Tiny Mulder:
Ripe bananen
Fransyn stie alle dagen op 'e brêge.
‘Ripe bananen! Hearlike bananen! Fiifensawntich sinten it poun!’
As Fransyn rôp seachst har reade, spitse tonge dounsjen tusken de sterke, wite tosken.
Fransyn wie brún, hielendal brún, en as Hâns oer de brêge kaem, moast er tinke oan it brune bearke, dat him lang forlyn treastte as mem him in nachttút jown hie en in hiele lange nacht fuortgyng, of as er syn kopke hiel fûl stjitten hie en dochs net gûle woe. Dan hie er de eagen stiif ticht knypt en dan wie it tsjuster wurden en waerm mei it bearke tsjin it skouder.
As Hâns oer de brêge fan Fransyn kaem, twaris deis as er nei de h.b.s. ta gie en twaris op 'e weromreis nei hûs, dan stie dêr altyd Fransyn, lyts, brún en roun. ‘Ripe bananen! Hearlike bananen! Fiifensawntich sinten it poun!’
Hâns koe it bananefolk al lang, mar doe hjitte hja noch net Fransyn. Earst doe't er fiifensawntich sinten garre hie, krige hja har namme.
Hy hie in weak gefoel yn de skonken, doe't er foar it earst nei har ta stapte. De wyn hâldde de siken yn en de sinne wachte yn spanning. It die him nij, dat syn stimme net oars klonk, doe't er sei: ‘Mei ik in poun bananen fan dy?’
Redsum plôke hja fiif bananen fan in tros. De moaiste, dy't hja hie, seach er. En hja glimke wiis, wylst hja, it brune kopke skean, de bananen woech. ‘Dit is seis ûns’, sei hja. ‘Mei dat?’
‘Né’, lústere er, en doe lûder: ‘Né. Ik haw mar fiifensawntich sinten.’
‘O’, hie se doe sein. ‘Dat is spitich. It binne sokke moaije.’ Sierlik hie hja de bananen yn it sinneljocht hâlden en hja hiene der beide nei sjoen as wiene it kostbere, seldsume fruchten.
‘Hwat is der to rêdden?’ snibbe hommels in frouljuslûd.
‘O, neat’, sei it fanke. Hja liet de bananen sakje yn in pûde en tearde him hastich ticht. ‘Astebleaft. Fiifensawntich sinten.’
Har brune eagen hiene skittere fan wille om de reade kleur op it gesicht fan de jonge en omt hja ynienen fornaem hoefolle sêft, ljocht hier der al om syn kin woechsen wie. ‘Hoe hjitstou?’ frege hja.
‘Hâns. En dou?’
‘Fransyn.’
‘Hwat hast dochs, Syn.’ Wer dy feninige stim fan in frou.
‘O, neat’, sei Fransyn en knypeage tsjin de jonge.
Hastich wie Hâns fierder roun. Soe Fransyn spul krije, om him?
Sûnt stiek Hâns fjouwer kear deis de hân op. En Fransyn glimke of knypeage, sa't it mar it bêste útkaem. ‘Ripe bananen! Hearlike bananen! Fiifensawntich sinten it poun!’ en ûnderwilens in knypeachje, in flûnkering fan goud út har brune eagen.