De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 8] [p. 8] O. Postma: In nije tiid Tsjalling fan der Fear is alhiel in Amerikaen wurden. Togearre mei syn broer Piter hat er nou 500 kij; mar lân hawwe hja net. Dij kij hâlde ta, yn 2 keppels fan 500, op in keale lape groun dêr't gjin spruseltsje gers op to sjen is. Foar dij kij keapje hja foer, dat hja bûten by it sket lâns delstruije sa dat de bisten der troch de itensgatten by kinne. Mar dat fuorjen mei net barre minder as 4 ûren foar it melken, oars koe it wêze dat de molke nei it foer smakke; En de Amerikanen binne, datoangeande, o sa keken. En alles fansels mei de masine. Dat lies ik allegear yn in stikje yn de Sneon-Sneinskrante, en it griisde my oan. En ìk dan dy't it lân net koe as er it gers net libben yn 'e hannen fielde! Dy't net bûten de stêd wêze kin as it fjild dêr sa toar en deadsk hinne leit; Dy't dichtsje moast, as de ûre der wie, fan syn lân dat bloeide en fan alles dat dêr ta berte en stjerren kaem. It moat in oaren ien wêze as ik, dy't fan sa'n libben fabryk sjonge kin. Ik haw myn Amerikaenske dichters ris oerskôge, mar nèt ien foun dy't ik dêr op oansjen koe. Wy moatte tinke oan China, dêr't hja de minsken ek út har libbenssteat weihelje, En, om mear biwrotte to kinnen, yn ‘kommune's’ byinoar bringe. De froulju arbeidzje mei: it foer foar de keppel sil ek fan bûten oanfierd wurde moatte. Vorige Volgende