De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 1]
| |
1. Fakansje
set it libben
nêst de least
fan dyn witten
en sliep
mei iepen eagen
nachten oan dagen
fordream
dyn wurksumheit
yn waermblau sinneljocht
dounsje
fan dyn skildere sels
de ferve oan blierren
nim it libben
op de lippen
en sjong
dyn fersen
fan bistean
| |
2. Dou en ik
wy leine yn twaën
dou wiest it strân
en ik it waed
doe kaem de sé
wy waerden eilân
swiet en sâlt
| |
[pagina 2]
| |
3. Tocht oer de Waedse
ús foet
set in swarte feech
troch biwende wegen
hifkjend it wiffe weagjen
fan in tuskenwrâld
ús reis fart
troch in griis bistean
mei wite brûskoppen
dy't folle mei de moed
fan séën weagen
it boat omamje
mei glinsterjende lûden
efter ús it spoar
fan in weevjende dyk
tusken stille skombanen
troch it glêzen wêzen
sjogge wy de wierheit
fan wellen yn wetter
| |
4. Sinnebran
lizze yn ljocht
en de fâlden
fan de dagen
oersljochtsje
yn sân
hyt en wyt
| |
5. Stran
dêr't romte en tiid
inoarren
skiede en liede
rinne wy
stjerren
yn it klamme sân
binne ús eagen
skulpen
dy't de sé
fragmintarysk
skôgje
| |
[pagina 3]
| |
6. Bosk
boppe
dragers fan frede
stiet de joun
gieljend yn de ûndergong
winen rûzje
ûntaestber
om ús hinne
en driuwe
tûzen sêfte fragen
troch ús hert
wy witte it andert net
dêr't de wrâld ophâldt
bigjint de bosk
| |
7. Boskplaet
wy folgje it spoar
nei it oanbigjin
fan in wrâld
dy't himsels is
in stoudyk keart
de romte fan sân
hetsich nei de
eintiid
de fierte leit ûnder
de ljochte loft
as wier by
fuortebjend wetter
iennichste wachters
fan it faeije bistean
binne de sékobben
wiid op de winen
|
|