De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 273]
| |
(Selde toaniel mei beide stêdden oan de hoarizon. Op 'e foargroun in hoale yn 'e groun, dêr't earder de skeppingsklaei wie; mar der binne tekens dy't der op wize, dat de hoale biwenne wurdt: hwat wask oan 'e line, frijhwat ôffal oer de groun; njonken de hoale is in geitehok, hwerfan't de muorren foar in part makke binne út in tinkstien mei it opskrift ‘Hjir is de skepping foltôge’, foar in oar part fan Adams boerd mei it opskrift ‘De wrâld moat forneatige wurde’.)
Earste moarnsdage, noch ear't de sinne riist.
ALTER EGO:
(komt op fan lofts, mei in kofferke yn 'e hân)
Net iep hat my sjoen.
(Sjocht om him hinne.)
Hwat is it al jierren lyn dat ik hjir wie...
ADAM:
(komt op fan rjochts, mei in kofferke yn 'e hân)
Sa bin ik hjir dan doch werom. De wrâld leit noch yn 'e sliep. Allinnich de Skepper is towekker...
ALTER EGO:
Heu, is dêr ien?
ADAM:
Heu! Hwa is dat dêr?
A.E.:
Dou bist it, leau 'k, nou Adam? (Hy hâldt it kofferke efter de rêch.)
ADAM:
Alter Ego! Hwat dochstou hjir sa bitiid?
(Hy hâldt it kofferke ek wei.)
A.E.:
O, neat bisûnders. My efkes trochwaeije litte. En dou?
ADAM:
Ik sliep mar min, dat ik bin der krekt efkes út foar in kuijerke.
(Stilte.)
Giest daliks wer nei hûs ta?
A.E.:
Hoe dat sa?
(Giet op syn kofferke sitten.)
It is hjir sa hearlik koel op 't heden... (Stilte.)
ADAM:
(giet ek op syn kofferke sitten)
Ik bin hjir kommen om... sa to sizzen... om allinnich to wêzen. (Hy suchtet.)
A.E.:
(giet hwat fierderôf sitten)
Ik wol dy net hinderje.
(Stilte.)
Adam, sitst faeks earne mei?
ADAM:
Hoe bidoelst? Alles is yn oarder...
(Suchtet djip.)
Dou witst, dat ik Lily forlern haw, nou?
A.E.:
Ja, ik haw 't heard. Myn oprjochte dielnimming, Adam. Hwat wie der eins oan mei har?
ADAM:
Neat, winliken. Hja woe meagerder wurde... Hja woe altyd mar hawwe, dat ik har to grou skepen hie. Nou, siz ris | |
[pagina 274]
| |
earlik, wie hja grou of net?
A.E.:
Alhiel net tò grou. Earder oarsom.
ADAM:
Dêr sjochst nou. Mar hja woe alhiel net nei reden harkje. Hja waerd tinder en tinder, oant hja op in dei... fuort wie.
A.E.:
(suchtet)
De lju binne altiten ûntofreden. Myn wiif is... hja is ek gien.
ADAM:
Deagien?
A.E.:
Né, hja libbet noch.
(Stilte.)
ADAM:
It sil ek wol sa wêze moatte. Eltse skepper moat úteinliken allinnich wêze.
A.E.:
Dat is wier, Adam, pûr-allinnich. It is ûntankber wurk.
ADAM:
Jawis - de lju binne ûntankber.
A.E.:
En slim hinne-en-wer. Earst wolle hja dit, en dan wolle hja krekt it tsjinoerstelde wer...
ADAM:
(skuort syn sit hwat tichterby)
En it is ûnmooglik en doch it allegearre nei 't sin. Alhoewol, ik mei net kleije...
A.E.:
Ik ek net, Adam; krekt oarsom.
ADAM:
Ik bin alderraerste populair by myn folk. Soest it net heal leauwe kinne; hja geane foar my troch it fjûr. Mar, fansels, dou witst it wol: hja hawwe sa faek mei dyn lân fochten... en sa fûleindich!
A.E.:
Ei ja, witst it wol, wy hawwe it woun de lêste kear.
ADAM:
It komt my op itselde del. De iene kear binne wy it ris, en de oare kear binne jim it ris. It is doch eins ien-tût-mem. By eintsjebislút is it krekt, oft net ien it woun hat, en net ien it forlern; it iennichste dat wis is, is, dat de Iju wer ris fochten hawwe om it ien of oar.
A.E.:
En altyd foar hwat greats, foar har eare, har leauwe, foar dy, foar har lân...
ADAM:
Hja fjochtsje der foar, en dêrom liket it harren hwat greats ta. Sa sit dat, Alter Ego; en dat is de reden, dat ik harren net kearde hwannear't hja de kriichstrompetten bigounen to bliezen.
A.E.:
O, hwat wie dat in greate tiid!
ADAM:
(suchtet)
Dy goede âlde tiid! Mar hwat kinne wy der al oan dwaen? De wrâld moat him nou ienkear stadichoan ûntwikkelje. Hwannear't hja nou hwat oars wolle, my bêst. Dat is de logika fan de skiednis.
A.E.:
Ei ja, en it is einliks in foarútgong: earst fjochtsje ús folken tsjininoar en dan wolle hja ta iensens komme. Mar ik freegje my wol ôf, hwerom't hja dat efter ús rêgen klearmeitsje.
