| |
| |
| |
Jan Tjittes Piebenga:
Trijeluk fan de freonskip
I. Kiestersyl
Soe 'k dan net sjonge moatte, nou't it oer dy giet,
Fan 't nea forgetten sté, it wenplak fan ús staech?
Fan Wjelsryp nei de Syl, dat 's mar in hoannestap,
In delgong lykwols net. Hwant Kiestersyl, dat wie
De wrâld, de skiednis, honk en hâld, theology.
Dat leaut gjinien, mar 't mist net, Douwe legut dat wol,
Al is hy dêr earst kaem nei lange jongesreis.
Dêr metten wy elkoar foar 't earst. It heucht my jit
Hoe't wy ús tjirgen op dy frjemde hege berch
Fan pakken strie, mei hoalen, kleauwen, steile kant.
Dou hiest dyn thús dêr sûnt in hoort, ik wie dy frjemd,
Mar op de Syl hie 'k sûnt myn earste dei in plak.
Us pake kaem en gyng hjir, heit dy wie hjir jong,
En ik hie graech myn komst by pake-beppe-Syl.
Doe stfe it tichelwurk dêr noch, mystearieus,
Gjin kâld fabryk, mar préhistoarysk as de toer
Fan Babel, houten mastodont, in helleput.
En dan de slûs, biwiis fan minsk'ne macht'ge wil,
Team yn de bek fan 't séhoars dat by Harns hùshâldt.
Foaral de Slachtedyk, dy griene kronkelwjirm,
Nei 't suden ûnbikend, gâns eigener nei 't noord,
Nei Getswerdersyl en dan sa nei de Bjirmen ta,
De dyk dêr't heit lâns swalke yn syn jongestiid.
En haw ik Kie al neamd? In mannich pleatsen mar,
Mar âld, oerâld, út wytsing- en út kleastertiid.
De krante hie my dat fordútst. En dan Magré,
De nije tiid, great spul, kalk-ounen, yndustry, -
Hastou dêr ek net wurke? 't Leger hearde er by,
Dy baes Magré, hoe irjemd! Jim heit dy wie baptist,
Us beppe grifformeard, dat waerd har fiersto slop,
Hja reizge mei jim mem nei 't fynste tsjerkje ta.
De Syl dat wie in wrâld! 'k Seach Bunyan dêr foar 't earst,
Myn freon wie Vader Floor en 't grouwe Martlersboek
Ut 't folle lege bedsteed lies ik fiif kear út.
Dou, soon fan Anne en Ytsje, heardest dêr dochs wol,
Al hiest yn Tsjom dan op gjin fine skoalle gien.
| |
| |
Hiest letter faek fan piëtisme dyn bikomst,
Dou witst hoe'n adel as de Geast it folk dêr joech:
Sljocht wurkersfolk, dreech bodzfend, sûnder wrâldsk bisit,
Mar mei de rike skat dêr't de âlde Skrift fan sprekt.
Is ús, har bern, dy skat ûntnommen, my en dy?
| |
II Frjentsjer
Dou timmerteint, ik klerk. Dou sûnder boekespul,
Ik ier forslaend yn bibleteekrich labyrinth.
Dou soap fan 't lân, ik stedman. Dou sa dryst, ik bleu.
Mar Frjentsjer is apart, it hat syn eigen styl,
't Leit wiid nei rjochts en lofts. De tsjerke is hûs fan God,
It keatslân wrakselfjild, de koarnbeurs wrâldtoaniel.
Dêr spriek 't forline, wankten kunst ús en kultuer,
Fan stjerrekundich riedsel hiene wy al aen.
Ik wie al fuorre doe mei Tacht'ger poëzij,
Biwûndre Toorop, hie myn Beatrice foun,
Seach jit gjin doel, it anarchisme lokke fûl.
Us paden rounen gear, 't waerd paed oer Fryske groun,
't Waerd folk en tael en striid, dêrmei literatuer:
Dêrfoar oan Ele en Fedde ûnbiskromme tank!
Mar hwat it mei dy jonges dochs ris wurde Sil?
't Wurdt stúdzje, 't sil de wiffe skoalleljedder op.
Hwat Harmen Sytstra koe, set, kinne wy dat net?
Hoe wurde minsk'ne wegen wiis bistjûrd:
Wy menne drok, mar hâlde dochs gjin leije fêst.
As paden wike moatte, bliuwt de skûl fan 't nêst,
De waermte fan it feilich, djûrleaf âldershûs:
Fan my, mar dines sil 't mei gauwens wurde ek. -
Stêd, âlder wurdend, komme wy dy licht oan 't hert:
Hwat stiet dyn tsjerke keninklik oan 't romme plein,
Hwat hat it bolwurk dy yn sterke hoepe slem,
Hwat tilt it yn dy op fan sinnich folksbiweech,
Hwat brûst 't barbaerske tij yn gloppe en yn steech,
Hwat wittenskip jowst wei, hwat flechtling nimstou yn,
Hwat bist dyst bist, yn noardersfoarm en suderskyn.
Leaf Frjentsjer, 't paed roun fier, wy swalken by dy wei,
Mar Fryslân hold ús fêst, syn loft, syn wiid kontrei.
Dou wiest ús haven, waerdst ta poarte en útgong,
Mar fan ús beider libben bliuwst de rike oarsprong.
| |
| |
| |
III. Fryslan
De wrâld wurdt greater, diizger ek de fiere kym.
De feint wurdt man, wurdt drager, wurdt ta heit en hear.
Foreale riten binne gien, duvels yn bannen slein.
It sin set him nei wenjen mei ûnwenn'ge siel.
Dou stiest op eigen hiem, hast dêr dyn beammen set,
Hast it yn streken, kwisekwânsje, pommerant!
Sa komt dan Abraham. De jonkheit kiest de útdoar.
Hwat is birikt, hwat fruchten wurde stilwei ryp?
Jow oer, bitrou, hâld moed, de risping komt jit:
Mei stomme mûle stean en dan dochs sjonge wer,
Mei lege hannen gean en dan dochs heine wer,
Faillyt dit libben, mar it riist by 't dagerea,
Forbruid de jefte, dêrmei dochs yn keningsklean.
Sa binn' wy wurden hwat ús âlden teekne hat:
Sljocht wurkersfolk, stomwei forsteand ús taek en plicht,
Net twingend by ús Heit om riker lean en ear.
't Is ús al drok genôch. Us lûkt de stille sel,
De muonts dy't skriuwt en nocht hat oan syn sierlik skrift. -
Goefreon en striidmaet, miich, foreare gildebroer,
Dou wiffe stânfries, dichter, sjonger, stâller, skald:
Us tank foar hwatstou joechst. Wy tidigje op mear.
Dit folk sil hearre; hearrend sil 't dyn rop forstean.
Dit folk sil sjonge; sjongend sil 't syn wegen gean.
Dit folk sil leauwe; leauwend sil it wûnders dwaen.
Dit folk sil loovje; loovjend sil 't om sizzen jaen.
Hwat hawwe wy dan noed? God makket it wol goed.
|
|