| |
| |
| |
E.B. Folkertsma:
Hus op wyn en branwacht
Tryn, Tryn, klauwyn,
De kou moat kealje,
Hast gjin tou,
Dan moatst mar helje,
Hast gjin fjûr,
Set dan mar oer,
Tryn, Tryn, klauwyn,
De kou moat kealje.
(Ald folksrym)
Tsien fan ús mannen hawwe har miening sein oer de ynspirative forhâlding fan Fryslâns biweging en Fryslâns literatuer hjoed de dei, en soe dy mei- en trochinoar it algemiene bitinken ûntrinne? Der is gjin reden noch om it to hoopjen noch om der eang foar to wêzen. Foar alle meilibjend man kin it klearrichheit hawwe, dat ús skriuwers en dichters likemin los witte to kommen fan 'e biweging as dat hja yn steat wêze soene, der tsjin to rebellearjen. Earne is de mismoedichste solidair, earne seit er ja tsjin de biweging. Mocht er dat net dwaen, mocht er bisykje it net to dwaen, hy soe tsjin himsels stean en op it kritike stuit fan 'e lêste earlikheit bifine moatte, dat er himsels net mear lije mei. Hy kin it net litte, út hokker fierte ek bliid to wêzen om wer ris in twatalige skoalle der by of om in frysksinnich ynstjûrd stikje yn 'e Ljouwerter krante. Hwant dat is de biweging ommers: ideëel in striid foar romte, rjocht, frijheit, karakter; yn 'e praktyske forwurkliking in brol fan hûndert en ien hast allegearre lytse aktiviteiten, om mar net to sizzen pielerijen. Har idéën kinne Fryslâns dichters bisielje; hja binne der fan oertsjûge en steane der efter. Har aktiviteiten ek? Dat hat it gefal west, doe't, salang't en foarsafier't de striid yn 'e greate streek om 'e tael gyng: de tael ûnder it folk, yn 'e forieningen, yn skoalle, yn tsjerke, yn 'e yntellektualiteit. Nou lykwols langer moatte der plaknambuorden komme; de Lauwerssé moat ticht; der moat in fabryk of in bidriuw yn Fryslân mear by; fjouwer Fryske preken jiers moatte seis wurde; in âlde toer is oan restauraesje ta; in boek mear of minder easket eigen tael, in tydskriftartikel mear of minder Fryske fortaling; in pôlle mear of minder heart yn Fryske hannen to bliuwen; in studint mear of minder sil him, ôfstudearre, yn Fryslân delsette;
de Fryske akte hat forlet fan fyftich goune
| |
| |
gemeentlike bileanning jiers mear; deskundige rapporten fan planologen, sosiologen, technisi, lânboukundigen, spesialisten, oerheitsynstânsjes wurde rij oer folk en biweging útstruid; de biweging kin har mar bimuoije mei twatalige kulturele kommisjes en rieden, mei streekplannen en folksûndersiken, mei stiftingen fan goa, krite en streek. En lytser of greater, allegearre hat it syn bilangrykheit, ja syn needsaek; mar mei dat al, hoefolle ynspiraesje sit der foar artysten yn safolle saeklik bidriuw en gjin ein? Hwat moatte hja yn en mei sa'n forsaeklikjende tiid, wrâld en mienskip? Der har bûten hâlde, dat wol sizze se skôgje en der stof út nimme? Mar dat is noch hwat oars as der fan ynspirearre to wurden, en boppedien kinne hja der bûten bliuwe? Hja wurde der ommers yn bihelle, fan need en minmachtichheit. Oanienwei wurdt der troch de biweging in birop op har dien; hja moatte mei yn kriten, selskippen, bounen, kommisjes, rieden, gearkomsten, sprekkerijen, konferinsjes, wykeinen, kampen; nou binammen ûntkomme hja mèi de biweging minder as ea oan ried en died oer de saeklike problemen, dêr't de Fryske folksmienskip ta har bihâld en takomst mei wrakselet en to wrakseljen hat of oars oan ûndergean sil. Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts, forskate 19de ieuske folksskriuwers, Brolsma sels noch en Simke Kloosterman koene harren hiel hwat distânsje fan allerhanne wurk yn 'e biweging gunne; dy romte lykwols is al by har libben en foaral nei harren hoe langer hoe nauwer wurden. Hoe folle fan ús hjoeddeiske skriuwers kinne har frije tiid noch allinnich of ek mar út 'e royale romte bistelle oan hwat Fryslân en syn saek dochs sa bitter nedich hawwe: de stalling, forfetting en formeardering fan ús literatuer yn dy mjitte, dat hja de fraech fan it Frysk lêzend publyk by wit to hâlden? Ik kom noch net ienris op peil en
