Op it harspit:
Wite anjers en reade runen
Neffens in birjochtsje yn de Leeuwarder Courant fan 10 oktober hat it tydskrift quatrebras it Provinciaal Anjerfonds in Friesland forsocht in subsydzje fan f 250,- ta to kennen foar de útjefte fan in dichtbondel reade runen fan ella wassenaer. Dizze bondel is ûnderwilens yn de foarm fan in apart nûmer yn 'e fyfte jiergong fan it tydskrift forskynd. It bistjûr fan it Anjerfûns hat lykwols dit forsyk om stipe ôfstegere en wol op groun fan de folgjende biswieren. It bistjûr achtet it ntl. net forantwurde, dat ‘door het uit publieke middelen gevoede Anjerfonds financiële steun wordt verleend aan een orgaan, waaraan in brede kring aanstoot wordt genomen, ook al zal de subsidie alleen worden gebruikt voor de uitgifte van een buitengewoon nummer, waarin gedichten worden opgenomen, die op zichzelf de toets der kritiek kunnen doorstaan’.
By it lêzen fan sa'n forantwurding komme in pear fregen by jin op dy't der noch al yn weage. Alderearst moat it jin fornuverje dat hjir in ynstelling as it Anjerfûns in oardiel, ek al is dat gunstich, útsprekt oer dichtwurk. Sûnt hoenear is dit fierders tige to wurdearjen fûns kompetint om to skiedsrjochterjen op dit foar har grif glêdde terrein? In oare fraech is dizze: op hokker grounen achtet it fûns it tydskrift quatrebras ‘een orgaan, waaraan in brede kring aanstoot wordt genomen’? Lit ús earst ris oannimme dat dizze tirade slacht op in yn deselde jiergong forskynde rige poëtyske oprispingen fan in Hessel Miedema. Fersen yndied, dêr't elke poëzijlêzer, al of net lid fan it Anjerfûnsbistjûr, fan sizze moat dat hja stridich binne mei de goede smaek. Ynpleats fan in transponearjend dichter is hjir in mitich saletjonkerke oan it wurd, dy't losbrutsen út syn memmebiningen oer erotyske saken mient skriuwen to moatten yn it idioom fan in dokwurker. En it is mislik dat in redaksje sok nozempraet ta poëzij promovearret troch it yn har tydskrift op to nimmen. Mar is dizze redaksionéle bûtensprong in reden om de ynhâld fan alle fiif jiergongen fan quatrebras oer dizze selde kaem to kjimmen? It tydskrift hat in útsprutsen foarkar foar modernistyske, non-signifikante dichterlike proefnimmingen. Men kin fan sokke eksperiminten hâlde of net, men kin fan bitinken wêze dat it niveau safolle heger koe en it talint safolle greater, dat heart dêrom noch gjin oanlieding to wêzen foar in semi-oerheitsynstânsje as it Provinsiael Anjerfûns om as censor morum de tuchtroede to swaeijen, foaral as it oer wurk giet dat neffens it fûns sèls wol munsterje kin. Subsydzje takenne of wegerje is in saek dy't it Anjerfûns oangiet, mar as
sokke, hjir op in redaksje tobekfallende, moréle motivearringen de trochslach jowe by wegering fan stipe oan hiel oar wurk, en sa dus it litterair oardiel oer dat wurk trochkruse, dan kin men min oars as tekenje protest oan. As yn it muzykkorps fan Jiskenhuzen de trompettist in keer nêst de toen blaest, is dat foar it Anjerfûns dochs ek net in reden om dat korps subsydzje to ûntkearen?
Doe't forline jier it Departemint fan U., K. en W. it Nederlânsk tydskrift Tirade in subsydzje wegere op bûten-litteraire motiven, hat De Tsjerne mei oare periodiken by de minister protestearre tsjin dizze foarm fan sensuer. Hja docht dat op 'e nij, nou't de wite anjer de reade runen de hulde opseit!