ADAM:
Dat is it him krekt. As soene wy dwerse kneppels smite wolle. It is ommers ús eigen earder idé, ta iensens to kommen! Witst noch wol? It wie hjirre... | |
[pagina t.o. 274]
| |
Adam de Skepper: 6e bidriuw De Striid (iepenlofttheater Beetstersweach)
Foto J.D. de Jong | |
[pagina 275]
| |
A.E.:
Hoe soe ik soks forjitte, bêste Adam?
ADAM:
En nou binne hja sels einliks sa fier, en nou wolle hja it útfiere As wie it in revolúsje! Tusken heakjes, ik haw fortellen heard dat hja... dat hja dy ôfsette wolle, sa to sizzen.
A.E.:
Nou, ik bin bang, datst net goed op 'e hichte bist. Ik haw fortellen heard, dat stou dat wiest, dêr't hja dat mei fan doel wiene.
ADAM:
Dat moat in forsin wêze. Ik haw my nou al tiden op de eftergroun hâlden... út eigen frije wil, fansels. As har skepper, sjoch, kin ik it alhiel net fan doel wêze en smyt harren dwerse kneppels.
A.E.:
Ik stean der krekt sa ûnder. En boppedat, it is by my ek in kwestje fan prinsipe. Sels hwannear't hja my freegje soene to bliuwen, soe ik sizze: ‘Né. Bistjûr jim sels mar. Ik haw myn wurk oan kant.’
ADAM:
Sa is 't. Ik bin mar foar ien ding bang: dat hja alle gesach oerboard smite sille, hwannear't wy der net mear binne. Der moat doch hwat bliuwe.
A.E.:
Sûnder mis. Eat om harren yn 'e stokken to hâlden.
ADAM:
Eat dat hja forearje kinne.
A.E.:
Wolst ek in taspraek hâlde, hwannear't hja komme?
ADAM:
Né; ik wol foar harren forskine.
A.E.:
As forkiezingskandidaet?
ADAM:
Né, inkeld as Skepper. Hjir yn dizze hoale, op de hillige groun fan de skepping.
A.E.:
Ast it witte wolst, ik wie krekt itselde fan doel. Ik haw de spullen meinommen.
ADAM:
In taspraek?
A.E.:
Né, in kostúm. In soarte fan feestpakje, sjoch. Om sa foar harren to forskinen mei it uterlik fan in Skepper. Ik haw it noch net earder oanhawn.
ADAM:
En hwat guod hast útsocht?
A.E.:
Blauwe side. It is ienfâldich en weardich. En hjir en dêr in pear sulverne stjerren der op. En hoe is dines?
ADAM:
Rea brokaet. Fjûrread mei goud; it hat hwat plechtichs oan him; en it binne ek de kleuren fan it libben, sjoch.
A.E.:
Net min. Blau mei sulver jowt faeks hwat in tryst effekt.
ADAM:
Mar ja, it is doch sierlik, hear. Dou silst it earst foar it folk forskine, wolste?
A.E.:
Ik wit net. Ik soe leaver wachtsje dat...
ADAM:
Siz, wy soene togearre nei foaren komme kinne. As skeppers dy't it iens binne foar in wrâld dy't it iens wurden is.
A.E.:
Mei inoar by de hân fêst.
ADAM:
En dan sil ik sizze: Frede mei jimme! | |
[pagina 276]
| |
A.E.:
En dan sil ik sizze: Wy bringe jim frede foar altyd!
ADAM:
Dit is de lêste skeppingsdied: lit de wrâld ien en mien wêze!
A.E.:
Lit it skeppingswurk folslein wêze. It minskdom is forlost.
ADAM:
Sa mei it wêze! - Alter Ego, dit sil hwat machtichs wurde! Ik tink, hja koene, hja moesten eins in timpel sette hjirre.
A.E.:
De timpel fan de Skepping.
ADAM:
En wy soene der de rest fan ús libben yn frede yn tahâlde kinne...
A.E.:
En út en troch soene wy ris foar har forskine...
ADAM:
Mar inkeld hwat op ôfstân, hear. Tichteby is net sa... ik wit net hoe't ik it sizze sil...
A.E.:
Ja. Hwat fierderôf as wy binne, hwat greater wy lykje sille.
ADAM:
En dit sté moat hillich bliuwe, en kein. Inkeld guon spesiael ynwijde minsken meije hjir komme...
A.E.:
En dan foar bipaelde seremoanjes.
ADAM:
Fansels, dêr bidoel ik net mei dat der prysters wêze soene; op geastliken haw ik it net stean.
A.E.:
Ik ek net; mar sokssahwat sil it doch wol wêze.
ADAM:
En wy sille sa to sizzen hegere wêzens wurde. Fansels, ik bidoel net: goaden...
A.E.:
Fansels net; mar sokssahwat sil it doch wol wêze.
ADAM:
Krekt. Ik stel dit net út fanwegen persoanlike idelheit, hear!
A.E.:
Ik ek net, hear. Allinnich mar fanwegen de bilangen fan it minskdom.
ADAM:
Sa sit it. Dat hja hwat hawwe om ta to bidden.
A.E.:
En dat hja leauwe meije as bern. Mar hja sille hjir aens daliks wol komme; wy moatte sjen dat wy de klean oankrije.
