| |
| |
| |
G.N. Visser:
De smaragdsiker
De skatsiker, dy't de Braziliaenske dichter Olavo Bilac (1865-1918) yn it hjir folgjend gedicht bisongen hat, is in histoaryske figuer, dêr't de folgjende bisûnderheden oer jown wurde kinne. Op 21 july 1674 Sao Paulo forlittend, teach er sawn jier lang troch it ûnbikende binnenlân (de sertao) oant er by de Vupabuçu en de Serra Frio (de ‘kâlde Sierra’) oankaem, en dêr gâns griene stiennen foun, dy't er foar smaragden oanmurk. Letter, yn Sao Paulo, waerd lykwols fê.ststeld, dat it gjin smaragden mar tourmalinen wiene. Yn it leauwe greate skatten úntdutsen to habben, is Fernao Dias yn 1681, oan de Rio das Velhas, fan tsjoede koartsen oantaest, stoarn. Fan dizze histoaryske feiten hat Olavo Bilac in gedicht makke, dat er titlesearre: O caçador de esmeraldas. Episódio da epogéia sertanista no XVII século of yn it Frysk: De smaragdjager, in episoade út it heldedicht fan de 17e-ieuske ûntdekkingsreizgers. Olavi Bilac wie ien fan de meast bijeftige Braziliaenske dichters fan de ein foarige en it bigjin dizze ieu. Hy wie in oanhinger fan de Parnasse (‘Invejo o ourives quando escrevo; de goudsmid, as ik skriuw, biniidzje ik tige’).
I
It wie yn maert, it reinen wie bidarre
De hjerst wie kaem - de ierde alhiel fortoarre,
Hie stjelpich drinkend har gerak wer hawn -
Doe't om smaragden, sulver it to ûnttaken
Mei in espel wâldtsjers, foarse, rûge snaken
Fernao Dias Pais Leme opteach nei 't binnenlân.
O, hie 'k yn libbens moarntiid dy dochs skôge
Fan dûnkre wâlden frede, yn stille drôge,
Skôge dyn oarsprong, kein as it lemieren,
Doest fan de sinne patte en noch de berte
Biseffend fan de wrâld net yn dyn skerte
Geâl fan wylden heardest en rôfdieren.
Dêrbûten al, út baeijen blank omseame
En griene bochten, dêr't krystallen streamen
Núndrjend bispiele mennich rotsich sté,
Ut slinken, út riviermounings fandinne
Flechten de prauwen fan dyn bern derhinne
Stjittend op banken, kel, nei folle sé.
| |
| |
Fangende yn de seils de burde winen
Seachstû karvélen oan de kym forskinen
Tusken de sésang en de stille stjerren
En wylst dyn fuotten oer de strannen teagen
Seachst wâljen de oaseaen en fol de weagen
Fan mêsten, stjûnen, skip pen alle gearre.
Op 't wide en woeste wiid skaefden de klippen
Nidich har rompen, wounjende dy skippen.
Hoefollen net, dreaun fan in tsjoede wyn,
By de earste stjit as aeijen stikken brieken
En yn it skom dan, 't wite sieden, strieken
Skipsliken, earsuchts eart, de djipte yn.
Mar yn oerwinnings dwelm kamen oare
En as troch dize en misten einlings gloare
Dyn glimkjend grien four sémans langjende eagen,
Skeaten dy fol, myn lân, mei kleare drippen
En wie 't oft tillende dyn mantels slippe
Hja oan de oere it Eden iepen seagen.
Dryster, o alle dagen dryster wie de
Blanke oerwinner. Allyk oer de ierde
It springtij wiid de blanke tekken spraet
Fan 't woeste wiet, de wytlju fierder krongen.
En wé dyn bern... tobek waerden hja twongen
Sa't foar de sinne wykt it eange skaed.
Doarpen bispikk'len al de heuvelwannen,
It Kriús stie plante op de wite strannen,
Dêr't ûnder 't soeijend grien dat palmen spraetten,
Dyn fûstich skaei yn woltier wenje mochte,
Mar in wyn stie op dy't ûnk en ûnheil brochte,
Pealwurkers ombloes en dyn tsjoenders daette.
