As wy it Fryske iepenlofttoaniel fan de forroune simmer oersjogge, dan komme wy by twa opfieringen, dy't der út rinne en dy't beide ek dúdlike foarbylden binne fan de swierrichheden dêr't wy yn Fryslân mei ús net op toanielskoallen foarme spilers mei sitte, Yn it iepenlofttheater to Sûndel is de toanielbiwurking fan Ypk fan der Fear har roman Ta him dyn bigearte spile en in skoftsje letter waerd op De Sweach in rige foarstellingen jown fan Kristus wurdt jitris krusige, in toanielbiwurking fan Jef van der Heijden fan Kazantzakis syn forneamde roman.
Yn beide gefallen is, hwat it to spyljen stik oanbilanget, in dryste kar dien. Soks fortsjinnet allinne in komplimint as sa'n kar rekken hâldt mei de omstannichheden, dus mei toaniel, regy en spilersmateriael. Wie it oars, dan soe de earste de bêste ploech mei de treflike namme Nim it sa't it is út ien of oar lyts doarpke allinne al mei eare neamd wurde kinne as it bygelyks syn kar falle liet op in stik fan Shakespeare of William Gibson.
Yn hoefier hawwe Sûndel en De Sweach oan de easken, dy't by in dryste kar steld wurde meije, foldien? Lit ús earst noch efkes nei de stikken sèls sjen. Ta him dyn bigearte, dat yn Sûndel spile waerd, is in net al to bêste toanielbiwurking fan in knappe roman. It forhael fan de rike boeresoan en de earme arbeidersdochter komt yn boek en toanielstik in ein út boppe hwat der yn in lange rige fan Fryske romans en stikken fan it tradisionele ûnderwerp almeasten makke is. Mar fierder kin it stik de roman net bilykje; binammen foar immen, dy't it boek net ken bliuwt it dizenich en fragmintarysk. Dochs is it, sil der noch hwat fan makke wurde, slim to spyljen; it hat in pear dramatyske hichtepunten, dy't by slop spul bispotlik wurde en ek toanieltechnysk wurde hege easken steld.
Ek Kristus wurdt jitris krusige is in romanbiwurking en omtrint mei itselde biswier as Ypk fan der Fear har toanielstik. Dizenich is Jef van der Heijden syn stik nou just net, mar àl fragmintarysk en somlike figueren, dy't my yn Kazantzakis syn roman in bulte sein hawwe - Yannakos bygelyks - haw ik yn it stik amper weromfine kinnen. Miskien is it net goed, in stik àl to folle to forgelykjen mei in roman dêr't it nei makke is, mar as Jef van der Heijden in boek fan Kazantzakis biwurket, dan sykje ik yn it foarste plak Kazantzakis. Sa net, toanieltechnysk is Kristus wurdt jitris krusige frijhwat better as Ta him dyn bigearte en ek de treflike oersetting fan Freark Dam moat mei eare neamd wurde. En om folslein to wêzen: maklik to spyljen is it stik net.
Nou komme wy dan op de trije bitingsten, dy't wy by it dwaen fan in dryste kar steld hawwe: toaniel, regy en spilersmateriael. It toaniel is sawol yn Sûndel as op De Sweach yn oarder; beide plakken hawwe in goed iepenlofttheater, dy't noch gâns goede toanieljounen fortsjinje.
Spilersmateriael en regy moatte hast yn ien sike neamd wurde, hwant it is wol wis, dat yn Gaesterlân like min as op De Sweach fan it spyljen fan slimme stikken hwat tolânne komme soe as hja it dêr, lyk as op mannich plak yn Fryslân noch fleurich bart, sûnder regy bisykje soene. Yn beide plakken hawwe hja ek net de earste de bêste keazen; yn Sûndel hat Pyt van der Zee en op De Sweach Jef van der Heijden de lieding hawn. Pyt van der Zee moast it dwaen mei in ploech minsken út in formidden, dat gjin toanieltradysjes hat en dat foar it neiste ek net folle goed toaniel to sjen krijt. Hy hie,