ADAM:
Hjir is de hoale. En wy forskine dan foar de iepening.
A.E.:
Hân yn hân. Kom mei, ik sil dy yn 'e klean helpe.
ADAM:
En ik dy.
(Hja gearre nei de hoale.)
A.E.:
It rûkt hjir hwat nuver.
(Hja geane der yn.)
ADAM:
(binnen)
: Der is hjir ien!
A.E.:
(binnen)
Minsken of soks.
ADAM:
(binnen)
Né, gjin minsken. (Hja komme der hastich ta út, dúdlik hwat folslein.)
A.E.:
Ik haw dêr binnen hwat skrikliks sjoen. It wie wol sawn kear sa great as in minske.
ADAM:
Der wiene swarmen fan, om it fjûr hinne. Ik seach sawn koppen; it is ôfgryslik!
A.E.:
Seachst wol, hoe't de eagen gluorken?
ADAM:
(ropt)
Hé munster, hwatst ek mar bist, kom der út!
A.E.:
Kom der út, reus! Derút, dou gedrocht!
ADAM:
Hast wol heard? Der forweecht hwat! | |
[pagina 277]
| |
A.E.:
Dêr komt it oanrazen. Kom foar 't ljocht, duvel!
(Der forskynt in rûch, sútrich baeske.)
ADAM:
Mar dat huw ik net sjoen! Hwa bistou?
A.E.:
Bist dyn tonge kwyt? Hoe hjitstou?
(Der forskynt wer in bern.)
ADAM:
En hwat is dit hjir?
(Tredde bern forskynt.)
A.E.:
Noch sa'n protsje?
(Fjirde bern forskynt.)
ADAM:
Sa kin 't wol, hear! (Fyfte bern forskynt.)
A.E.:
Dit is fier bûten roali! (Sechste bern forskynt.)
ADAM:
Heu dêr! Is dêr noch ien?
STIM:
Ik, sjef!
ADAM:
Hwa is ik?
STIM:
Goasse-to-min.
(Hy komt út de hoale wei.)
Moarn, mynhear. Nou, jonges, fei de noas ôf en siz de hearen moarn!
ADAM:
Bistou it dus, Goasse-to-min? Libbest noch? Hwat dochst eins?
GOASSE-TO-MIN:
Hwat soe ik dwaen, achte hear? Bisykje troch de tiid to kommen.
A.E.:
En hwat is dat allegearre?
GOASSE-TO-MIN:
Lytsguod, mynhear.
ADAM:
Al dy bern, hwer hast dy weikrigen? En hwer is 't wiif?
GOASSE-TO-MIN:
Mei 't wolnimmen, mynhear, in earm man hat altyd fan dat jongguod, nou?
ADAM:
Mar wy hawwe dy ommers gjin wiif skepen?
GOASSE-TO-MIN:
Nou, mynhear, net ien skept in earm man. Fansels net, mynhear. Mar hy is der dochs!
A.E.:
Mar hwer hast in wiif weikrigen? Moatst doch wol ien hawn hawwe, om al dat berneguod to krijen.
COASSE-TO-MIN:
Nou, dizze bern krije wol hwat, en ik krij wol wat, likegoed.
A.E.:
Earme keardel. It mealt him in bytsje.
GOASSE-TO-MIN:
Sa is 't, mynhear; mar ik moat earst efkes de lytse mantsjes oan.
(Slacht efkes hastich yn 'e hannen.)
Nou, foarút dou, sjoch om ierpels. En dou, avensearje, skuor hwat gers foar de geit. Dou útein, helje hwat poddestuollen. En dou, foarút, hwat kachelhoutsjes. En sjit op, jimme!
(De bern fleane, wyld baltend, fuort.)
ADAM:
Siz, Goasse-to-min, hwer hast al dy bern wei?
GOASSE-TO-MIN:
Nearne wei, mynhear. It komt fan dat it sa tsjuster is dêrbinnen.
A.E.:
Hwerre? Hjir yn dy hoale? Wenje jim dêr allegear yn?
GOASSE-TO-MIN:
Ja, mynhear. Hja wolle ús dêr net hawwe, en hja wolle ús dêr net hawwe.
(Wiist nei de beide stêdden.)
ADAM:
En hoe komst troch de tiid, hoe hast dat eins?
GOASSE-TO-MIN:
Krekt sa't it komt, mynhear. Goasse-to-min pakt alles oan. Dongkroadzje, mynhear? Houtkapje, mynhear? | |
[pagina 278]
| |
Deade houn strûpe, mynhear? Komt klear, mynhear.
ADAM:
Né, wy ha nearne forlet fan. Of, wachtsje efkes, der sil hjir hwat folk komme fan de beide stêdden, bigrypst? Soest it hjir wol hwat oprêdde kinne.
GOASSE-TO-MIN:
Komt klear, mynhear, ik sil it hwat oprêdde.
A.E.:
En yntiid lûke wy ús werom yn 'e hoale.
ADAM:
En dan sille wy foar de iepening forskine...
A.E.:
En op dat stuit, Goasse-to-min, stekstou in stik Bengaelsk fjûr oan, krekt fóár ús. Dat is mar hwat fjûrwurk.
GOASSE-TO-MIN:
Dat sil moai wurde, mynhear!
