Yn feite hat men hjir to dwaen mei romantyk fan it suverste wetter, romantyk dy't alle tiden en generaesjes oerlibbet. It wurdt in oanroppen fan de ‘oerkrêft’, de ‘djipste siken út de hertstocht fan it lichem’, ‘praehistoaryske libbensbifêstiging’ en in pleitrop op de ‘praedestinaesje fan 'e simpele sielen’.
Dizze dichter bisiket in antwurd to jaen op 'e fregen fan 'e forhâlding tusken kultuer en technyk, persoan en massa en noch safolle oare fregen, net mei it wittenskiplik bitooch, mar mei de heimsinnige runen fan 'e poëzij. Hy wol net riddenearje en oplosse, hy wol inkeld mar biswarre - de slangen, dy't him bidrige, bisprekke.
Der binne nou ienris twa soarten fan dichters: guon dy't harsels boppe de problemen út sjonge, en oaren dy't har der yn sjonge. Van der Ploeg heart fan oanliz ta dizze lêsten. Hy kin net as Sjoerd Spanninga de Plecht nimme nei eksotyske wrâlden, net as Tjitte Piebenga it probleem muzikael út 'e hichte wei negearje en op syn doedelsek himsels bidrinke oan rym en ritme. Dit driuwt him ta syn soms orakeleftige taelhantearring.
Der is forskaet fan foarmen, mar as men de dichtkunst yn syn eleminten ûntbynt, komt men altyd wer ta twa krêften werom: gefoel en forbylding. En hja brekke foar it ljocht as ympresje en ekspresje. Fan Van der Ploeg soe men gjin stimmingspoëzij forwachtsje, en dochs hat er yn syn Hjerst in sober en suver stikje ympressionisme jown, dêr't de biklamming fan e hjerst mei inkelde rake pastelstreken yn fêstlein is.
Yn fers op fers biwiist hy yn dizze bondel in wier dichterskip, dat dwers troch syn eigenaerdich asketisme, grif net frij fan biskate Hollânske ynfloeden, hinne gloeit en sûnder mis bredere wegen fine sil as hy net mear bang is him oan it kâlde wetter fan 'e chaos to barnen.
It is in foldwaning altyd wer yn elk nij dichter, dy't dy namme yn wierheit fortsjinnet, de eleminten werom to finen dy't jimmer de poëzij biskaet hawwe. Men moat hjirby soms tinke oan it âlde Hollânske bernerymke, dat lyk as gâns bernerymkes sa'n djippe sin hat: Daar komen twee soldaatjes an, de ene heette Piet, de andere heette Jan, weg Piet, weg Jan, daar komen ze allebeide weer an.
Twee soldaatjes, gefoel en forbylding - al is de unifoarm wolris wer oars. En sa bigjinne wy, godlof, altyd wer fan foaren ôf oan. Hwant dat spultsje mei dy twa fingers hat gjin ein en it forfeelt nea.