Toanielkronyk:
Mei de fuotten op de groun
De Fryske klienkunstartysten hawwe komselden de pretinsje, dat hja kabaret bringe. Hja binne net allinne skoftich foar de namme, mar blykber ek foar de foarm. Binammen it selskip Tetman en Jarich hinget altyd noch tige oan in liedend motyf, in oanklaeid forhael. Roel Oostra syn selskip De spinnekop kin der ek net sûnder. Allinne Klaes Westra, dy't sels gjin teksten skriuwt en ôfhinklik is fan losse meiwurkers, bringt syn forskaet fan ferskes en sketskes, sûnder dat der in tried troch rint. Hy hat syn nije wurklist dan ek Op alle winen neamd.
Der is ek in dichtbondel fan Fedde Schurer fan dy namme en dy iepent mei it fers Stoarm. Yn dy stoarm wurdt de siele, ‘in wiffe flagge, dy't op alle winen slacht’ neamd. Sa hat Klaes Westra it net bidoeld. De figueren, dy't hy en syn meiwurkers op de planken sette, binne minsken fan fleis en bloed; de logika ûntbrekt der almeasten net oan en har petearen binne hast nea boartlik. Hja binne skepen mei de ironyske humor, dêr't de roman-, forhael- en tekstskriuwer Paulus Akkerman it nou al jierren lang op hâldt. It resept is goed: der kin jier út jier yn op trochborduerd wurde yn alle mooglike situaesjes en mei de romte fan persoanen. De sketskes, dy't Paulus Akkerman foar Westra skreaun hat, komme út deselde koken as Piper en sâlt en Oer de hage en hja sette dus net folle by foar de fornijing fan it Fryske kabaret, dêr't Klaes Westra dochs ek wol in bytsje nei stribbet. In sketske as Sijke wit hwat echte leafde is, is dan ek echte brulloftskost.
S.J. van der Molen, dy't de lietsjes foar Klaes Westra syn nij programma skreaun hat, driuwt ek wolris in bytsje op syn routine. In ferske oer Fryslân, in ferske oer de Fryske tael - op in sjongsume wize is der altyd wol hwat fan to meitsjen. Dochs binne der in pear gunstige útsûnderingen. De lêste man fan Friezegea, in parody op in ûntfolke Frysk doarp is in treflik kabaretnûmer. Klaes Westra, al hat er syn stereotipe hâldingen en gebearten dan ek al sa lang as wy him kenne, bringt dizze skets knap. Ek in modern en aktueel nûmerke as Wy binn' sa bang, troch it hiele selskip bêst brocht, mei mei eare neamd wurde.
Durkje Westra is fan it ploechje sûnder mis de bêste. Hja bringt binammen de lietsjes tige goed, mar ek yn de sketskes komt hja ta treflike prestaesjes. De nije krêft, Tine Rekker, kin aerdich tipearje en Rypke Westra is ek in biskieden en sympathike forskining op de planken. Klaes Westra sels is op syn swaksten yn de konference. Dy is to lang, to wiidweidich, to gewoan ek.
Konferenciers binne der yn Fryslân blykber net folle. Roel Oostra hat it der oant nou ta ek altyd mei to krijen hawn. De iennige, dy't der hwat fan tolânne brocht, Tetman de Vries, docht it der de lêste tiid altyd sûnder. De nije wurklist, dy't hy mei Rients Gratama skreaun hat en dy't Sa is 't en net oars hjit, is wer echt in ‘stik’, in brokje libbensskiednis, yn de foarm fan lietsjes en sketskes getten. It giet dizze trear oer de húshâlding fan Manus fan Alles. De deistige dingen, konflikten, leafde, âldedei-problematyk, in fakânsjereiske - hja binne hjir allegearre wol min ofte mear op har plak. Dochs hat dit nije programma, nettsjinsteande syn tradisionéle opset, in pear forrassingen. It selskip hat yn de rin fan de jierren al in ûn-