bitsjutting; ik kom allinnich al op tal en mannichte. It binne mar hiel, hiel inkelen, hwa't de tiid, de rêst en de konsintraesje litten wurde om geregeld oan it skriuwen to bliuwen. Omtrint allegearre wurde ek bihelle yn arbeid fan sneupen, stúdzje, wittenskip, of yn 'e aksje en striid foar it ûnderwiis, of yn organisatoarysk en propagandistysk biwegingswurk, of yn 'e prinsipiéle idéfoarming fan 'e biweging, of yn 'e forklearing en fordigening fan 'e Fryske saek troch it medium fan it Hollânsk. En dan is immen as Kalma, dy't èn as skriuwer èn as biwegingsman produktyf bliuwe koe, lange jierren oanien, in greate útsûndering.
Mar lit ús alles net op dizze tiid smite en miene klear to wêzen mei de fêststelling, dat foar it forhef fan 'e literatuer it klimaet fan 'e hjoeddeiske biweging ûngunstich is. De fraech
| |
| |
yn kwestje ferget op antwurd oer langer jierren. Is hja wol goed steld? Is der fan 'e biweging ea folle ynfloed op 'e literatuer útgien? Yn alle getallen hawwe ús skriuwers en dichters de biwegingsaksje en -striid mear ynspirearre as oarsom. De hiele 19de ieu troch en noch aerdich fier yn 'e 20ste op binne hja, skriuwers en dichters, òf idéfoarmers òf foarmannen yn 'e striid foar Fryslâns saek. Gysbert Japiks is de heit net allinne fan 'e Fryske literatuer, mar likegoed fan 'e Fryske biweging. Troch de macht fan syn tael, syn wurd, syn bylding en skepping binne sawol de Wassenberghers as foar in diel ek de Halbertsma's ta Fryske tins en wil band. Op syn stêfstoaijinge giet de stavering fan 'e Fryske sprake werom, oan hjoed de dei ta. Hy hat wurke yn neifolging, yn oantreasting, yn forhef, en wurket noch as symboal en signael. Oan him wit de biweging, dat de eigen kultuer en saek mûglikheden hat en muoite fan striid wurdich is. lenfâldiger hat in twade boek, de bruorren Halbertsma harres, de Rimen en Teltsjes, folk oan it lêzen en sjongen krige, en dêrmei de biweging romte makke, wei yn 'e wiidte wiisd, stof en bilangstelling biskikt. Sûnder Gysbert Japiks en de Halbertsma's soene Tiede Dykstra noch Harmen Sytstra opstien wêze en wie it biwegingsorgaen, it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, net ûntstien. Sûnder de Halbertsma's binne Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen net to tinken. Ja, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts en dy rige fan folksskriuwers: amper kin men se biwegingsmannen neame en op har lektuer en literatuer mei oan to merken wêze hwat wol, dochs hawwe hja ûnder it folk popularisearjend wurk foar de biweging dien, krektlyk as de toanielskriuwers, de mannen fan it winterjounenocht en de foardragers. In spul fan Jan Laek en Jan Gûl dus, net idéfoarmjend en
