De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 257] [p. 257] [Nummer 9] Sjoerd Spanninga: El medico De delte lei noch dwyl to hymjen yn har hengelmatte sa koartsich stie it fjûr har op 'e gleone eagen en sloegen har de sliepen lûdsprekkend en stombleakere fan haet de leafde ta it libben wach en toarstich - it wetter wie syn drystens kwyt en die in sleauwe slach om nei it rif to baeijen in hongerige haeijebek hwer't mannich lot in wrede dea wei stoar it bleau mar draeijen ûnder de bimoks'le kyl fan in pirateskip rôffûgelige fisken skeaten warleas yn it skaed en sieten stil se lieten amperoan in fin forwege en joegen oars de wolkedriften soms de wylde groun útboarstingen fan blommen syn fulkanysk krûd of woun de wyn ta mylde stringen 't glânzjend famkeshier nou raffelen de raeijen skronfelich har foarmen bleat dat neat koe jin bikoare in dounsplak foar de swarte flinter en syn tryst fortier - mar juster hat de rein genêzing sein de sike seilen en gie mei frisse moed wer de passaet [pagina 258] [p. 258] el medico by syn pasjinten lâns - wytskomjend hat de sé it rûze op 'e rotsen dat hiel de loft roek balsemyn - doe weau de palmbeam al syn waeijers iepen oer de kust kwant ider skepsel socht syn heil en hoede en seach forblide troch syn kommen - de sinne draecht de holle heech. Napels God skoep de dei en ik gean der troch napels hinget de wask út in lappige loft oer smelle stegen de tsjustere sloppen tusken de sinne soms spilet fan lytse fioelen sjongende fûgelkouwen it leed nei hoppen dan trueret it liet in reade rânne om 'e eagen de stilte siket it blauwe kontoer fan de ljochtmoanne baei mar aenst springt it libben it hert wer yn en de laits fan de sékob makket jûchhei oant djip yn 'e nacht it wetter hat dounsjende fuotten en 't bloed in draeijende drift iepene krater fan lust - efter de kust it fortarrende fjûr fan de dea de brânnende berch... [pagina 259] [p. 259] Wy kamen by de poarte fan de nacht Wy kamen by de poarte fan de nacht en stoarren nei de kym hja stil fan wêzen myld forjaen dat gluorre op in gouden groun ik mei de brike mûle fan de haet in koppich raem sa stom en stym foar 't suver wyt har minlik wurd wylst gie oer 't gea noch sinnebloei en stie yn ljochte preal in eale roaze fan de blauwe bergen doe helle út syn toverdoaze de joun it hearlikst koloryt en joech syn klearte oan jokoende en my 't skarlekken fan de sûnde it bloed dat op de stiennen greide earne har oan triennen briek hwer't men dwergen hat forskûle - lykwols sa libbensgreat as myn freondinne sa neat as ik myn tinzen tocht teach ús slûchtrêd dat amerij in lytse karavaen foarby dy't herberch socht yn dizze muorre en 't moed waerd my oerrinnend fol dat al it read aenst fan my striek om't njonken my in skeper diek it skurf habyt sa grien as gers mar mei de himel yn syn eagen dy't wosk myn klaed op 't hurde hert ta wite wol en droech it as in laem - de stjerren holden oer ús beide wacht doe't wer de in gel fan my wiek... Vorige Volgende