Mar efter rûge sierra's yn 't biskoatt'le
Gebiet dêr't ticht it njûre oerwâld woart'le,
Hwaens stammen troch 't liaengekronkel har
Leaven tilden, leavelêsten bluster,
Yn 't toarnewâld yn hwaens makaber tsjuster
De tapir glûpt en gûlt de jaguar.
Efter de toarnewâlden dêr't nomaden
Har kampen bouden yn de golle skaden
| |
| |
Fan de âldfaders, efter puollen slomjend
Binnen har oeren, tusken liisguod dreamend
Efter rivieren, fallend, strûzend, streamend
Oer kant'ge rotsen, yn ravinen gromjend,
Dêr soe it wylde kriichsrumoer net beare
Dêr, yn natûre djipten, ûnskanseare
Biwarrestû dyn keinens, hillich pân
O, hie ik doe dy skôge yn dream en slomme
Doe't it espel opteach ja, doe't ûnbiskromme
Fernao Dias Pais Leme opt each nei 't binnenlân.
II
De rich nei 't noarden niigd, fan mist biwuolle
De riedselsierra riist mank grize puollen
Blau oan har foet de Vupabussû sljurket
En wetters kroes, troch kleauwen sjittend, dellings
Fol sulvergrûs, biwietsje har de hellings
Yn hwaens spelûnken de smaragdskat fjurket.
O Dream, o Tocht nei Waensin har kontreijen
Hoefolle binden al, yn in blyn jeijen
Nei bút en rykdom tea gen moedich fuort.
Rounom, yn bosken, spjalten en moerassen
Biskynt de moanne nachts bleke karkassen
Dêr't hûngerwyld de jaguar oan skuort.
Hwat kin it skele? Help en hoede misse,
Sûnder honk lib je, dwale yn 't ûnwisse
Fan ûnk to ûnk, yn fûle kamp it sette
Tsjin 't hurde lot, tsjin himels tyrannije...
Earstû him dylgest, sil syn lean er krije
Woest berchlân: Cortez' skat hoede yn dyn skerte!
En sawn jier lang, ûntwinend o sa stadich
De tizelkleaun', al djipper yn it skadich
Geheim opkringend teach de Swalker nou.
O barre mars dy't minske of macht bilette
Sûnder ien leafdestoun... yn 't stege herte
Smoard elke oan tins oan hwat efterbleau.
En withwersanne hûngerhol fan eagen
Strûnde de Dea fol list en falske leagen
Om 't labyrinth fan har forbjustre doelen,
| |
| |
Opsette streamen liedend om har hinne
Loerend fan steile berchskeanten fandinne,
Dêr't siedend, tongerjend kaskaden foelen,
Bistopjende de romt', forgroeid, fortize
De swarte wannen fan it beamte rize
Hwaens muorre - né, nea wien' se sterk genôch -
Aljende winen om 'e nocht birounen
En hoe 't de haksebilen har ek wounen
Dei út, dei yn, hja swaeidene omdôch.
En binnen yn it wâld, fol kâlde skaden
En klamme skrik, weven de focht'ge kladen
Fan de lianen yn it ierdedûnker
En slangen syf'len yn it dûnker dêrre,
Suver elk leaf liet neare klachten hearre,
Yn elke grot wie njûr pupilgeflûnker.
Dêrnei op de plateaus... de rûge kampeminten
Yn flarden skuord, fortuteaze de tinten
Fan heil en stoarm, fan rein en winterfloed.
Hoe mennich man, neaken, fan toarst forsmachte
Bleau net binefter dêr, forgoed binachte,
Birikte nea dy faeije heuvelfoet.
Mar hwat koe 't skele? As de moarne ljochte
Oan fiere kym se wer de sierra sochten,
Nigend syn krún, hwannear soe er forskine?
Teek'ne tsjin 't swurk, hwannear soe mank de dize,
Smaragdemyn, it berchtme dan forrize,
Sels in smaragd, dy't fûnkle en forbline...
p>Op, op, efter de dûnkre wâlden leinen
Sompen en puollen, dridzige terreinen,
Yn 't sinnefjûr stimen har wetters blak,
Dêr't nacht en dei as rêstleaze fantasmen
Koartsen oer dwaelden, stjonkende miasmen
Deadlike raei oer 't rotsjend wetterflak.
