De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 256]
| |
tûzenen jierren âld thema griep, dêr't de gefaren fan retoryk en forfeling fan alle kanten by wanke. Hy hat it weage, om it drama spylje to litten yn 1958 tsjin de eftergroun fan in negerkarnaval op de bergen boppe Rio de Janeiro, yn in gewelt fan muzyk en kleuren. En it is gjin guodkeape show wurden, mar in film fan great formaet. Dit negerfeest op himsels is in wûnder fan filmtechnyk en massaregy, dat men as in wylde dream bilibbet. It skimert jin foar de eagen by dizze oanhâldende samba's, dounse op de oerritmen fan it bloed, yn in ivich wikseljende sé fan kleuren en bigelieden fan in opswypkjende muzyk. In útboarsting tusken de grinzen fan ekstase en hysteary, dêr't it primitive fulkanyske libben ûnmidlik bidrige wurdt fan de dea en dêr't leafde en hate oan deselde boarnen ûntspringe. It wie in like geniael as riskant idé, om tsjin dizze eftergroun it klassike thema fan in leafde-boppe-libben-en-dea spylje to litten. Allinne in master as Camus koe soks weagje. It is, filmtechnysk alteast, in seldsum knap stik wurk wurden. Orpheus is hjir in Iaitsjende tramkondukteur út Rio, Euridice in prachtich negerfanke út de omkriten. De muzikale Orfeo, dy't oan elke finger in faem krije kin, hat forkearing mei it fanatike fanke Myra, mar it rjochte is it net fan syn kant. Op it feest moetet er Euridice en dan is it daliks tinken. Euridice is op 'e flecht foar in grouwélige en mysterieuze forfolger, dy't de Dea blykt to wêzen. Dit munster dûkt hyltiten wer hommels yn it karnaval op en men kin allinne mar biwûndering hawwe foar in regisseur, dy't mythe en wurklikheit sa suggestyf yninoar gripe lit. Yn dizze binearjende sfear fiere Orfeo (Breno Mello) en Euridice (Marpesse Daron) fjouwer dagen lang it feest fan har leafde. Omdoch bisykje hja it needlot to ûntkommen. Yn in wylde scéne, dêr't de demon har op 'e hakken sit, stjert Euridice troch in ûngelokkige hantgreep fan Orfeo oan in elektrysk apparaet. De beide haedrolspylders binne oant yn de lytste détails tsjin har swiere rol opwoechsen. Oangripend is de lêste scéne, as Orfeo mei de deade Euridice yn syn earmen sjongend de bergen yngiet, de dage tomjitte. Dêr moetet er Myra, dy't him oanfljocht en dan stoart er mei syn Euridice fan de rotsen ôf, en is yn de dea forgoed mei har foriene. Twa lytse jonges, freonen fan him, spylje op syn gitaer it motyf, dêr't er ‘de sinne mei opgean litte koe’. En dan komt de sinne op oer in leafde, sterker as de dea. Opfallend, hoe't ek yn ús tiid, nettsjinsteande de moderne atoomspjalters, dy't de leafde neffens de regels fan de technyk ûntbine en op de nihilistyske dongbult smite, it oerâlde thema ivich aktueel bliuwt: Orpheus en Euridice, Tristan en Isolde, Romeo en Juliet, Heathcliff en Cathy. It libben is hwat oars en meer as de som fan syn atomen. Ik ha tsjin dizze grandioze film ien great biswier: dizze klassike mythe fan Grikelân past net yn de sfear fan in orgiastysk negerfeest. Hoe knap en firtuoos ek qua film, hjir wurde twa wêzensfrjemde kultoeren trochinoar mjukse, ûnbitinge en sander euvelmoed. It westen mei wol oppasse en noed stean fan syn rykst kultuerbisit. INNE DE JONG |
|