Op it harspit:
Moeting fan fyftigers en fyftigers
It litterair symposion dat fanwegen redaksje en útjowerij fan dit tydskrift okkersneons to Ljouwert hâlden is oer de ûntjowing fan de Fryske poëzij nei 1945, wie lyk as alle litterair ûndernimmen yn 'e foarm fan gearkomsten, in treffer. Soks kin rounom to wrâld, mar yn it sinnige Fryslân dochs, tige syn útfallen hawwe. De kar fan in sintrael ûnderwerp, hwerfoar't de bilangstelling by genôch iju libbet en de dêrmei gearhingjende fraech oft der minsken op ôfkomme sille en fierders oft de sprekkers foldwaende op it skerp steane en mooglikheden ta diskusje iepenlitte, meitsje de kâns op slagjen of mislearjen altyd wif.
Gelokkich is de Tsjernemiddei fan 5 septimber yn it Kunstsintrum, dy't in treffer wie, einliks tige skoan útfallen en in foltreffer wurden. Dat der meast jonge minsken opkommen wiene en dat it forum, ûnder de kundige lieding fan Freark Bergstra, biskate striidpunten net hwat forhimmele, mar dúdlik de forskillen wjerspegele dy't har op 't heden yn ús litteratuer opponearje, wie op himsels in ding om wiis mei to wêzen.
Dit gearwêzen hat sûnder oerdriuwing grif foldien oan de easken, dy't men it bigryp symposium, as byienkomst ta bisprek fan in wittenskiplik of kunstsinnich ûnderwerp, stelle mei. Ek de bitsjutting, dy't de âlde Griken der oan joegen, ntl. drinkgelach mei tafelpetearen en gesellige omgong (in omskriuwing út de Nederlânske Van Dale, dêr't men as net-klassikus by soks wol op oanwiisd is salang't der gjin frysktalich Great Wurdboek foar jin as Fries bistiet!) koe in ein hinne op dit symposion slaen. Al moast hwat it drinken oangiet it omsittend laech him dan biheine ta de mooglikheden dy't de Prinsetûn biedt en dy't lizze tusken sherry en blaumûtske, de petearen hwerfan't de wurden bytiden as wetter oer de tafel skolperen, wiene soms Plato-en-dy net alhiel ûnweardich. En ek de ‘omgong’ wie geselliger- en spannendernôch om der goed wekker by to bliuwen en it libben by to hâlden.
As op dit symposion ien ding bliken dien hat, dan wol dit, dat it yn Fryslân hege tiid waerd om de nijere, meast non-signifikante poëzij ris to konfrontearjen mei dy fan de âldere dichters, dy't har hâlde by de tradysje fan de biwende poëtyske signifika. Oer dizze forskillen bisteane ek by it Fryske poëzijlêzend publyk noch gâns misbigripen en foaroardielen. Dat koe opmakke wurde út de fregen dy't út de gearkomste wei it forum birikten, mar ek út de diskusjes dy't it forum sèls somtiden yn twaën reepten. Al binne der ek party aspekten yn 'e dize hingjen bleaun (rasionéle helderheit is nou ienris in bigeliedingsforskynsel dat him min mei moderne kunst, ek dichtkunst, forstiet), dochs binne der kanten fan dizze ‘spjalt in poeticis’ bleat kommen, dy't mei it ûntkennen fan generaesjeforskillen min oer to brêgjen binne.
Dat Jelle de Jong, as fortsjintwurdiger fan de jongere dichtersgeneraesje dit toernoai oandoarst, is tekenjend foar it feit hoen ynmoed him as eksperiminteel debutant de ûntjowing fan de Fryske poëzij wêze moat. De Jong, Nauta en Schurer hawwe in gefjocht hâlden foar de spegel, sûnder der in spegelgefjocht fan to meitsjen. It wie in moeting fan ‘fyftigers’ en ‘fyftigers’ dy't om fuortsetting freget.
D.A. TAMMINGA