A.E.:
Ja wis. Bring ús bagaezje efkes yn 'e hoale.
GOASSE-TO-MIN:
Ja mynhear.
(Hy kriget de beide kofferkes op en tôget se yn 'e hoale.)
ADAM:
Ofgryslik! Hwat doel yn 'e goedichheit hat soks, hy en syn bern?
A.E.:
Gjsin inkeld doel. Hja steane bûten it hiele skeppingswurk.
GOASSE-TO-MIN:
(werom út de hoale wei)
It is der yn, mynhear.
A.E.:
Goed. Sa gau't it folk bigjint to kommen, fuort dou, yn 'e hoale. Bigrepen? Kom mei, Adam. (Hja geane beide yn 'e hoale.)
GOASSE-TO-MIN:
(kriget de biezem)
Himmelje, feije, bealgje en wrotte, en dan fuort dou! Goasse-to-min hat altyd wol hwat omhannen.
(Klaut him.)
As der mar net sa'n soad flieën wiene hjir! Heu, dêr komme se oan! Fuort dou, Goasse-to-min!
(Krûpt yn 'e hoale.)
(De Adamiten komme fan rjochts oantugen.)
EARSTE MAN:
(reedner)
It is tiid.
TWADDE MAN:
(learde)
Hwer binne hja?
(De Alter Ego's komme op fan lofts.)
1e A.E.:
It is tiid.
2e A.E.:
Hwer binne wy? DE ADAMITEN: Eala, freonen!
ALLE A.E.s:
Eala!
REEDNER:
Binne jim der allegearre?
1e A.E.:
Allegearre. Lit ús bigjinne.
REEDNER:
Bést.
(Klimt op it oprjochte platfoarm.)
Revolusionaire groeten oan jim allegearre. Ealal
ALLEGEARRE:
Eala!
REEDNER:
Freonen! Offurdigen! De earste kwestje is dizze, oft dizze histoaryske moeting iepene wurde moat mei de wenstige formaliteiten, lyk as kontrôlle fan de folmachten, it kiezen fan in foarsitter, en sa fierder.
ADAMITEN:
Net nedich!
ALLE A.E.'s:
Lit ús bigjinne!
REEDNER:
Sa tink ik der ek oer. Freonen, wy binne hjir net kom | |
[pagina 279]
| |
men om to harsenskraebjen. Wy binne hjir kommen om in nije wrâld to skeppen. Alles is regele. It komt der inkeld noch op oan, ta dieden to kommen.
1e A.E.:
Ik stel út, dat alle grinzen ôfskaft binne; dat ús beide frije naesjes ta ien wurde; dat alles hwat harren fordiele mei oan kant giet.
ALLEGEARRE:
Oannommen!
LEARDE:
Ik stel út dat Adam, ornaris bikend as de Skepper, ôfset wurdt; dat der tonei gjin skepper mear wêze sil; dat de leginde fan de skepping ta dwaze mythe forklearre wurdt; dat der bisletten en offisieel fêststeld wurdt, dat de wrâld troch natuerwetten ta stân kommen is.
ALLEGEARRE:
Oannommen!
2e A.E.:
As twadde punt stel ik út, dat Alter Ego, dy't himsels foar skepper ú;tjowt, ôfset wurdt; dat alle weardichheden en rjochten him ûntnommen wurde sille; dat er forballe wurde sil nei bûten de grins.
REEDNER:
Ien praktyske opmerking: mei it each op it feit, dat alle grinzen ôfskaft binne, sil it net mooglik wêze immen oer de grins to setten.
1e A.E.:
Pak him dan op!
3e A.E.:
Hingje him dan op!
2e A.E.:
Slút him dan op!
REEDNER:
Der wurdt útsteld, dat de eardere skepper opsletten wurde sil.
ALLEGEARRE:
Oannommen!
REEDNER:
Op dit plechtige stuit is it âlde regym ôfskaft. Rjochtsje de tinkstien op. (Hja sette in great skoalboerd del, mei it rûge opskrift: ‘Hjir is de skepping ûntstriden’.)
REEDNER:
Dit is in tydliken-ien. Skielk sille wy in bliuwenden-ien oprjochtsje.
LEARDE:
(plechtich)
Hjirmei is dan it tiidrek fan soun forstân iepene. Soun forstân sil alle wanleauwe útroegje. Soun forstân sil alle gewelt útroegje. Soun forstân sil alles útroegje
FILOSOOF:
Ik stel út, dat mei in plechtige, ûnforbrekbere, djûre eed de ivige frede ôfkundige wurde sil, mei dêrby de ienwurding fan alle idéën en mieningen.
ALLEGEARRE:
Oannommen!
REEDNER:
Swarre jimme dat?
ALLEGEARRE:
Wy swarre dat!
STIM UT DE HOALE:
Goasse-to-min, stek oan!
(Bengaelsk fjûr bigjint to lôgjen yn 'e hoale, en Adam en Alter Ego, beide tige sierlik yn 'e klean, forskine dêr; hja hawwe inoar by de hân.)
| |
[pagina 280]
| |
REEDNER:
Hwat wolle jimme? Jim wiene net oproppen om hjir to forskinen.
ADAM:
Frede mei jimme allegearre!
1e A.E.:
Hâld jim der bûten! En hjirwei graech!
LEARDE:
Jim hawwe hjir neat nei foaren to bringen.
