De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 303] [p. 303] Durk van der Ploeg: Twaris fiif fersen Simmer I In frou en in fûgel sliepe opteard yn it ljocht - Bûgd tsjin de wyn giet it lânfolk oer de kavels -. Under elke beam roasket it metael fan in bile - Stadich sakket it sûr yn 'e krûk -. II In frou en in fûgel sliepe opteard yn it ljocht - en it ljocht is it teken fan libben as in simmer fol sie; as in frou fruchtber ûnder eigen dak. De fûgel is in beam yn 'e wyn en de wyn is de Geast fan God op ierde biddend ûnder de sinne. [pagina 304] [p. 304] III Bûgd tsjin de wyn giet it lânfolk oer de kavels - lizze hja it brea yn de ierde as yn it oanbigjin: it lân lei ûnder de fûgels, de ierde ûnder de wyn. Wy kinne it net bineame hwant de die leit efter it wurd. Wy lizze it libben út as twa hannen simmer; as in fûgel ûnder de himel; as ûnder eigen dak. Mar it libben is likefolle dea as it net earst lein is yn de ierde om woun to wurden as twa lichemen ûgel boppe de wyn. IV Under elke beam roasket it metael fan in bile - steane de fûgels stoarn as wynwizers op 'e skuorren hinget oan 'e muorren it tiksel, de dea. Brekt de frou yn de skealjen it brea as in ierdske simmer. Steane de seisoenen iepen as skeaven; binne wy stiennen yn 'e wyn op in âld hiem. [pagina 305] [p. 305] V Stadich sakket it sûr yn 'e krûk - hwant jeld is de simmer yn de seizoenen. Stean de skuorren heech de fûgels falle dea tsjin de fierte en ûnder de sinne deadet de man it fjûr fan it feest. De nacht giet om oer de hiemen en djip yn it hûs sakket it sûr yn 'e krûk. [pagina 306] [p. 306] Hjerst I Oer de ljocht kym dûnker de man - Yn jeld en dea draecht er de fane om hûs en hear - Frou en fûgel binne twa lichemen ûnder de moanne - Sliepend op it wetter fan de ienfâld, barnend it fjûr fan de man. II Oer de ljocht kym dûnker de man - en de moanne in slypstien foar fûgels. Geane de deaden op 'e hûken om 'e hurrel. Hoar harket de hjerst om it hûs. III Yn jeld en dea draecht er de fane om hûs en hear - is syn gemaek in fabel yn de gehuchten. Stiet oan 'e muorre it krús fan in kommend slachte. [pagina 307] [p. 307] Hwant de bile falt neijer oan 'e beam as de fruchten. IV Frou en fûgel binne twa lichemen ûnder de moanne - ien lichem ûnder de wyn. Hwant de dea is inkelfâldich as wetter en brea mar it libben is in beam, dragend in fûgel op har skouders; slaende de ierde mei hearren en sjen. V Sliepend op it wetter fan de ienfâld barnend it fjûr fan de man - draecht hja de frucht fan it libben as in folle skeaf, in simmer, in beam fol leaf. Falle de jounen leaden oer de hjerstige hiemen, giet hja har stille gong om it hûs: brekt ivich de krûk fan libben en dea. [pagina 308] [p. 308] Johannes de Doper I Hy wie in slim dy rôp yn de woastine, in sizzende sinne wenjend yn in hûs fan sân mei sprinkhoannen en wylde hunich. Hy waerd stjûrd in hân ûnder de himel in hillich heraut. II Hy hiet ienfâldich Johannes de Doper, hwant by moast wetter wurde op it lân: stilsteand wetter en in fûgel fier doopwetter drage nei de Jordaen. III Hy moast yn de woastine wenje as in beevjende beam oan 'e boarne in iensum atol op it lân. [pagina 309] [p. 309] Dêrnei stjûrde God him nei it wetter ta tael en teken. Hwant it lân is tael foar de fûgel, it wetter teken foar de fisk. IV Johannes doopte de skare mei it wetter fan de Jordaen fanwege har sûnden. Mar Jezus doopte by to forfolling fan de gerjochtichheit. Hwant God stjûrde Jezus, in fûgel op ierde slaende yn it hout in hillich amulet. V De beammen boarten oan har nawlen by de Jordaen doe't hy it Wurd lei yn de kiel fan de skare en preke it wetter en bloed oer de rêch fan in fûgel dy't roun tsjin de sé en de sinne. Vorige Volgende