De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 242]
| |
(Selde toaniel; mar ynsté fan de beide huzen nou oan 'e hoarizon lofts Alter Ego's greate stêd, yn Amerikaenske styl, en rjochts Adams romantyske stêd, mei forskate tuorren. Dêr't de skeppingsklaei wie, nou in djippe hoale; om de út gong dêrfan wimpels en feestslingers.)
ADAM:
Komoan, de sawnde dei, it wurk is dien.
Kinst, Skepper, mei de earmen oerinoar
Dy deljaen: hwatstou makke hast, is goed.
Inkeld de klaei is op, wy ha net mear.
Twa helten hie 'k it earlik yn fordield,
Elk koe dus skeppe nei syn eigen aerd;
Wy ha dan skepen, seine net in wurd,
Ik skoep persoanen, mannichten skoep hy.
Ik bin tofreden. Mar dit 's net de tiid
To hifkjen en to skôgjen elk syn wurk.
Ien ding moat 'k sizze: Alter Ego hat
Oer 't algemien tofolle klaei forgriemd.
Ik, inkeld ik haw skepen; syn produksje,
'k Wol net biweare dat dy neat mei neat is,
Mar skepperswurk is it yn feite net,
Sa'n masinale jitterij. Hawar,
Ik bin mar bliid dat 'k wer allinnich bin,
De goede man forfeelde my op 't lêst;
Mar 't sil my nij dwaen, oft er hjoed noch komt.
Ik moat hjir hjoed wol wêze, 't is net oars,
Myn leave goede folkje is fan doe
En bring my yn in huldiging syn tank,
Hja binn' sa enthousiast: hja leavje my,
Ik kin it wier net helpe, 't is net oars,
Al is 't ek Alter Ego min nei 't sin.
(Hy giet oerein, wriuwt him yn 'e hannen.)
In greate dei! Hja ha hwat nijs yn 't sin,
Miskien komt op dit plak in tinkstien noch!
(Alter Ego komt op.)
A.E.:
Heula, âlde! Hwat dochst hjir? Sjochst werom op it forline? Of sikest in kreweike? Dat leau ik net, wol? Bist ommers klear.
ADAM.:
Krekt as dou, freon, ils wurk is oan kant.
A.E.:
Mines net, hear, ik bigjin noch mar krekt. | |
[pagina 243]
| |
ADAM:
Mei skeppen?
A.E.:
Mei organisearjen. Organisearje is skeppe, it skeppen fan hwat hegers. Dou hast dien, Adam, dat is oan alle kanten dúdlik: dou hast minsken makke, en dêr kinst neat mear oan dwaen, alhiel neat. Gelok der fierder mei. Mar nim my net kwea, ik haw noch hwat omhannen.
ADAM:
Hindert neat, ik haw eins de tiid net en harkje nei dy.
A.E.:
Kom, ik sil dy dus mar net langer ophâlde.
ADAM:
Dat soe ek neat gjin doel hawwe.
(Hy lûkt him weardich werom.)
A.E.:
(sjocht him efternei)
't Bigreatet my foar him, mar koartwei sein,
Hy hat eins mar hwat nifele, neat is 't wurd'ch,
En ekonomysk is 't yn gjin gefal,
To skeppen alle minsken stik foar stik.
(Hy giet sitten.)
Ik mei him oars wol lije, by 's net kwea,
En 'k winskje him it bêste, mar och hea,
Hy miende, hy allinnich skoep de wrâld.
Mar dizze beide: sines, dy fan my,
Dy passe, bin ik bang, inoar mar min,
Wylst wy der neat mear oer to sizzen ha,
Om't hwat wy skoepen sterker waerd as wy.
Hy hie hjir sjen kind, hied er langer bleaun,
Hoe wiis de Massa mei syn skepper is,
Hja wolle 'm earje mei in tinkstien... Kom...
(Hy giet ôf,
It toaniel is efkes leech.)
STIMMEN:
(efter toaniel, lofts)
Klear! Ien-twa, ien-twa. Ja mar!
STIMMEN:
(efter toaniel, rjochts)
Lit mar sjitte, dou dêr! Né, omheech! Sa net! Sjoch út! It moat net stikken!
STIMMEN:
(lofts)
Klear! Ien-twa, ien-twa. Ja mar!
