De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 310]
| |
(Selde toaniel, mar de hiele eftergroun wurdt yn bislach nommen fan machtige, tige hege stegers. In hegepryster en in novyt komme op.)
NOVYT:
Likegoed binne de âldste birjochten tsjinstridich.
HEGEPRYSTER:
Alle birjochten binne tsjinstridich. Dêrom moat de wierheit fêststeld en regele wurde. Yn ús artikels is bygelyks fêstlein, dat hja beide gjin burd hiene en dat hja fan mear as minsklike kreazens wiene. Der hat yn âlde tiden in sekte west, dy't learde dat de Skeppers wiuwende burden om 't kin hiene. Dy lear, myn sogn, is ôfwiisd en forbean.
NOVYT:
En mei fjûr en mei swurd útroege.
HEGEPRYSTER:
En mei rjocht en reden, myn soan. It wie in nuvere dwaellear, en it wiene doe bluoddrige tiden. Hwannear't de Skeppers àl bistien hawwe, lit ús dan needrich oannimme, dat hja liken op goaden.
NOVYT:
Hwannear't hja àl bistien hawwe?
HEGEPRYSTER:
Jawis. Guon fan de theologen binne fan bitinken, dat har bistean inkeld figuerlik opfette wurde moat.
NOVYT:
Mar wy leare it folk, dat hja echt bistien hawwe, en dat hja hjir op dit sté west hawwe.
HEGEPRYSTER:
Ja, de teksten kin beide wol út lêzen wurde. Lit ús namsto krekter de plechtichheden forfolje, dy't ear jowe oan de beide Skeppers Alter en Adamego. Sjoch dizze timpelbou ris oan! Der wurdt wol sein, dat de skepping dêr earst mei foltôge wurde sil. Lit ús net freegje, oft hja wol bistien hawwe, it giet der om dat hja har timpel hawwe sille. Hwat in prachtige joun!
NOVYT:
De joun fóár it Skeppersfeest.
HEGEPRYSTER:
Ja, hjoed sil de klok, ta har eare getten, foar it earst liede. Hjir op dit sté hawwe hja dy stielen buis of piip opgroeven dêr't er fan getten is.
NOVYT:
Is it wier, dat dy út de himel fallen is?
HEGEPRYSTER:
Dat wurdt der sein, myn soan. En to sjen oan de djipte, dêr't it op stiet, moat it ding wol fan tige greate hichte delkommen wêze. It lûd fan de klok sil machtich wêze! Heula, timpelwachter!
WACHTER:
(forskynt út it bouwurk wei)
Joun, heechearwearde.
| |
[pagina 311]
| |
HEGEPRYSTER:
Wachter, de nachten wurde kâlder, saffier is 't hinne. Tink der dus om, dat net ien yn de wijde hoale komt.
WACHTER:
Gjin tinken oan.
HEGEPRYSTER:
It is my bikend, dat winterdei alle mooglike bidlers en swalkers hjir komme to sliepen. It spyt my, mar dat kin wier net wêze. Ik wol der allinnich noch mar oan tafoegje, dat op dat sa wijde sté... ik doer it hast net sizze... gâns in keppel flieën húsmannet.
NOVYT:
Binne flieën ek it wurk fan de Skeppers, heechearwearde?
HEGEPRYSTER:
Sûnder mis. Mar dêrom hoege bidlers dy dêr noch net to bringen. Tink der om, hear, timpelwachter!
WACHTER:
Ik sil allegearre fuortjeije, heechearwearde!
HEGEPRYSTER:
Bêst, bêst. De timpel fan de Skeppers is gjin swalkershoale. Kom mei, myn soan... (Geane fuort.)
WACHTER:
(sjocht har efternei) Dy timpel doch! (Spuit oer de groun.) Ja, dy hearen kinne jin moaije forhaeltsjes fortelle. Mar sa lang as ik libbe haw, haw ik nea gjin skepper sjoen, sa is dat. (Klaut him.) Forrekte flieën!
(Goasse-to-min komt op, mei Adam en Alter Ego, beide mei slim toskeinde oerbliuwsels fan har staesjeklean oan en mei in pylgerssek en -stêl by har.)
GOASSE-TO-MIN:
Sa binne wy dus four de winter noch wer thús. Blinder, hwat sille hja hjir bouwe?
WACHTER:
Bistou dat, Goasse-to-min? En hast dy twa âlde skoaijers mar meinommen? Hwer hast de bern litten?
GOASSE-TO-MIN:
Oer de hiele wrâld, hwer't hja mar itende bliuwe koene. Hwat wurdt hjir boud, freon?
WACHTER:
In timpel.
GOASSE-TO-MIN:
Timpel four hwat?
WACHTER:
It hjit fan: Timpel fan de Skeppers.
ADAM:
Timpel fan de Skeppers?
WACHTER:
Sa is 't. Mar ik soe wol ris witte wolle, hwat de Skeppers mei sa'n timpel moatte.
(Spuit wer.)
Hawar, it is in stik pohei. En in goud en marmer dat der oan bistege wurdt!
ADAM:
De Timpel fan de Skeppers! Hearst dat, Alter Ego? Hja hawwe ús net forgetten!
ALTER EGO:
Adam, ik kin der hast net by... sjoch ris, hwat in geweldich bouwurk!