ALTER EGO:
Wy bringe jimme frede foar altyd!
2e A.E.:
Smyt se der út! Derút mei harren!
(Greate herje.)
REEDNER:
Boarger Adam en boarger Alter Ego, ik wol jimme meidiele, dat de Rie fan Offurdigen fan beide helten fan de wrâld jimme beide ôfset hat en jimme skeppingswurk en dêrby meiiens jimme rjochten, titels en amten ôfskaft, forfallen en fan ûnwearde forklearre hat. Hawwe jim ek noch hwat op to merken?
ADAM:
(komt oerstjûr ta de hoale út)
Ja! Jim kinne mei my dwaen hwat jim wolle, jim kinne my folterje of ophingje; mar jim meije net ûntstride dat ik jimme skepen haw!
LEARDE:
Dat is wanleauwe!
1e A.E.:
Wy hawwe niis krekt it tsjinoerstelde bisletten!
ADAM:
De wierheit kin net by bislut fêststeld wurde...
2e A.E.:
Unsin, de wierheit is krekt datjinge, dat by bislut fêststeld is. In folsleine mearderheit kin alles ta wierheit forklearje!
ALTER EGO:
(komt nei foaren)
Harkje nei hwat ik sizze sil. Ik kin tsjûgje, dat Adam de wrâld skepen hat.
FILOSOOF:
Neat fan wier!
ALTER EGO:
Hwa hat it dan dien?
FILOSOOF:
Net ien. Ik stamje fan in aep ôf!
ALLEGEARRE:
Wy ek, wy ek!
REEDNER:
Stilte! Boarger Adam, wolst fêsthâlde oan dyn forklearring, datstou de wrâld skepen hast?
ADAM:
Dij haw ik skepen.
REEDNER:
Ik hâld dy oan dyn wurd! Hwerom hast dat dien? Hwa hat der dy om frege? Hwannearstou de wrâld skepen hast, sille wy twongen wêze en rop dy dêrfoar ta forantwurding. Ik freegje dy dus foar de twadde kear: Bistou de skepper fan de wrâld?
ADAM:
Ja!
REEDNER:
Dan tsjinje ik in klacht tsjin dy yn, yn oanwêzichheit fan de ôffurdigen fan de hiele wrâld, fanwegen it feit fan it folfieren fan de skeppings-misdied. Hwerom hast net better skepen? Hwerom hast ús gjin fjouwer poaten jown? Hwerom hast ús net mei bûnt biklaeid? Hwerom hawwe wy gjin wjukken of finnen? Hwerom binne wy stjerlik? Hwerom moatte wy arbeidzje? Hoe kinst sa'n skandlike, útsûnderlike sloffens en sleauwens noch goedprate? Boarger Adam, ik freegje dy | |
[pagina 281]
| |
foar de tredde en lêste kear: Bikenstou, datstou de wrâld skepen hast?
ADAM:
Né, né, né! (Ballen, laitsjen.)
REEDNER:
Dan is dat regele. Kinst gean.
(Adam waggelet nei de kant ta.)
Boarger Alter Ego, ik freegje dy: Hastou de wrâld skepen?
ALTER EGO:
Ja, in stik derfan.
1e A.E.:
Hwerom hast ús net better skepen? Hwerom binne wy net fan metael? Hwerom binne wy net like perfekt as masinen?
A.E.:
De saek is, lyk as er nou is, noch fierstogoed foar dy!
REEDNER:
Hast ek noch hwat nei foaren to bringen as forsêftsjende omstannichheit?
A.E.:
Ja. Ik haw der spyt fan, dat ik jim skepen haw.
REEDNER:
Goed. Op it stuit kinst wol gean.
A.E.:
Ik gean mei djipste walge. (Hy giet by Adam stean. Hja bliuwe beide fansiden, op de eftergroun.)
REEDNER:
Silst dy dêr skielk foar forantwurdzje moatte. Noch mear útstellen?
DICHTER:
Dat alle macht om to skeppen en rjocht om to skeppen tonei heart oan it almachtige, selsstannige folk.
ALLEGEARRE:
Oannommen!
4e A.E.:
Dat yn de takomst it foech om to skeppen yn 'e hannen lein wurdt fan in keazen folksfortsjinwurdiging, dy't syn sit hawwe sil yn de takomstige haedstêd fan de wrâld.
ALLEGEARRE:
Oannommen!
DICHTER:
Fansels mei dit bitingst, dat dy haedstêd ús stêd wêze sil!
4e A.E.:
Né, krekt oarsom, mei it bitingst dat it uzes wêze sil!
FILOSOOF:
Harkje!
(Geraes fan Adamiten.)
Lit my prate!
3e A.E.:
Lit my prate!
LEARDE:
Lit my prate!
DICHTER:
Stilte! Of it wurdt ús stêd, of it giet alhiel oer!
3e A.E.:
Dou bisikest ús ienheit wer to brekken! (Kabael.)
ADAM:
(komt nei Toaren)
Harkje nei ús: wy bringe jimme frede!
REEDNER:
Hâld dou dy der bûten!
1e A.E.:
Wy prate net mei jimme!
DICHTER:
O né, nou? Nou dan, wy prate net mei jimme!
2e A.E.:
En wy net mei jimme! Kom mei, mannen, nei hûs!