STIMMEN:
(rjochts)
Hoe krije wy it omheech? Hiest nou mar peallen meinommen! In wein! Linen! In pear hefearmen! Foarsichtich, it sil falle! Sjoch út, sjoch út! Foarút nou! Tink der om, dêr! Foarút! Tobek!
STIMMEN:
(lofts)
Klear! Ien-twa, ien-twa, ien-twa!
A.E.'s mannen komme der yn, lûke oan linen in greate tinkstien,: dêr't op skreaun stiet: Hjir is de skepping foltôge'. Hja binne allegearre gelikens klaeid yn khaki overalls, sjogge allegearre gelyk, min ofte mear wêzenleas troth de standarisearring.
STIMMEN:
(rjochts)
Efkes mear! Hjir mar! Hwat nei rjochts nou! Hwat nei lofts! Ho, forkeard! Dêr triuwe! Dêr lûke! Gean litte! Lit my mar!
Adams mannen, oarderleaze kliber, komme op, tôgje, skuorre, triuwe, skouwe in greate tinkstien, dêr't op skreaun stiet: ‘Hjir is
| |
[pagina 244]
| |
de skepping foltôge’. Hja binne bikrânse mei blommen; de ien fiert in Bacchusstêf, in oar in lute, wer in oar in machtich boekwurk, noch ien pronket mei in bondel fersen; hja binne alle gearre forskillend klaeid, de ien yn in klassike toga, de oar yn minnesjongersklean, wer in oar neffens de styl fan Byron, noch in oar yn modern kostúm; de ien is keal, de oar hat lang hier, wer in oar in wiuwend burd, de ien kreas, de oar mei read hier, de tredde donker fan útsjoch, koart sein, in tige fleurich, libben, mingd selskip. Gerop: Dêr triuwe! Dêr net! Silst de saek forniele!
1e A.E.:
Hé, jimme hjir? Hwat sille jim hjir bringe?
1e ADAMYT:
(sa to sjen in Reedner)
Heden, sjoch, dêr ha wy de Alter Ego's!
(Ballen en laitsjen fan de Adamiten.)
2e A.E.:
Hwat binne jim hjir fan doel?
2e ADAMYT:
(nei alle gedachten in Dichter)
Hwat ha jim dêr mei nedich?
3e ADAMYT:
(faeks in Learde)
Hwat binne jim hjir winliken fan doel?
4e ADAMYT:
(Romantyske forskining)
Sjit op, jimme!
ALLE A.E.'s:
Sjit op, jimme!
5e ADAMYT:
(in Libbensgenieter)
Gjin tinken oan!
6e ADAMYT:
(faeks in Filosoof)
Ik sil it harren wol útlizze. Hearen...
REEDNER:
Ut namme fan it folk fan Adam...
ROMANTIKUS:
Gjin prekerij! Fuort dy lju!
LEARDE:
Lit my nou sizze!
DICHTER:
Wy binne fan doel, hjir in plechtichheit to hâlden!
LIBBENSGENIETER:
Bêste, brave minsken...
ROMANTIKUS:
En jim binne hjir kommen, om ús to narjen!
(Gebalt fan Adamiten.)
REEDNER:
Hearen fan it oare lân, mei't wy fan doel binne it úntbleatsjen fan de tinkstien hjir to forrjochtsjen...
DICHTER:
Mei foardragerij...
FILOSOOF:
En sprekkerij...
REEDNER:
Forsykje wy jimme, fuort to gean!
ROMANTIKUS:
Fuort mei dy lju!
(Gebalt, geskel, útfloitsjen.)
1e A.E.:
Hearen!
(It wurdt stilder.)
De Alter Ego-massa's binne hjir kommen om in Alter Ego-manifestaesje ta to rieden.
REEDNER:
Tsjong noch ta! Hwat manifestaesje sil dat wurde?
1e A.E.:
Wy binne hjir kommen ta it oprjochtsjen fan in tinkstien.
ALLE A.E.'s:
Hjir is de skepping foltôge.
(Stilte, fornuvering.)
LEARDE:
Mar sjoch ris, Adam hat jim net skepen!
2e A.E.:
Né, dat hat Alter Ego dien.
FILOSOOF:
Hwat hat dy dien? Wolst miskien úthâlde dat jimme skepen binne? | |
[pagina 245]
| |
ROMANTIKUS:
Hja tinke, dat hja skepen binne!
