De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 289]
| |
Ierdsk
de dagen binne
ynein en wolle
gjin tiid mear wêze
en alle ûren
lykje op inoar
alle huzen
binne tichthuzen
alle strjitten ha
deselde namme
rjochtingsleas
ik bin
dêr't ik weikom
en bliuw
dêr't ik net
wêze wol
| |
[pagina 290]
| |
Pinksterwunder
it blide boadskip
wurdt yn nije
wurden getten
djipper
taestend nei it
beevfend bloed
it hillich fjûr
tobaernt it
deistich kleed
en follet
tong' en tael
mei Geast
| |
Moarn
de dei stjert
yn ôfgeand tij
de nacht
om my hinne
is forlitten strân
mar de delgong
fan myn bloed
bidet de komst
fan de floed
|
|