, ús forstân, ús technyk steane foar neat, de stiennen lizze har siel, it uranium en it wetter har lêste geheimen bleat, produksje fan de a- en de h- en aensen de kobaltbom oan de rinnende bân, wy geane, mei de hel fortroud, mar deabinaud, mei de dea hân oan hân, de geast wurdt oan de robot forret, ús lêste hope is d' atoomraket, it lêste fisioen: in foege satellyt, dy't in mûs en in aep as offerdieren yn de romte smyt. Yn dizze wrâld spilet God syn stille muzyk en bout ûnwjersteanber it kommende ryk. Wy telle op, Hy telt ôf en ús forspile tiid spielt ûnder syn hannen wei nei de greate dei, en dêrom is 't, dat noch altyd de wyn fan de wolkens waeit, it gers groeit en de blom bloeit, dêrom kin in iensum minske, dy't yn 't neakene gewelt fan de himelbistoarmers en de fjûroanbidders stiet, mar efter de kimen it preludium heart fan it nije liet, syn binearing oerwinne en wachtsjend op 'e nije ierde de âlde biminne, dêrom kin Albert Schweitzer [pagina 10] [p. 10] de sike negers genêze en in optein bern it skrift fan de stjerren lêze, dêrom bidt in mem foar har forlerne soan en sjongt in dichter oer syn ûntsetting hinne mei wyn en fûgels yn de maeijemoarn. Dichter en dea Yn it swiere pleit tusken dichter en dea kiest er posysje yn it jountiidsrea, dat ear't it yn de waeksjende skimer fordwynt, sa glorieus oan de kimen skynt, in apotheose fan de dei, dat de winnende nacht nimt it oantinken mei op syn heimige paden, en it noarden lâns is it midnacht jit ljocht fan in fiere glâns. Sa skriuwt er mei de reade gloed fan syn tael, it teken fan syn wurd, it minsklik forhael tsjin de binearjende eftergroun fan de jimmer bywêzige driigjende dea, yn syn earen de droan fan de swarte trom en de roukleijers sizze de buorren om en hy wit, sels wurdt er fongen en slein, mar stil sjongt er troch en syn liet klinkt nei efter de fierste grinzen wei. Syn sang sil wêze as it wûnder sjongen op in eilannegroep yn de Stille Súdsé: as d' orkaen opstiet en syn longen útset en it wetter en de beammen rydt, dat it redeleas fé fan ûntsetting kryt, dan geane de minsken hân oan hân it gewelt yn de mjitte nei it faeije strân, en sjonge tsjin d' eleminten, woest en blyn, it beevjende liet fan de hope yn. Hy hat tsjin deads oermacht oars gjin swurd as de macht fan it biswarrende wurd, dat stil oer it swarte wetter giet, en it wetter sakket en riist en it komt oan de lippen ta en it pleit hâldt oan, mar it liet klinkt troch, it bifrijende liet, dêr't er mei falt en dêr't er mei stiet, dat syn keninklik identiteitsbiwiis is, it teken dêr't God him mei murken hat, de sin fan it libben, syn bilidenis. Vorige Volgende