De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Sjoerd Spanninga: Wolkens Mar dizze moarn - ljochtskett'rjend stekt de sinne de trompet in gouden hoarn - de swiere oaljefanten komt biweging yn. Dan brekt de oanfal los, by iere gloar; slachtosken wurde yn de himel set - it blanke elpenbien kleurt read ivoar... En op de rêch fan ider dier sit ûnforfeard, as in lânsier, de slanke wyn. - It hanskrift Al hwat it libben wurket dichtet út dij wei hwant dyn balladen ha dyn eigen bloedslach mei en stiicht de ljurkesang omhegen yn dyn liet it jier dat bloeit wer grien fan stilte en geniet sa foarmet de natûr in elts wol nei syn wêzen hja jowt de beammen krêft en bûgsumens de gêrzen en fjurket soms de dauwe helder as in stjerre dyn hânskrift wit men gauris der fan ylmenearre. Vorige Volgende