LIBBENSGENIETER:
Hwat kostje jim by 't dozyn? (Húnlaitsjen.)
REEDNER:
Mar hearen, dit is in forsin! Jimme binne net skepen!
DICHTER:
Jimme binne produsearre!
ROMANTIKUS:
Jim binne inkeld mar nûmers!
LEARDE:
Wy wolle net ienris mei jim prate!
ROMANTIKUS:
Keppel skiep dy't jim binne!
FILOSOOF:
Goedkeape imitaesjes dy't jim binne!
1e A.E.:
Mar ho ris, hwat binne jimme hielendal?
REEDNER:
Wy binne minsken.
ROMANTIKUS:
Persoanlikheden.
FILOSOOF:
Libbene sielen.
DICHTER:
Bylden fan God.
1e A.E.:
Jim binne rudige oerbliuwsels fan 't forline.
REEDNER:
Hwatsei? Hwat binne wy?
1e A.E.:
Maskermannen!
ALLE A.E.'s:
Gekken!
1e A.E.:
Alde rommel!
ALLE A.E.'s:
Wyn en fearren!
1e A.E.:
Wy binne de nije wrâld.
ALLE A.E.'s:
Skepen fan Alter Ego.
1e A.E.:
Wy binne de skeppende revolúsje.
ALLE A.E.'s:
Wy binne de Massa.
1e A.E.:
Adam is mei ôfweefd.
ALLE A.E.'s:
Fuort mei him!
(Ofgryslik kabael by de Adamiten, gebalt fan: ‘Der op los!’, ‘Skoaijers!’, ‘Meitsje se deal’)
REEDNER:
(raest, dat de oaren stil wurde)
Stilte! Freonen, wy binne niiskrektsa skandlik misledige. Dizze mislearre klaeiprodukten...
DICHTER:
(raest oer him hinne)
Alter Ego is in klongel, in swachel!
LEARDE:
Lang libje Adam!
ALLE A.E.'s:
Lang libje Alter Ego!
ROMANTIKUS:
Der op los, mannen! Krij se!
REEDNER:
Hearen, stilte graech! Wy binne hjir kommen om ús tinkstien op to rjochtsjen...
2e A.E.:
Us tinkstien komt hjir!
ALLE A.E.'s:
Us tinkstien!
LEARDE:
Adam syn tinkstien!
FILOSOOF:
En oars gjinien!
LIBBENSGENIETER:
Sjit op, jimme!
ALLE A.E.'s:
Sjit op, jimme!
ROMANTIKUS:
Hoera foar Adam!
ALLE A.E.'s:
Hoera foar Alter Ego! | |
[pagina 246]
| |
SUPERMAN MILES:
(forskynt yn 'e hichte; hy hat Grykske sandalen oan, in bearehûd om 'e mul, in lânse yn 'e hân, in huzarejas om en in fjildmaerskalkshoed mei wiuwende plommen op 'e holle)
Ja mar! Der op los!
(Alle A.E.;s bigfinne Alter Ego syn wyske to floitsjen.)
ADAMITEN:
(mei oerstjûr oarlochsrumoer)
Der op los! Der op los!
(De beide klibers fleane op inoar ta, de Alter Ego's floitsjend yn slettene rigen, de Adamiten mei oerwinningsgjalpen en elk op himsels. Gâns kabael. Hja rôlje allegearre oer de groun en bisykje inoar, oanienwei battend, to smoaren.)
SUPERMAN:
(sjocht ta mei dúdlike argewaesje. Hy skuort in floitsje ta de bûse út en bliest der op)
Liket op neat! Dit is sa gjin fjochtsjen! Stop!
(De fjochters, opskrille fan de ynminging, litte los en komme oerein; elts giet nei syn side werom.)
1e A.E.:
Hwat man is dit?
REEDNER:
Hwat moat dit bitsjutte?
(Gegrút, gerop.)
SUPERMAN:
(op syn hichte) Stilte! Biroerde min, hearen! It spyt my, mar ik moat sizze dat it neat op oarloch like, it wie mar hwat getsier. Sa moat it net!
ROMANTIKUS:
Hwat hastou der mei nedich?
