ger-kollega Anne Wadman in literair planolooch, dy't jerne swart op wyt hat hoe't de tolve nûmers yn de kommende jiergong der út sjen sille.
Bûtensteanders kinne min bigripe hoefolle wurk der oan sa'n tydskrift fêstsit. Hoe't it elke moanne wer nedich is meiwurkers oan to skriuwen, oer wurk to korrespondearjen, foarút to sjen foar it folgjende nûmer, to soargjen foar in goede komposysje fan elke jefte. Nou, Tamminga hat in part fan syn kostber libben de siel en it gewisse fan 'e Tsjerne west. It gewisse ek fan syn meiwurkers, Hy hat in didaktyske ynslach, en stekt dy net ûnder stuollen en banken, alderminst ûnder de stuollen en banken fan Amicitia, dêr't de redaksje wend is gear to kommen. As it safier is, dan bûge Sikkema en Dam har stege hollen, en Folkertsma en ik ús grize koppen, en it komt klear.
Foar in berne skoalmaster is soks net slim, mar Tamminga is tragyskerwize gjin berne skoalmaster. Hy hat each foar de humor fan it stuit, en irony ek foar syn eigen filtuer oer. It is net nedich ien en oar mei de literaire stikken to biwizen. Mar de lêzer bigrypt wol, dat it feest fan Tamminga tagelyk in feest is foar de redaksje fan 'e Tsjerne, dy't hopet him noch lang yn har formidden to hawwen. Dit libben is net mei fyftich bigoun, mar lykwols stiet it noch oan it bigjin - dat sille wy yn dizze histoarje sjen.
In inkeld wurd mei ik hjir noch oan dizze sobere redaksjonele lokwinsk tafoegje; in persoanlik wurd. Men wennet hjir yn Fryslân deun opelkoar, en hat meielkoar to meitsjen. Dat hat binammen syn gefoelichheden foar de literaire krityk. Wy binne der nou ienris op oanwiisd de freon dêr't wy hjoed by sitte to kofjedrinken, moarn it mannewaer to lêzen oer syn jongste wurk. En dat is altyd net sa noflik. Om bar komme wy allegear yn dy nuodlike sitewaesje, ‘und wem es just passieret dem bricht das Herz enzwei’, of frij fortaeld ‘en hwa't it oprjocht bisiket dy krijt der kweafreonen mei.’
Dêr graech noch dit oer: Tamminga kin krityk forneare net allinne, mar hy docht der ek syn foardiel mei foarsafier him dat gaedlik liket en mei bihâld fan eigen bitinken. En yn syn eigen krityk jowt er blyk fan in breed bigryp, sûnder nocht oan ûnnocht. Syn oardiel hâldt gjin sûre neismaek. Dêrom kin by him de tsjinstanner fan hjoed de maet fan moarn wêze.
Fan dizze fyftich jier haw ik him siz tweintich jier kennen net allinne, mar ek as freon hawn, yn literaire en minder literaire riten. Hy hat grounige biswieren tsjin my, ik haw skrutene bitinkings tsjin him. En ienkear hawwe wy elkoar it waer lyrysk opsein, yn de kwatrinestriid dy't yn 'e Tsjerne forskynd