forwegen sei er: ‘wetter’. Dan dreage Wierd út 'e roastige bus. Net to folle, net to folle. Hja fordiene dêr mear as in ûre mei. Doe reepte Teade in snypseltsje papier mei syn knyft yn twaën en in dûbeltsje bleau hingjen oan 'e skerpe sneed. Hja knikten swijend, hellen elkmis it mes noch ris oer de ilige hân en burgen it op. Sa wie it goed.
Hja Teten hwat earder. Fjouweresom om in machtige panne. Hja Teten as bisten, skrokrich. Romk en Maei ek, de hiele panne leech. Wierd skrabe 'm út. Hja koene der wer tsjin.
Romk die de lêste fregen. ‘Hast de pong, Wierd? Hawwe jim de messen? Tink der om, siikje gjin fjochterij, mar as it der ta leit, byt fan jimme ôf.’
De jonges grânzgen, it wiene gjin wurden, likegoed wie it dúdlik.
‘Ik woe wol mei’, nokkere Maei, ‘de mallemole en muzyk en dounsje.’ Lef praet, dêr't nimmen antwurd op joech.
‘Dû moatst de bargen fuorje en aenst iten foar de bisten meane’, hjitte Romk. De fodze moast yn it wurk stean, de lea fiele, dan gyngen de healwizichheden der wol út.
De jonges stieken ôf, sûnder groet. Hja namen it heidepaed. Wierd hie de foarstap, Teade roun trije trêd efter him oan. Swijend rounen se troch de foarsimmerske wrâld. Hja hiene gjin each foar de blauwe loft mei wite wollige wolkens. Hja hearden de lytse ljurken net en sloegen de heiderobyntjes gjin acht. It wie skraechwurk twa ûren gean. Hja kôgen swarte tabak en swijden.
Al hast by it doel fan har reis seach Wierd skean efterom en sei: ‘Joun gean 'k mei Tsieds fan wylde Geart nei hûs.’
Dat hie er to sizzen en like gjin antwurd to forwachtsjen. Teade knikte wol twa, trije kear ear't er ta wurden kaem. ‘Ik tocht dat Tsieds mei greate Nammele wie.’
‘Nammele is in knyn’, grânzge Wierd en Teade sei it him nei, ‘Nammele is in knyn.’
It muzyk fan de mallemole kaem harren to mjitte. Dêr wie in oaljekoekskream en in kop fan jut. Hja taelden der net nei. Earnstich stoepen hja troch de heane buorren, rjocht op it doel ôf, de skimerige jachtweide fan it âld weardshûs efter de linebeammen.
‘Twa kleare.’ Hja nipten foarsichtich fan it bitende guod, de bihindige romers ûnbiwend tusken de grouwe fingers. Hja krigen gjin selskip en hiene dêr yn it minst gjin forlet fan. Hja wiene oan it merkehâlden. Nimmen wist hwat der yn har omgyng. Twa swijsume grouwe keardels mei loerende eagen. De roeken. Wierd hoegde de hân mar op to stekken, dan skeat