SUPERMAN:
Hâld nou dyn snaffel ris hwat. Elk moat syn plak ynnimme. En de goede klean moat men oanhawwe. Jimme witte net hwat ik bidoel? En dat wol dan fjochtsje under de flagge fan syn lân!
DICHTER:
Mar wy binne gjin soldaten!
SUPERMAN:
Omdat jimme de goede útrissing net hawwe. Unifoarms moatte der komme. En wapens.
LEARDE:
Mar wy binne hjir inkeld kommen om in tinkstien op to rjochtsjen!
SUPERMAN:
Jim sille hjir in oare tinkstien oprjochtsje. Ien ta oantinken oan de oerwinning. In tinkstien foar dy't fallen binne. ‘Hja hawwe har libben jown op it fjild fan ear’ of sokssahwat. Sa heart it.
ROMANTIKUS:
Dat is sa. Lit ús avensearje, lit ús om wapens sjen.
DICHTER:
To wapen! To wapen!
ADAMITEN:
(balte omraken)
Wy sille se fine! To wapen! (Fleane werom nei har stêd.)
SUPERMAN:
(tsjin de Alter Ego's)
En jimme? Wapens moatte jim hawwe. Elke tsiende man moat korporael wêze. Gelikensens is ôfskaft. Dúdlik?
ALLE A.E.'s:
Dndlik!
SUPERMAN:
Rjochtsomkeard! Foarwearts! Lofts! Lofts! (alle Alter Ego's marsjeare ôf nei lofts.) | |
[pagina 247]
| |
SUPERMAN:
(allinne)
Bah, hwat in spul!
(Hy kriget in waeijer ûnder de jas wei en wynderet him om 'e holle.)
Hwat is 't near! Der koe wol stoarm komme sille. Ik bring it boadskip fan 'e krêft! (Tonger yn 'e fierte.)
ADAM:
(komt werom fan rjochts)
Hwat wie 't oars in moaije dei - mar nou lûkt it hielendal ticht. Der komme wolkens opsetten en it bigjint to tongerjen. Hwer is myn folk? Hwerom hawwe se my net ophelle? Aha, hja hawwe hjir in tinkstien brocht, dy goede bern fan my. Dat hie 'k al tocht.
(Lêst:)
‘Hjir is de skepping foltôge’. Hwat moai, en sa koart formulearre! En hwat is dit? Noch in tinkstien!
(Lêst wer:)
‘Hjir is de skepping foltôge’. Hwat nuver!
SUPERMAN:
Hjir is de oarloch skepen.
ADAM:
Hwatte?
SUPERMAN:
Dy twadde tinkstien is net foar dy.
ADAM:
Foar hwa dan?
SUPERMAN:
De oaren ha him hjir brocht.
ADAM:
De oaren? Rin hinne. De oaren soene foar my gjin tinkstien oprjochtsje!
SUPERMAN:
Hy is ek net foar dy, hy is foar de oare.
ADAM:
Foar hwa? Foar Alter Ego? Dat liket op neat. Alter Ego hat net skepen! En hwa bistou eins? Hwat bitsjutte al dy forwâdde feestslingers? Hwat is hjir bard?
SUPERMAN:
Op de dei dat de skepping foltôge is, is de oarloch útbrutsen. Ik haw oan de widze fan de skiednis stien. Under myn persoanlik taforsjoch is de skiednis berne.
(Tonger.)
ADAM: Hwat sil dat bitsjutte?
SUPERMAN:
Dit is it bigjin. Dyn folk hat biroerde min fochten; gjin oefening, gjin oarder, en op it stuit noch gjin inkelde deade.
ADAM:
Hwat? Is myn folk yn 'e slach rekke mei dy oaren? Binne hja wier yn 'e slach rekke? Hwa syn skuld wie dat dan? Hwa hie gelyk?
SUPERMAN:
De oerwinder, dy hat altyd gelyk! Dy oaren wiene hwat oan de winnende hân. Hja binne gaedliker materiael.
ADAM:
Liger dystou biste! Myn folk is better! Hja hawwe helte mear yn 'e marse! Hja binne helte better ôfwurke!
SUPERMAN:
Gjin gaedlike klean. En elkenien stiet mar sa't it him yn 't sin komt. En elkenien hat syn eigen miening.
ADAM:
Dat komt om't elkenien in persoanlikheit is!