De rûge berch nou, 't rotspoed fol gefaren
Bitusken swiere stammen skimen waren
Glûpende om - sums blonken fûgelfearren -
Sêft sûst in pylk... war jim, to wapen, 't binne
| |
| |
De Indianen, 't berchlân om har hinnë
Daev'ret fan kriichsgeroft, yslik to hearren.
Rivieren dan, oerstreamende en rôljend
Oer de iggen hinne, tongerjend en wâljend
Fornielend rizend ta in grauwe hoas
Oerâlde stammen roegjend, dindrje littend
Fan syn gewelt de loft, en fierdersjittend
Brûzende troch falleijen, wyld en boas.
Sawn jier mei Indiaen en rôfdier fjuchtsjend
Mei slangen, sompen, koarts, it rûch folk rjuchtsfend,
Bitwingende de kloft, al gnoarret, grom't er...
Sawn jier, en sjoch, by komt, de skat is garre,
Hoe hâldt er him oan 't herte, stiif biwarre,
De ponge mei juwielen, sjoch, dêr komt er...
Mar earne yn 't wâld, in middei, sinne tuolle,
Dêr bliuwt er stean, in lykkleur om 'e holle.
It is de koarts, d' oerwinner is oan d' ein.
Oerwoun by 't lân, nou sil it him oerwinne
De koarts, de dea... de Swalker slicht derhinne
Njonken in stream leit âldsk er en forslein.
III
Fernao Dias Pais Leme stjert, de stimme
Fan wyn omfierrens lit in klacht fornimme,
Drôf rûst it wetter, 't swurk barnt as in oune.
De sinne tuollet read, en sjuch, natûre
Bilibbet yn de selde tryste ûre
De helt syn deastriid en dy fan de joune.
Unkfûgels roppe yn it skaed biskûle
Slangen dy syf'lje, wylde dieren gûle
Fan fiere klippen, nacht komt stil fanwegen
Feal leit er yn it teale ljocht... de rouwe
Wâldtsjer wringt him yn de lêste pauwen
Fernao Dias Pais Leme stjert... en sjocht omhegen.
O dizze loaits nei 't swurk, de alderlêste
Al 't libben, it yn koarts en driften dwêste,
Yn ien loaits fiemjende de himelbôge!
Dy loaits, in pea, in pea fan de pupillen
| |
| |
Dy't smeekt, dy't drinkt it ljocht, it helderstille
En dan forkwynt, foar 't lêst de himel skôge.
Fol is de trâns, hja barne allegearre,
Nea flyture it sa, nea wie sa ryk bistjerre
It himelijild, it nachtlik dûnkerblau.
Sa sparke Venus nea en nimmer priele
Sa tige tichteby en nea net striele
Oer de lânsdouwe it Suderkrús as nou.
O nachten fan alear, as 't folk wurch sliepte
As rûzich wer de wyn om 't leger skripte
En de ûle klage, aeklik om to hearren.
Hoe faken, op in stille berch allinne,
Seach er dan net, út dûnkre kym fandinne,
De krânsen rizen fan de gouden stjerren.
Stjerren farwol, farwol o griene tûken,
Hwat koen' jim moarns fris en oerhearlik rûke
Nêsten sjongend omheech, widzfende kemenaden
Mûnter fan minne, wûndermoaije hjersten,.
Wolkens en fûgels nacht! Nacht, blommen, bisten,
Swart sinke oer Fernao Dias dea syn skaden.
De stoere Wâldtsjer stjert, alhiel forlitten
Syn woest burd klibbet gear, trochwiet fan switten
En yn syn learen dracht, skuord en fol skrammen
Leit er en smoart hast yn syn stjelpich kriten
En by de beammen, rûch fan parasiten
Is sels in beam er, in ômrûgle stamme...
De dwyl bigjint, syn hân fan koartsen riden
Riist, fielt en taest, en glydt dan têd fansiden,
De krûme fingers klauwe yn blabber swart,
Oant tusken woartels, bliedend, se 'm bisette.
Hy grypt de pong, by triuwt him oan it herte
Oft er him dêr bidobje woe, dy skat.
O sljuchte dwaes, dyn skatten idel binne.
Sawn jierren lang in wolken mar allinne,
In drôch, in evele drôge eftersitste.
