Koart nijs
Foar de iepening fan de Fryske Boekewike hawwe S.J. van der Molen, D.A. Tamminga en P. Terpstra in kabaretprogramma Jubileumútforkeap skreaun, dat op de jouns fan de 9de oktober yn Boalsert opfierd wurde sil troch krêften út de Fryske kabaretwrâld. * Paulus Akkerman hat in nije roman ré: Reinder fan Kobus' Wytske. * Fryske útjeften wurde regelmjittich bisprutsen en oankundige yn it periodyk Books Abroad, in ynternasionael litterair orgaen, dat útjown wurdt troch de University of Oklahoma Press. Dizze skôgingen wurde, sa fornijt Frisian News Items, gauris forsoarge troch dr. Marten ten Hoor, Fries fan komôf (1890 yn Frjentsjer berne), dy't in mennich tige forneamde boeken op it mêd fan de wiisbigearte en de opfieding op syn namme hat. * Yn de nije jiergong fan Maatstaf sil Simon Vestdijk in rige ‘herinneringen aan tijdgenoten’ publisearje, û.o. oan Nijhoff, Slauerhoff, Marsman, Ter Braak en Du Perron. * Neffens in ûntwerp-regeling sil it ministearje fan U., K. en W. in oanfoljend honorarium tastean foar de meiwurkers fan de (subsidiearre) litteraire blêdden yn Nederlân fan twa goune de bledside. * De bondel essayistysk proaza Omgong en trochtocht fan Jan Piebenga, dy't de skriuwer yn syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse al as yn 1957 op útkommen steande oanjown hie, sil nou dizze hjerst forskine by Osinga, Boalsert. * Fan de dichter Muus Jacobse, pseudonym fan prof. dr. K. Heeroma, heechlearaer yn it Nedersaksysk to Grins, sil earstdeis in nije bondel Nederlânske poëzij it ljocht sjen. * Lolle Nauta is rékommen mei it skriuwen fan in akademysk proefskrift, dêr't figuer en bitsjutting fan ‘de Frjemdling’ by greate Europeeske
skriuwers as Dostojewski, Eliot en Camus yn bihannele wurde.
FREARK DAM.