(Driigjend balten.)
REEDNER:
Stilte!
(It wurdt stilder.)
Twa útstellen binne hjir nei foaren brocht; foar't ik dy yn stimming bringe sil...
(Readeboadskipper, faeks de eardere Romantikus, komt hastich op.)
READE BOADSKIPPER:
Revolusionaire groeten ta jimme, boargers!
REEDNER:
Boarger, steur de gearkomste hjir net!
READE BOADSKIPPER:
Stilte! - Boargers, de Rie fan Offurdigen fan | |
[pagina 282]
| |
de beide helten fan de wrâld jowt it neifolgjende bifel út. Foarst...
REEDNER:
Hwer praetst oer? Wy binne dy Rie!
READE BOADSKIPPER:
Waei op! Wy binne dy Rie!
REEDNER:
Wy binne fan it folk keazen.
READE BOADSK.:
Kin ús gjin byt skele. Wy hawwe ússels keazen.
REEDNER:
Jimme binne gjin wettige ôffurdigen.
READE BOADSKIPPER:
Né, wy binne revolusionaire ôffurdigen. Wy binne de ôffurdigen fan ús eigen partij.
DICHTER:
Derút dy keardel!
1e A.E.:
Oppakke dy man!
(Kabael.)
READE BOADSKIPPER:
(raest dat hja stil wurde)
Stilte! It bifel is lyk as folget: Foarst, de Skeppers wurde ôfskaft. De wrâld sil fan ús skepen wurde, fan hjoed ôf to bigjinnen.
LEARDE:
Né, dat doocht net! Fan ús sil er skepen wurde!
2e A.E.:
Né, fan ús! (Kabael.)
READE BOADSKIPPER:
Genôch! Wy nimme alle forantwurdlikheit foar fierdere skepping oer. De âlde wrâld is forstoarn, sa fier is it hinne. De Rie hat alle skeppingsrjochten oernommen út namme fan de minderheit. Lang libje de revolúsje!
(Swarte boadskipper komt deryn fleanen.)
SWARTE BOADSKIPPER:
Revolúsje! Revolúsje!
REEDNER:
Hwat revolúsje? Hwa bistou eins?
SWARTE BOADSKIPPER:
(komt hastich by it platfoarm op)
Boargers, de Rie fan Offurdigen fan de beide helten fan de wrâld jowt bifel dat...
REEDNER:
Wy binne dy Rie!
READE BOADSKIPPER:
Wy binne dy Rie!
SWARTE BOADSKIPPER:
Wy sille jim sjitte. (Kriget twa pistols út 'e bûsen en rjochtet dy op de samling.) De Rie forklearret fierder dat de bisteande Skeppers oan kant set binne en dat hja yn oerienstimming mei de wet fierder ôfdien wurde sille. De Rie hat my ta skepper bineamd. Dy't it dêr net mei iens wêze kin, sil deasketten wurde. Hoe liket dat? (Skoft stilte.)
ADAM:
Akelike bloedhoun! Moardner dyst biste!
SWARTE BOADSKIPPER:
Tankewol! Dou hast it fette!
IEN UT IT FOLK:
Dizze wrâld is divelswurk! God hat him forflokt! Hy sil him yn jiske lizze, der in woastyn fan meitsje!
READE BOADSKIPPER:
Unsin! Wy sille der in woastyn fan meitsje!
DICHTER:
(tsjin de A.E.'s)
Wy sille de saek foar jim fynslaen!
1e A.E.:
Wy sille de saek foar
jim
fynslaen!
SWARTE BOADSKIPPER:
Stilte! Hearen, is hjir ek ien, dy't de wrâld net fynslaen wol?
READE BOADSKIPPER:
Wy wolle de wrâld rêdde! | |
[pagina 283]
| |
SWARTE BOADSKIPPER:
Dat komt op itselde del. Jim allegearre wolle de wrâld rêdde. Jim allegearre wolle de wrâld fynslaen. Jim forfele my mei dat gebalt. Dy't hwat sizze sil, wurdt deasketten.
(Hy spant it pistol.)
Nou dan!
(Deadske stilte.)
- O, hwat is sa'n stilte noflik foar myn senuwen! Jimme razende, springende apen, hwat soe de wrâld moai wêze sûnder jimme! Jim snuve as bisten! Ik forbied jim, to sykheljen! Net ien mei sykhelje yn 'e oanwêzichheit fan de Diktator!
(Deadske stilte, dan klokken en sjitterij yn 'e fierte.)
SWARTE BOADSKIPPER:
Hearre jim dat? Hja bigroetsje my mei kanûnsjitten en kloklieden!
FORSKATE STIMMEN:
Lang libje de Diktator!
STIMMEN EFTER IT TOANIEL:
Hé, hé, hé! Ha, ha! Hé, hé, hé!
(Twa dronkene mannen skarrelje it toaniel op, de iene in A.E., de oare de Libbensgenieter.)
DRONKEN A.E.:
Hwat in lol, nou? Hik. Ik sei, hwerom soe ik net op hannen en fuotten gean? Wy meije dwaen dêr't wy sin oan ha, net?
LIBBENSGENIETER:
Ha, ha, is 't net moai?
DRONKEN A.E.:
Nou, sjoch dêr ris, en dêr, 't is allegearre fjûr!