SUPERMAN:
Dat kin noch wol yn oarder komme. Stek se mar yn unifoarms! Jow har in mienskiplik idé. Triuw har in flagge yn 'e hân! Jow har wapens en in striidrop. Klear is 't al. Sa moat soks, Skepper! | |
[pagina 248]
| |
ADAM:
En dat neamstou skeppen?
SUPERMAN:
Ik neam it fatsoenearjen. Wy moatte de naesje skeppe! Wy moatte it Keizerryk skeppe! Dat is de bitsjutting fan dizze oarloch. (Tongen)
ADAM:
Hokker oarloch? En hwa bistou winliken?
SUPERMAN:
Ik bring it boadskip fan de krêft.
ADAM:
Aha, dan bist... hoe wie 't ek wer? Ei ja, Miles.
SUPERMAN:
Müller, Superman Müller hjit ik. De man fan 'e aksje. Oplieder yn heltedom.
ADAM:
Ja, ik wit it. En hwat docht... eh... Eva tsjinwurdich?
SUPERMAN:
Lichemsforsoarging. Ritmyske gymnastyk.
ADAM:
En wolst my fortelle, dat myn folk oanfallen is fan dizze fanatikelingen? Ik wit it, Kaïn hat se tsjin ús opset; mar ik sil se!
SUPERMAN:
(himmelet de neils mei de spear)
Dat soes tou net kinne.
ADAM:
Dan sil ik myn folk der op loslitte!
SUPERMAN:
Dat is nou krekt oarloch!
ADAM:
Né, dat is fordigening! Ik wol gjin oarloch!
SUPERMAN:
It is oarloch. Kinst wol nei hûs ta gean, Skepper! (De tonger wurdt fûlder.)
ADAM:
En mienst, dat ik dàt talitte sil?
SUPERMAN:
De Skepper hat hjir gjin oarders to jaen; dêr freget net ien nei.
ADAM:
Hwa sil hjir dan oarders jaen?
SUPERMAN:
De man dy't de kommando's jowt, dat is de man dy't wint. In wrâld skeppe, dat is neat. De wrâld moat forovere wurde. Lit sjen hwa't de bêste is! Lit sjen hwatstou kinst!
ADAM:
Hwat kin ik dan dwaen?
SUPERMAN:
Neat. It Skepper-wêzen is in passive rol, in rol dy't útspile is. Bist hjir oerbleaun, âld stikfe fossyl. Krûp werom nei dyn oertiid, Skepper. De echte skiednis is nou úteinset.
ADAM:
Hwatte? Ik sil dy skiednis sjen litte!
(Hy fljocht oerein, skuort de Superman de spear út de hân, en tichelt him dêrmei ôf.)
Ik oerbleaun, nou? Wolst sjen hwat ik kin, nou? Dêr dan! En dêr! (Hy jaget de Superman foar him út.) Ik haw hjir gjin oarders to jaen, nou? Dou loaije stjonkert! (Hy jaget him fan it toaniel ôf.) Ik sil dy leare, fan oarloch to praten. Dêrre! Dêrre!
(It ballen stjert wei.)
(De stoarm boarst los, it bigjint to reinen.)
STIM FAN ADAM:
(komt tichterby)
En de groeten oan Eva, dou ezel!
ADAM:
(forskynt wer, linet op 'e spear)
Hèhè! Ik haw it him leard! Hwat is dat moai wurk, ien in bêst wan bruijen ta to tsjinjen! Nuver, ik haw my by al dat skeppen nea sa sterk field as
| |
[pagina 249]
| |
by dit!
(Hy giet sitten yn 'e rein en hellet de siken djip yn.)
Alter Ego's tinkstien! Myn folk oanfallen! Moat ik dit sa gewurde litte?
(Ljochtsjen, swiere tongerslach.)
ADAM:
Hwat? Is 't nou oarloch? 't Is my oft de kop
My boarste sil! Jow my forkuolling, rein!
Wier, foar in skepper is 't in slimme pleach
En stjûr syn eigen wurk nei 't slachthús ta.
(Tongen)
'k Haw skepen, wis. Mar helte dreger wurdt 't
To soargjen dat der hwat fan bliuwe sil...
Myn wurk biskermje... mar ik kin it net...
Och, sels gjin God hat dat noch rêdde kind!