Heechmoed bitriek dy, stjerre in bidler moatste
Sûnder ljocht, leafde, freonen, sûnder datste
Mei in pea, in freonepea bitsjinne wurdste.
| |
| |
En om to stjerren wie 't en to forlijen
Sûnder dat hwa, dyn namme snokfend, dy in
Koele dronk biedt en dy biddend treast,
Dat hurd dyn foet oer alle herten wâlde
En datst de frou, dy't yn 'e earms dy hâldde,
In deadlik gif djip yn de siele geatst?
En sjuch, de dea is dêr, bleker allinken,
Bigjint er yn de deasliep wei to sinken
Mar oer it antlit lûkt him dan in gloede
En hèn, dit antlit, bleek en hol, fan honger
En leed fornield, hèn, it wurdt strieljend jonger
Oft in aertsingels wjok it leaflik roerde.
IV
In mylde glâns gloarret him yn de eagen
Syn mûle ûntfljucht in glimk, de swarte reagen
Skuorre, hèn, it njoere tsjuster brekt!
In griene ljochting tsjoent de leave moanne
En, krekt as woed er de nâtûr omspanne,
Fernao Dias Pais Leme de earms omhegen stekt.
Grienflûnkerjend de hege stjerren bloeije
Grien yn it griene wâld de twigen soeije
En op de nachtwyn wevelet grien blomte.
Sjoch, griene blitsen skuorre 't sûmber dûnker
Grien de rivier floeit, al smaragdeflûnker
Smaragden reint it út de griene romte...
't Is as forriist er, 't lichem twingt omhegen
It libben triomfear't yn ljochtleaze eagen
En dit hantsjefol ierde, dit forachtlik tsjêf,
Wrakslet om 't leave libben, ing omfatte,
Hy beeft, by sit, by harket skerp, en heart de
Stim, dy't yn de romt allinne by mar heart.
‘Stjer!, yn dyn hân sil de juwielen stjerre
Forgonklik as in dream, ta drek bidjerre
Hwat let it, sliep yn fré, dyn taek dy is birêdden
Oer de lânsdouwe, en by de berchwân lâns, in
Smaragdekeatling lyk, fol swide glânzen
Riigje ienris swidd dyn doarpen en dyn stêdden.
| |
| |
Earjuster, doe't de kloft, fan ûnrêst pleage,
It kamp forllet, wer dobble en wer weage
Oft noard of sûd hja better bêddings foun
Stiene op de heuvel fan dyn foet biltongen
Rju strieën hutten en mei ljochte tongen
Forjage in fjûr de tsjusternis yn 't roun.
By dit blyn dwalen, nearne en oeral hinne
Wiestû in libbensboarne allyk de sinne
Hwat nije wegen hat dyn soal net sljuchte!
Elk rûme kamp ta nije oerwinnings laette
En dreamend oars net as fan eigen bate
Hast as in God de wyldernis bifruchte.
Stjer, mar yn 't paed, datst gyngste, libje silste.
Dyn namme rûst en reauntet yn de tryste
Sang fan de Guacuf, st jer, pionier.
Silst libje as dyn bloed, yn soppen stige
De foarse beam biedt en yn griene twigen
Om nêsten nûnderest en blommen blier.
Stjer, mar it hillich sie... stjer, mar dyn hjitte
Triennen en dyn swit, hja kjimje jitte
Dyn nachtleed en dyn hûnger sille drage...
En lizze ienris fleurich hjir de geaën
Wreidzje de rispings Onder sinne' peaën
Wreidzje troch leafde' peaën hjir de stagen.
Dan sjongst yn 't kloklet, yn it liet fan smidten
Yn 't drok gewoel fan folk yn folle strjitten
Yn arbeids hymne, sang fan frede nolk
En trotsfend il forfit silst ieuwen letter
O wyldernisbifruchter, stêdde-oansetter
Jit libje yn it hert fan 't eigen folk.'
De slimme swift, de ierde leit yn dreamen
Mank roerleas beamte glide stille streamen
Koel sulverljocht, de moanne sylt omhegen
En kalm oan it memmich hert fan d' ierde
Under it fredich ljocht, dat stjerren spriede
Slút Fernao Dias Pais Leme wurch de eagen...
|
|