LIBBENSGENIETER:
Ja, ja, dat baernt dêr prachtich!
REEDNER:
Hwat nou? Hwer baernt it?
ADAMITEN:
Us stêd stiet yn 'e brân!
A.E.'s:
Us stêd stiet yn 'e brân!
(Hja draeije har allegearre nei de beide stêdden ta, dy't fan it fjûr forijochte wurde.)
READE BOADSKIPPER:
Dat hawwe ús lju dien! Revolúsje!
IEN FAN IT FOLK:
De ein fan de wrâld!
STIMMEN:
Fjûr! Kom mei, lit ús helpe it út to krijen! Kom mei, lit ús sjen hwat wy pikke kinne! Kom mei, derhinne!
(Hja fleane allegearre lûd baltend fuort.)
LIBBENSGENIETER:
Prachtich, hwat is dat prachtich!
DRONKEN A.E.:
Ha, ha! Ha, ha! Lit ús dêr ek ris sjen, is my dat in lol!
(Hy tôget de Libbensgenieter sjongend mei,)
SWARTE BOADSKIPPER:
It liket my ta, dat ik der machtich moai op stean sil, mei dat fjûr op 'e eftergroun!
ALTER EGO:
Hwa bistou, nuvere gek?
SWARTE BOADSKIPPER:
(skuort it swarte masker ôf; it is de Superman)
Bah, hwat in stank! Ik kin net oer minsken, hja meitsje my suk. Spitich, in superman is altyd hwat senuwsiik. Mar ik joech jim in knappe foarstelling, oarsnet? Ik bihearske de situaesje troch de krêft fan myn forachting.
ADAM:
Mar deale noch ta, hwat wolst hjir eins?
SUPERMAN:
Hwat ik wol? Mar ien ding, mar dat is de priis dan ek wurdich.
(Hy springt omdel en giet nei Adam ta.)
Ien ding
| |
[pagina 284]
| |
wol ik mar, Skepper, mar ien great ding: to fordriuwen... efkes mar... mar ien sekonde... dy forfeling fan my.
(Hy slacht de swarte oerjas om him hinne en giet fuort.)
(Lôge, kloklef, sjitterij oan de hoarizon.)
ADAM:
(lêst)
Hjir - is - de skepping - ûntstriden. Dat is der nou fan oer.
ALTER EGO:
En dêr, dy reek.
Hwerom ha wy yn 't skeppen warber west?
Dou, Adam, bist bigoun. Hoe fielst dy, siz?
Hwat seist der fan, dou Skepper?
ADAM:
Ik forflok 't!
'k Forflok de skeppingsmacht, it skeppingsleed!
'k Forflok ús wurk, en 't minskdom boppe-al,
Dat inkeld noch de wrâld forniele kin!
ALTER EGO:
Mar dy fornielingsdriuw, hwer komt dy wei?
ADAM:
Dy leit yn harren, dêrfan bin 'k wol wis,
Ik, dy't de wrâld forneatge en fordie,
Ik wit hoe 't moat, hoen licht kreweike 't is
En lit de hiele saek oan spuonnen gean...
ALTER EGO:
Hoe dan?
ADAM:
Moat ik 't dy sizze? En hwat silst
Der dan mei dwaen? Lit it foar altyd doch
Bigroeven bliuwe stil. Of wolst miskien...
ALTER EGO:
Jawis!
ADAM:
Dus noch in kear forneatigje de wrâld?
ALTER EGO:
Ja, daliks, ja! De hiele saek oan kant!
Utroegje hwat wy ienris skepen ha!
'k Jow leaver hûndert slaggen as mar ien!
ADAM:
Hûndert is noch to min foar hwat ús oandien is Troch harren. 'k Wol kastije as in heit!
ALTER EGO:
'k Wol wraeknimme as in God!
ADAM:
As in forsin
Utfeije 't hiele minskdom!
ALTER EGO:
Dylge 't spul,
As wie 't in skuld!
ADAM:
As in smoarch plak,
Dat hastich himmle wurdt: it moat oan kant!
ALTER EGO:
Fuortfeije har as túch! Hwer, Adam, hwer,
Hwer is dat ding, dêr't wy de skandedied
Fan 't skeppen mei fan d'ierde wiskje kinn'?
Hwer, Adam, is 't Kanûn fan de Untkenning?
ADAM:
O God! Ik kin 't net sizze! Freegje net!
Né, 'k haw der neat, neat mear mei út to stean!
Dat skriklike Kanûn!
| |
[pagina 285]
| |
ALTER EGO:
Och blinder! Lit har dan
Mei rêst, en lit har falsk en wreed
It sels fortoane, skielk, op har manear...
Mei oarloch en ellinde, wierheit, honger...
Hwer, Adam, is 't Kanûn?
ADAM:
Och, freegje net!
(forslein)
Dou stiest der krekt op, Alter Ego.
ALTER EGO:
(falt op 'e knibbels mei in gjalp fan triomf)
Hjir?
ADAM:
Och, ellindich folk, hwat haw ik fan jimme hâlden! Nou sil ik dy de lêste tsjinst dwaen. Ik sil jimme út de ellinde helpe! (Goasse-to-min komt ta de hoale út, wylst er de lêste restkes mei in leppel út de izerne panne skrabet.)
ALTER EGO:
Né, ik sil it dwaen!