(Ljochtsjen, tonger.)
Ja, as 't om rom to krijen wie, ik focht,
Ik soe oerwinne, skiednis skeppe soe 'k.
Mar 'k haw oan 't simpel skeppingswurk genôch,
't Yn djippe stilte foarm jaen oan de klaei...
Jow my forkuolling, sfoarm...
(Tongerslach.)
A.E.:
(fljocht it toaniel op, pûrrazen)
Hwer is er? Hwer binne hja? Aha, dêr haw ik him! En biwapene! Nou sjogge wy mar, hwa't hjir de oarloch taret hat! Dit is it biwiis fan hwa't der bigoun is!
ADAM:
(komt oerein)
Alter Ego, ik moat der my oer bikleije, datstou in oanfal dochst op myn ûnskuldich folk. Myn folk is hjir kommen mei in tinkstien...
A.E.:
Dat is in leagen! Myn folk is hjir kommen mei in tinkstien, en dy binde fan dines hat him der op smiten...
ADAM:
Dat is in leagen! Dou wiest it, dy't syn hiersoldaten op ús loslitten hat...
A.E.:
Adam, hwat bist in âlde smjunt!
ADAM:
(smyt de spear foar de fuotten fan Alter Ego)
Dit sil tusken ús folken útfochten wurde!
A.E.:
Wy sille jimme fine!
ADAM:
Wy sille gehak fan jim meitsje!
A.E.:
Wy forklearje jim de oarloch!
ADAM:
En wy jimme, deale!
(Tongerslach, floed fan reinwetter.)
A.E.:
Adam, wy brekke foar dit stuit de bitrekkingen ôf.
ADAM:
En wy fan 't selde. En ik bin net fan doel, my hjir foar dyn plezier dweiltrochwiet reine to litten!
(Hy fljocht yn 'e hoale, dêr, hwer't earder de skeppingsklaei lein hat.)
A.E.:
(efter him oan)
Dit is dyn hoale net! Ik haw der likefolle rjocht op. Der út dou!
ADAM:
(yn 'e hoale)
Ik tink der net oer!
A.E.:
Derút! Ik wol skûlje!
ADAM:
My bêst, skûlje mar!
A.E.:
Mar der is inkeld ien hoale, dus ien fan ús beide moat bûtendoar bliuwe! | |
[pagina 250]
| |
ADAM:
Der is mar ien hoale, dus as wy beide skûlje wolle, moatte wy der togearre yn.
A.E.:
Togearre? Hoe dan?
ADAM:
Nou, der is hjir plak genôch!
A.E.:
(krûpt der by yn)
Sa, hoechst net to mienen dat ik bang bin! (Ljochtsjen, tonger, streamen wetter.)
ADAM:
Bêst stikje sfoarm!
A.E.:
Ja nou!
(Tongerslaggen.)
ADAM:
De slimste dy't wy oant nou ta hawn hawwe.
A.E.:
It hat der al tiden tsjinoan hongen, hear.
(Wynpûsten, nije gjalpen reinwetter.)
ADAM:
Kom oan diskant sitten, it is hjir droech.
A.E.:
Mar dat is doch dyn helte.
ADAM:
Hwat makket dat nou út? Gean sitten.
A.E.:
(giet sitten)
Ik wol dy net hinderje.
ADAM:
Dochst ek net, ik haw gjin lêst fan dy.
(De tonger sakket hwat ôf.)
A.E.:
Bêst stik reinwetter!
ADAM:
Jawis! In goed ding foar de rogge!
A.E.:
Och kom, dy hat wetter genôch hawn; mar de raepkes, dy ha der forlet fan.
ADAM:
De raepkes net, de ierappels!
A.E.:
De ierappels ek.
ADAM:
En de raepkes ek.
(De stoarm bilunet hwat.)
H'm; en hoe liket it thús?
A.E.:
O, bêst, tankewol!
ADAM:
In gelok, dat der gjin heilstiennen kommen binne.
A.E.:
Ek myn bitinken. It reint nou sa fûl ek net mear.
(De stoarm stjert wei.)
ADAM:
It is noflik koel wurden, safier is 't hinne.
A.E.:
Ja nou, it wie ek to near, foartiid.
ADAM:
Dat set jin op 'e senuwen. Dêrom koest net folle hawwe!
