De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 237] [p. 237] Tineke Bethlehem: Elektronika juster moarn fannacht en nou read en rose pears yndigo dû dyn hier en skimerhûd heas en skril leaflippelûd sinne skimer tsjuster neat leafde freonskip blidens eat wolkens damp en kâlde rein spyt forwyt op 'e nij de ein forslein oan 'e ein haw ik de dei de joun forret en op it kein wyt fan dyn hûd mei bloed myn namme set wês by my as yn dizze nacht forgetten klanken taestber wurde o 't sykjen lâns de puollen fan dyn eagen en 't godforgetten doarmjen op de boaijems fan ús herten de tunen fan ús langstme blommen wyld en swiet 't trochsichtich griene ljocht sproeit fyn oer triljend rose it blauwe fjûr doe forlearen wy de leafde en de kaeije op de tún [pagina 238] [p. 238] dû sliepst fjûr fan dyn eagen oerdutsen leaf de bôge fan dyn mûle forwaeijert roun en lau yn 't lette ljocht dyn lea forgeiten moai en omsletten fan it ritme dat libben en froulju muzyk en natû;r getten ha inkel leaf sliep oant de moarn brekt oan dyn sliepen en forwachtsje op 'e nij it wûnder de hjerst stiet grizich oer il bosk it griene moos is sêfte hannen... in lytse poel forfaget mids de ljochte dei fine tûken flechtsje har yn 'e loft myn eagen tril je yn 'e rop fan it hynder langjend en bang Nachtsile it reid heint de kleur fan de moanne it wetter de kleur fan de nacht de stjerren stean stil oan dyn skouders en de wyn bûcht dyn stim ta in bôge in lûsterjen tusken himel en nacht wy binne oplost yn inoar en 'e blauwens fan de nacht wy lizze sûnder bân fan tiid fortize yn ús wurden frjemd en nij en jit in slach ús hert binefter [pagina 239] [p. 239] Ekskursy bus yn 'e damp swijende beammen stoarje ús nei - cantare - omspilet ús - ohoooo - nimt bisit fan 'e bus myn bank is in eilân ik lei de eagen nei de bûtewrâld skjin stadich skout hja har moarnsklaed ôf myn buorman slûget fierder bambino-eagen stean yn 't blau fan hannen fol libben de nacht is dyn mantel de stjerren dyn hier dyn mûle in himelblom stil stiet oan dyn boarst it moanneljocht forjit my leaf wy kin gjin himel oan Sinnebeam grien yn forskate kleuren pinsielet har op it beamt hat tint mei sinne mongen en mannich soarte skaed sketst tûken tsjin it ljocht yn lyn swart op 'e stamme hat kleur ta djipte twongen sa ha it ljocht en 't grien de sinne en it skaed de dei fan hjoed ta kleur fan 't libben laet [pagina 240] [p. 240] Op 'e nij oer dizze grize diggeldei stiet skou it ljocht op 'e nij stean ik mei earmen fol blau lok oan finsters lústerpoëzij stienblau en moannegiel stiet myn sédronken herte op lingerseinen fan myn siel bisletten yn dit tryst forgean fan juster hjoed wol ik bistean bin hannen read toskuord wy steane yn it blauwe ljocht de bân jit om ús hinne ús eagen winke fan inoar eins bin wy al allinne inkel ús mûlen keare noch dit skier ûnsizber witten lit dizze nacht ûneinich stean boppe myn st jurre eagen forwêzen bin ik en oan 'e ein is loslitten dochs genêze Delibab wy ha de szardas dounse foar my song de fioel en ik bigryp dyn langstme nou ik haw de szikos sjoen de hynders by de wetterput de loge moarntiidsgoud en 't brânnen fan de jountildsloft ús hannen tabitroud [pagina 241] [p. 241] hast yn 'e bliere laits fan 't stuit in wrange wrede bittrens struid dyn eagen bliuwe bûten stean marije is forgetten dû hast de stâlle sletten wy dounsje op de sloppe koarde glimkfende nei elkoarren fan dy nei my fan my nei dy balâns sweefdounset mei laitsjend boartsje wy mei it wurd heinebaljend tusken ús beide de wrede kliuw net mear biwust de moanne stuitet my as ik gliid en dû kinst ommers sweve Du skerp as de moannesiselpunt yn ljochtsjend dampgerdyn rook fan wetterkrûd en letteroazeblêd flerken fan nacht wurden inketswart eagen tusken dea en libben reaun fan stjerren dû Vorige Volgende