oertsjûgjend, allinne mar sentimintalisearjend en sfearsettend? Goed, mar lyk as kin it dêr by it folk sûnder en soe der gjin biweging wêze, dy't nèt oan it gefoel komt. Elk folk dat bigjint ta himsels to kommen, hat syn swarte tiid, dat it licht om himsels laket en skriemt en dat de laits en de trien út 'e selde boarne springe. Yn dy biweechlikheit rint de wei fan 'e naïve oannimming nei de biwraksele oertsjûging oer de sljochte sentimintaliteit; yn dy ûndjippe delling kin it ta djipte brekke. In biweging dy't dêr net oan wol, dat stadium oerslaen wol, makket har folk net los, mar is faei om it to bihurdzjen. Der is mar ien biswier tsjin de Fryske Weltschmerz: dat hja har to gau skammet, de utersten mijt, har altyd wer moreel bisiket to rjochtfeardigjen, harsels tragysk tinkt en fielt. In great bistean lykwols is epysk. Lit ús dêrom ek it liet net forjitte, dat fan
| |
| |
'e Boeresjonger, Doaitsen mei de Noardske Balke en de beide greate lieteboeken. Hwat dêrfan útgien is yn en op 'e biweging, sifers noch feiten binne der fan, mar soene de propagandisten, de wurkers, de striders foar de Fryske saek earne ynliker yn libbe hawwe as dêryn? Oan hjoed de dei ta driuwe ús biwegingsgearkomsten noch altyd op 'e weagen fan liet en sang. Dêrom net, is in folk oars as sjongend to winnen? Hwat hat de biweging net to tankjen oan Reinder Brolsma en Simke Kloosterman, beide yn direkte sin suver bûten har bleaun, mar har en Fryslân likegoed ta hope en treast, ta namme, stal en glâns. Piter Jelles fersen fan liet en jonkheit en Fedde Schurer sines fan hope, opflecht en naty, hwat mochten hja net bisielje ta de striid. It seit hwat, it sprekt, dat de earste útjefte fan it Kristlik Frysk Selskip it Gysbert Japicxboekje wie en de earste publikaesje fan Kalma, as it ús net mist, in opstel oer Tsjibbe Gearts van der Meulen, dat it bigjin fan Kalma's striid foar Fryslân yn 'e Ljouwerter krante kritiken op 'e Fryske literatuer leit en dat yn 'e Bodders fan dr. Wumkes skriuwers- en dichterslibbens in tige great plak bislagge.
Net, dat dêrom alle ynspiraesje fan 'e biweging fan 'e artistike kant kommen wêze soe noch dat der neat fan 'e biweging sels op 'e literatuer útgien is. Dat biwize nammen as Daem Fockema, Beucker Andreae, Van Loon, Johan Winkler, Ph. van Blom, P. de Clercq, P. Sipma, ds. Huismans en dr. Wumkes wol oars. Mar lit ús leaver sizze, dat yn Fryslân de dichter en de strider mar mei muoite to ûnderskieden binne en hielendal net to skieden. Wiene Daem Fockema en de niis mei him neamden wol frij fan in dichterlik elemint? Mei dat oer guon fan harren noch diskúsje talitte, yn gjin gefal oer Winkler, Sipma en Wumkes. En dan binne dêr Harmen Sytstra en Kalma. Hat yn dyen de dichter de strider oproppen, of de strider de dichter? It is net út to meitsjen, sa nei binne it dichter- en it striderskip yn harren foriene.
Lykwols nimt dat net wei, dat yn 'e greate gong en gâns net sa lyk de biweging de literatuer, mar de literatuer de biweging biskaet hat. Ta dy fêststelling is mear by to bringen as allinnich it forname, suver oerhearskjende plak fan skriuwers en dichters yn 'e striid. De greate biwegingsidéën binne literair fan karakter en strekking. Op 'en djipsten is it de biweging to rêdden om 'e frije Fries op syn eigen hoarnleger - hy mei dan boer, skoalmaster, fabryksarbeider of dichter wêze. Op 'en djipsten giet it har om grounfêsting en bihâld fan it Fryske hûs, dat hûs yn ien fan Halbertsma's lit it wêze net bêste, mar wol yngrevenste fersen:
| |
| |
It aldershus
Hwer libbet in minske loksillich?
Hwer libbet in minske mei nju?
Yn 't âlde âlderlik hússté,
Dêr libbet, dêr hoalet er willich,
Dêr hat er sa'n wille, sa'n nju.