A.E.:
Nou noch moaijer! Ik net folle hawwe kinne! Dou bist doch bigoun!
ADAM:
Hark ris, lit ús ophâlde nou; ik haw neat tsjin dy!
A.E.:
êr bin 'k bliid om, wier; ik hie tocht... Sjoch, de sinne komt der wer by!
(Fûgels bigjinne to sjongen.)
ADAM:
Sille wy der út?
A.E.:
(giet oerein)
Nei dy, Adam.
ADAM:
(stapt út de hoale wei)
Sjoch, Alter Ego, in reinbôge!
(Hy skopt de spear fuort, dy't dêr oer de groun leit.)
A.E.:
(skopt him noch fierder fuort)
En noch in oaren-ien derboppe! Sjoch, in dûbele reinbôge!
ADAM:
(stiet by Alter Ego's tinkstien)
Tsjong, is dit dyn tinkstien?
| |
[pagina 251]
| |
(Hy fielt der oan.)
Stevich ding! Hwer is er fan?
A.E.:
Fan granyt, wol 'k leauwe. Mar dines is smaekfoller, dy is sa to sizzen artistyk...
ADAM:
Dines sil it wol sa lang hâlde. Hwat in stik wurk! Meist wol greatsk wêze op dyn folk, Alter Ego!
A.E.:
Tige bliid dit komplimint út dyn mûle to hearren, Adam. Hwannear't in ekspert lyk as dou soks seit...
ADAM:
Witst, ik siz sa faek tsjin mysels, dat it gjin min idé is om alle minsken krekt gelyk to meitsjen. Hwannear't men de saek dan byinoar bringt, liket it helte better, sjoch. En men kin ek hurder avensearje. It hat úteinliken wol hwat foar.
A.E.:
Ja, mar elkenien wer oars to meitsjen, dat is ek net gek. Der binne safolle mooglikheden, safolle idéën... Dou bist in echte kunstner, Adam, sa is 't mar ris. Dyn skepsels toane likegoed geweldich!
ADAM:
Ja, miskien wol; mar dyn standert-produksje hat syn eigen moaije kanten: it is oarderlik, it is praktysk, it is modern. Dou hast de saek wittenskiplik oanfette. Dàt is nou foarútgong, sjoch!
A.E.:
Mar dyn idéael wie, sa to sizzen, kultureel, nou? Klassyk, dat is 't wurd. Dou hast yn feite foarm jown oan de âlde dream fan it minskdom. Ik bin bliid dat it dy sa goed slagge is!
ADAM:
Myn bêste Alter Ego!
A.E.:
Myn bêste Adam! (Hja slane de earms om inoar hinne.)
DAM:
Wachtsje, ik wol dy noch hwat sizze.
A.E.:
Né, ik wol dy hwat sizze. Wy hiene yn 'e mande dwaen moatten.
ADAM:
Dat is wier. Wy hiene yn 'e mande skeppe moatten.
A.E.:
Dou bist kunstner, dichter, byldhouwer, koartsein in echte skepper...
ADAM:
En dou bist in wittenskiplike geast, in organisator! Hwat hiene wy net hwat skeppe kind...
A.E.:
Hwannear't wy ynfloed op inoars wurk hawn hiene!
ADAM:
Dat is in ding dat wis is. Utwikseling fan idéën is de grounslach fan alles.
A.E.:
Né, de haedsaek is mienskiplik taforsjoch, tinkt my.
ADAM:
Mar fóár alle dingen moat der in mienskiplik program wêze.
A.E.:
Unsin, as der earst mar in oerienkomst is. Dêr kin it wol mei ta.
ADAM:
Sjoch ris, tsiere wy nou wer, of binne wy it wol iens? Ik hâld út, dat wy togearre skeppe moatten hiene, yn oerienstimming en iensens mei elkoar.
A.E.:
Dat wol ik nou ek biweare. Dou soest skepen hawwe...
ADAM:
En dou organisearre...
A.E.:
Us mienskiplike wrâld ... | |
[pagina 252]
| |
ADAM:
Myn bêste Alter Ego!
A.E.:
Myn bêste Adam!
(Hja slane de earms wer om inoar hinne.)
Hark ris, soene wy it noch net ris bisykje kinne?
ADAM:
Togearre skeppe? It soe wol kinne. Mar ik haw gjin klaei mear.