ADAM:
Ik hie 't wol forwachte. Ik wist wol, dat ús folk ús tankber wêze soe! Sjochst nou ek wol... myn bêste Alter Ego!
ALTER EGO:
Myn bêste Adam!
(Hja slane de earms om inoar hinne.)
GOASSE-TO-MIN:
En hoe moatte wy nou, freon?
WACHTER:
Nou, jimme meije jim hjir net ienris sjen litte, sok skorjemorje lyk as jimme! | |
[pagina 312]
| |
GOASSE-TO-MIN:
Hie 'k al tocht. Fuort hoale!
WACHTER:
Opsjitte dus! Hjirwei jimme!
ADAM:
Hjirwei, wy? Wachter, dat moat in forsin wêze! Dit is doch de Timpel fan de Skeppers?
WACHTER:
Dit is de timpel fan har stanbylden en har prysters. Dus derút jimme!
ADAM:
Ik sil dy dan fortelle, wachter, fan de timpel: wy binne Adam en Alter Ego!
ALTER EGO:
Wy binne de Skeppers!
ADAM:
Oan kant foar ús! Kom mei, Goasse-to-min!
WACHTER:
Hwat sille jim?
ADAM:
Yn de timpel, dy't uzes is!
WACHTER:
Sjoch ris, heite, it spyt my foar jimme, mar dêr sil ik in skoattel foar strike moatte. Sykje hjir of dêr mar in hok om yn to sliepen. (Hy wurdt wei tusken de stegers.)
GOASSE-TO-MIN:
Nou, dat ha wy hawn, En it foldie ús sa skoan yn dy hoale.
ALTER EGO:
Dit is de ein dan, Adam; hwat seist dêr nou fan?
ADAM:
Ik hie 't forwachte. Ik haw hieltyd wol witten dat... dat...
(Fait dei oer de groun, gûlend.)
O God, hwat is dat hwat skrikliks, Skepper wêze to moatten!!!
(It wurdt tsjusterder.)
ALTER EGO:
Adam, dou hast noch dyn kanûn fan de Untkenning. Dêr, dêrstou knibbelest; kinst it mei de hân rikke. Mei de hân kinst de strafoefening, de forlossing rikke. Adam, hoe silst?
ADAM:
Hâld op! Yn 'e goede, hâld op!
ALTER EGO:
Hwat, bist noch net oan 'e ein fan dyn lijen? Adam, bist doch net fan doel alles hjir to litten lyk as it is? (De wachter komt foar 't ljocht mei hammer en reade lampe.)
WACHTER:
Ellindich krewei! In hounelibben sa!
GOASSE-TO-MIN:
Ofgryslike kâld!
WACHTER:
Biroerde baen!
ALTER EGO:
Adam, oan 'e kant efkes!
(Hy smyt him dei oer de groun en bigjint to sykfen.)
WACHTER:
Lamme wrâld!
GOASSE-TO-MIN:
Forflokte binde!
WACHTER:
Nei de hel der mei!
ALTER EGO:
(rôllet de stien oan 'e kant)
Adam, Adam, it kanûn is fuort! (De greate klok bigjint to lieden.)
WACHTER:
Ha, de nije klok!
ADAM:
(komt oerein) Dat is him! Dat is him! Hearst wol?
ALTER EGO:
It kanûn fan de Untkenning!
ADAM:
Ik ken it lûd wer! Myn kanûn! Myn kanûn! Hearst wol, hwat it liedt?
GOASSE-TO-MIN:
It liedt fan ding, dong! | |
[pagina 313]
| |
ALTER EGO:
It liedt fan né, né!
ADAM:
It liedt fan ja, ja! It liedt fan ja, ja!
ALTER EGO:
Né, né, né, né!
ADAM:
Ja, ja, ja, ja!
GOASSE-TO-MIN:
(slacht mei in leppel op syn panne) Ding, dong, ding, dong!
WACHTER:
(slacht mei hammer op ambyld)
Ien, twa! Ien, twa!
(Gâns klokken bigjinne to lieden.)
GOASSE-TO-MIN:
Dat docht myn panne! Ding, dong!
WACHTER:
Dat docht myn hammer! Ien, twa!
ALTER EGO:
Dat docht myn Untkenning! Né, nél
(It Each fan God bigjint to ljochtsjen.)
STIM FAN GOD:
Dat doch IK, mei alle klokken op 'e wrâld!
GOASSE-TO-MIN:
Ding, dong!
ADAM:
Ja, ja!
ALTER EGO:
Né, ne!
ADAM:
God, is it ja of né?
ALTER EGO:
Né of ja?
STIM FAN GOD:
Hark!
(Gâns stimmen fan manlju en troulju, útroppen, laitsjen.)
Hark!
(Great koar lit him hearre.)
KOAR EFTER IT TOANIEL:
Gloria, gloria! Tank hjoed oan de Skeppers!
WACHTER:
(set de pet ôf) It folk hat feest. (It lûd fan klokken en sjongen stjert wei.)
STIM FAN GOD:
Adam de Skepper!
ADAM:
Hjir bin ik!
STIM FAN GOD:
Wolst it litte lyk as it is?
ADAM:
Ja, ja, ja!
STIM FAN GOD:
Ik ek!
(Nij kloklieden.)
EIN |
|