ADAM:
Oan kant dou! Ik sil it dwaen mei in hert dat slimmer bliedt! (Hy knibbelet oer de groun en dolt.)
GOASSE-TO-MIN:
Sil ik in hantsje helpe? Smoarge boel, mynhear!
ALTER EGO:
Sjit op dou, Goasse-to-min!
(Hy stjit op in stien.)
Ha, hjir haw ik it! (Hy rôllet de stien oan kant.)
ADAM:
Lit my it dwaen!
ALTER EGO:
Né, ik sil!
GOASSE-TO-MIN:
En ik kin in hantsje helpe!
ADAM:
Dou bliuwst der bûten.
(Hy komt oerein.)
Alter Ego, giet it oan?
ALTER EGO:
(komt ek oerein)
It giet oan.
ADAM:
De wrâld sil forneatige wurde.
ALTER EGO:
De wrâld moat forneatige wurde.
ADAM:
Dat sil it skeppingswurk foltôgje.
ALTER EGO:
Sa mei it wêze.
ADAM:
Wachtsje noch efkes; Alter Ego, it is hwat skrikliks, de wrâld op to bliezen. Sa gau't it Kanûn fan de Untkenning tongerje sil, wurdt de sinne fortsjustere en wurdt de loft alhiel swart; alles hwat libbet wurdt ta jiske, sels it gers wurdt wei, en de bledtsjes binne forbaernd.
ALTER EGO:
Dat is yn oarder; hâld nou mar op fan preekjen en kom ta de saek.
ADAM:
Wachtsje efkes; ik wol inkeld mar dyn omtinken freegje foar alle gefolgen. De tsjusternis falt, en alles hwat libbet, hwat sykhellet, wurdt ta neat.
GOASSE-TO-MIN:
Myn getten ek?
ADAM:
Ja, Goasse-to-min, dyn getten ek. Neat sil der mear oer wêze...
GOASSE-TO-MIN:
En myn lytse poarren dan?
ADAM:
Dy sille der ek net mear wêze.
GOASSE-TO-MIN:
En ik sels? | |
[pagina 286]
| |
ADAM:
Wês mar net bang. Silst sûnder lijen samar weiwurde, en silst nea mear honger hawwe, of earmoed.
GOASSE-TO-MIN:
Mar dêr haw ik alhiel gjin bilang by!
ALTER EGO:
Hwer hastou gjin bilang by?
GOASSE-TO-MIN:
Ik wol net deagean, ik wol fierderlibje!
ADAM:
Earme stakker, hwerom soest fierderlibje wolle?
GOASSE-TO-MIN:
Om't ik hoopje op better dagen. En ik wol fierderlibje sa lang as ik kin!
ALTER EGO:
Mei dy falt net to praten. Nou, Adam, dêr giet er dan!
GOASSE-TO-MIN:
Dou bliuwst der ôf! Astou der oankomst, sil ik dy mei myn panne de kop ynslaen!
ALTER EGO:
Hwat nou, dou neatnutter! Ik sil dy in bêste reis jaen!
GOASSE-TO-MIN:
Bêst, jow my mar in reis; mar ik jow jimme de wrâld net!
(Hy swaeit gefaerlik mei syn panne.)
Dêrwei nou! Tink der om, sjef! Pas op, oan kant!
(Hy rôllet de stien wer toplak.)
Sa, ik sil jim leare, de wrâld op to bliezen! Dit is myn kanûn, dizze panne hjir. En dit is myn wrêld, dit allegearre! Dy krije jimme net, hear! Jim wolle allegearre de wrâld opblieze fanwegen jim eigen greate idéën. Goasse-to-min hat gjin greate idéën skipe, dy wol inkeld mar libje. Dêrom wol er jim de wrâld net jaen, dy is him goedernôch!
(Hy floitet troch de fingers.)
ALTER EGO:
Der út mei him, Adam!
ADAM:
Bêst, mar... mei't er dy panne yn 'e hân hat, is er sterker as wy!
GOASSE-TO-MIN:
Hwant alles dêr't wy fan bistean moatte is yn dizze pannel Kom, jonges!
(Syn bern komme der fan alle kanten oanfleanen: it earste mei in bosk brânhout, it twadde mei de earms fol gers, oaren mei in fisk, kuorkes, bondeltsjes - it fyfte mei it sechste oan 't kedtsjemennen. Hja jowe har allegearre dei op de stien.)
GOASSE-TO-MIN:
Nou binne wy allegearre byinoar... Oan de earme syn trôch krije allegearre genôch!
ALTER EGO:
Tsjin hwa hast it, âlde boef?
GOASSE-TO-MIN:
Tsjin elkenien. Kom der dus mar yn.
ADAM:
Hwat bidoelste? Wy? Hwerre?
GOASSE TO MIN:
Jim beide. As wy hwat nei inoar ta skouwe, sil der dêr yn dy hoale plak genôch weze.
ADAM:
Goasse-to-min, dou... dou wolst ús opnimme?
GOASSE-TO-MIN:
Hwer moatte jim oars ek al hinne? En as ik genôch byinoar klauwe kin foar acht, de geit meirekkene, nou, hwat jimme oanbilanget sille wy it dan ek noch wol rêdde, al binne jim ek fan dy heale goaden... EIN SECHSTE BIDRIUW |
|