't Neitinzen fan bernefornoegen
Fan âlders har leaf de en trou,
Fan koestringe by de gloede,
Dat jowt in ynfieren forhûgen
Oan it Halbertsma-nést fan Grou.
Kom, treftige boikes fan Hidde,
Fan Hidde, fan Hidde en Rjurtk!
Lit ús foar 't âldershûs bidde,
En tsjûge hwat it bitsjut,
Sa'n sterke heitebining, dy fan it Fryske folk, soe spanne kinne ta politike driuw en wil, mar docht dat net. To uzes is it bigryp fan it eigen, histoarysk hûs seedlik-dichterlik en dêrmei sa ûnpolityk mooglik. It âldershûs is neitinzen, oantinken: fan 'e bernejierren, fan 'e âlderlike leafde en trou, fan koestringe by de gloede. It is boarne fan seedlik en esthetysk idéalisme. It Fryske hûs moat fredich, idyllysk en skien wêze. Wy Friezen komme deryn ta ússels; it is ús basis noch poarte ta ekspansje. Sa yngreven en ynfieren Frysk binne wy, dat wy yn it eigen hûs al idéalisearjend Fryslân forjitte. En as de biweging dan dochs politike aksje wol, dan hat hja it oer kultuerpolityk. Der moat rjocht, romte en frijdom komme ta bifeiliging fan hûs en hiem. Ta bifeiliging, net ta iepening, útlizzing en nadering. En dat net om't wy gjin romte en macht hawwe, mar om't wy romte noch macht hawwe wolle. Thús allinnich en yn 'e lytse mienskip bitrouwe wy ûs. Wy wolle, sjochdêr ús idéalisme, rjocht yn goedens, frijheit troch en yn reedlike oertsjûging, in rjochtsoarder sûnder macht. Macht woene wy wol hawwe, mar sûnder se to brûken; romte wol, mar sûnder der op út to hoegen. Dat pleitet foar de Fryske minske, mar it ûntnimt Fryslân syn réële mûglikheden.
En ek ús skriuwers en dichters ûntkomme dêr net oan. Gean ris nei, hoefolle fan harren bohémien west hawwe of binne, oars as op it sté, fierder as fan 'e studearkeamer ta op 'en moaisten it kafé, en fyn se allinne by helte útsûndering. Of hoefolle fan Fryslâns literatoaren binne artyst? To uzes binne de dichters al like honkfêst en deeglik as biweging en folk, en
| |
| |
krij har mar ris yn oare wei. Hwant beide, biweging sawol as literatuer, bynt deselde lotsmienskip; beide hawwe net oars as deselde romte ta har foldwaen; beide binne op har folk bihelle en yn en foar dat folk steld; beide hawwe ien en itselde idéael: it eigen hûs mei de (bigearde) moaije keamer. Lyk as de literatuer de biweging makke hat, sa soe, stel ris dat de biweging op 'en ein roun, de literatuer har mei gauwens yn dy wei folgje. Hja jowe elkoarren sin en biskiede elkoars sin. Noch sa kritysk meije hja de ien ûnder de oare stean, mei dat al kinne hja elkoar net misse, binne hja needsake ta solidariteit, yn trou oer en wer oan Fryslân. It bêste dat hja oaninoar dwaen kinne - en dêryn ek oan har folk - is har krityske funksje waernimme. Us literatuer mei allerearst sels libben to wêzen; ús biweging mei libben wêze to wollen. Oars sein, hja moatte net opinoar hingje. Yn alle gefallen hat it gjin doel, fan 'e Fryske biweging to easkjen, dat hja Fryslâns dichters en skriuwers ynspirearje sil. Earder is it oarsom: ús dichters moatte, lyk as it gauris yn 'e forline tiid wêze mocht, de kriich, de krityk, de stim hawwe om de biweging ta avant garde to wêzen. Lang net altyd hoecht dat yn direkte sin; it kin ek, hwa wit sels net better, sa yndirekt mûglik, de faeije falikant om, yn heger útflecht en paradoksale opgongen. As it hûs fan Fryslân mar rûzet, as it mar op wyn en brênwacht rûzet.
|
|