A.E.:
Ik ek net, gjin klútsje.
ADAM:
Dit is spitich!
A.E.:
Dat is it. As wy nou togearre noch mar ien figuer meitsje koene!
ADAM:
En dan elk sines der oan dwaen.
A.E.:
Sa soe 't moatte. En dan sa, dat er hwat fan dy en hwat fan my hawwe soe.
ADAM:
En in soarte fan midler wêze soe tusken dyn wrâld en mines.
A.E.:
En yn beide like goed thús. Dyn eagen soed er hawwe moatte, liket my ta.
ADAM:
En dyn wyske soed er hawwe moatte, liket my ta.
A.E.:
Adam, bêste Adam fan my!
(Hja slane de earms wer om inoar hinne.)
It soe in soarte fan leafdesingel wêze, siz.
ADAM:
In boadskipper fan de frede.
A.E.:
Mar wy hawwe gjin klaei om him to meitsjen! Bist dêr alhiel wis fan? Hast noch net in pear brokjes?
ADAM:
Net in klútsje mear. Allinnich noch mar hwat skraebsel yn 'e hoale. Dat bultsje dêrstou niis op sitten hast, ommers.
A.E.:
Tinkst dat it genôch is foar in lyts brokje minske?
ADAM:
It bistiet net! Noch gjin treddepart. Kom mar ris mei to sjen.
(Hja geane beide nei de yngong fan de hoale.)
A.E.:
Né, hast gelyk, dêr kin noch gjin houn fan makke wurde.
(Hy jowt de klaei in skop.)
KLAEI:
(jowt in gjalp)
Oh!
A.E.:
(mei in skok)
Hwat nou?
ADAM:
(hastich in stap tobek)
Hwat is dit?
GOASSE-TO-MIN:
(komt út de heap wei)
Ik bin it mar, sjef! (Hy prúst.)
A.E.:
Hwa bistou?
GOASSE-TO-MIN:
Ik haw honger.
ADAM:
Hwer komst wei? Hwa hat dy skepen?
GOASSE-TO-MIN:
Net ien, mynhear. Sjoch, mynhear, ik haw mysels skepen, sa is dat, sjoch.
ADAM:
Dat is brutael! Net ien kin himsels skeppe!
GOASSE-TO-MIN:
Ik kin der ek neat oan dwaen, sjef. Dy traep hat my sear dien, sjoch.
A.E.:
Mar hwer hast de libbenssike weikrigen?
GOASSE-TO-MIN:
Hjir, mynhear.
(Wriuwt him oer de mage.)
It
| |
[pagina 253]
| |
rommele hjir hwat, mynhear, en doe wie it al sa. Och, mynhear, ik haw sa'n honger, mynhear...
ADAM:
Och, it is mar sa'n earme Goasse-to-min! Nim him mar mei, Alter Ego, it is earlik dines.
A.E.:
Tankewol, meist him hâlde. It wie dyn klaeibult dêr't er út omheech klaud is, freon!
ADAM:
Dat is sa, mar dou hiest der op sitten! Dou hast him skepen!
A.E.:
Hâld op mei sokke ynsinuaesjes! Ik skep gjin flieën of losse persoanen, lyk as in oar hjirre! Sjoch hjir ris, Goasse-to-min, dou giest mar mei dy mynhear dêr, hear!
GOASSE-TO-MIN:
Ja, mynhear.
ADAM:
Dou doarst wol! Goasse-to-min, giest mar mei him. Hy is dyn baes, hwant by wie de earste, dy't dy in traep jown hat.
GOASSE-TO-MIN:
Dwers yn 'e ribben, mynhear, hat er my wâdde.
A.E.:
Hy kriget noch ien, as er net giet dêr't er heart! Ik haw neat mei him nedich! En dy oare misledigingen, Adam, dy sille op gaedliker tiid en stuit tusken ús útfochten wurde.
(Lofts ôf.)
ADAM:
Ta jins tsjinst, mynhear! Wy sille dy wol mores leare foar dyn skandlike hâlding. (Rjochts ôf.)
GOASSE-TO-MIN:
En hja jowe my neat to iten!
(Klaut him.)
Goasse-to-min, dou moatst mar op dysels passe!
EIN FYFTE BIDRIUW |
|