De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 213]
| |
(Selde toaniel. Mar op 'e eftergroun is de wente fan Alter Ego der by komd. It is daliks wol to sjen, dat de wrâld yn twa helten fordield is).
Adam sit op syn helte to skriuwen yn syn skriuwboekje. Alter Ego sit grimmitich to stoarjen.
ADAM:
H'm. Dat liket der sa wol op.
(Stilte.)
H'm, h'm. Mar it is frijhwat kâld.
(Noch langer stilte.)
Mei ik it dy ek foarlêze? Dan kinst my fortelle oft it goed is.
A.E.:
Dat is it nèt.
(Stilte.)
ADAM:
Skriuwstou dyn idéën net op?
A.E.:
Né.
(Stilte.)
En soest my better ek net freegje kinne, op to skriuwen hwat ik tink.
ADAM:
Dan moatst it krekt opskriuwe. Dat jowt sa'n forlichting.
A.E.:
Hwerom soe ik forlichting hawwe wolle? Hâld sokke persoanlike opmerkings foar dy.
p>ADAM:
Hwat nou, meitsje ik persoanlike opmerkings?
A.E.:
Sûre, stomme opmerkings. It binne mar loaze praetsjes, dat myn wiif fuortroun is. Hja is inkeld mar fuortgien. En dan mei myn tastimming, ast it witte wolst.
ADAM:
Mar dy hiest har net jaen moatten, myn bêste.
A.E.:
Net jaen moatten! Dat kinst maklik sizze. Bisykje har ris thús to hâlden! En it is dyn skuld, moatst witte. Hwerom hast dy Superman skepen? Dat soe ik wolris witte wolle! En nou makkest haetlike opmerkings, dat myn wiif mei him fuortset is!
ADAM:
Hja is fuortgien.
A.E.:
Nou, hwat soe dat? Ik bin leaver allinnich. De húshâlding is op it lêst in forâldere forskynsel. De foarútgong fan de wrâld bliuwt net stean foar sokke únnoazele ynstellingen as de húshâlding. Wier, it is hjir in binde...
ADAM:
Hark ris, ast forlet hast fan help of sa, as der hwat oplappe wurde moat, of sokssahwat... Lilith soe it foar dy dwaen kinne.
A.E.:
Né, wier net, tige bitanke, mar it hoecht net. Hwat docht hja op 't stuit?
ADAM:
Ik soe it net witte. Ik haw sels safolle wurk omhannen...
A.E.:
Wurk, seiste? Is dat wurk, hjir altyd mar hwat om to kroaskjen en om to strunen? Ik bigryp net, hwatstou foar my forburgen hâlde moatst. | |
[pagina 214]
| |
ADAM:
Hoe dat? Neat, alhiel neat, hwat soe ik foar dy forburgen hâlde? Ik kom hjir om myn skriuwwurk to dwaen. Men hat thús ek gjin rêst, dat...
A.E.:
Hwerom hast har skepen, siz ris earlik!
ADAM:
Hwa? Lilith?
A.E.:
Né, dy oare.
ADAM:
Dines, bidoelst? Mar dou woest har doch sels?
A.E.:
Ik woe har? Mar, myn bêste keardel, ik hie har my doch alhiel oars foarsteld!
ADAM:
Ik likegoed, leau dat mar! Ik kin har net fetsje. Hja bringt my ien yn 't sin, ien dy't ik koe, yn de âlde wrâld, sjoch; in nijsgjirrich type, dat frommis...
A.E.:
En is dy mei in oar fuortset?
ADAM:
Dat koe wolris sa wêze.
A.E.:
Aha, dus dou hast har foar my skepen neffens dat foarbyld. En dat wol my dan in nije wrâld meitsje, mei de âlde yn 'e efterholle, oanienwei! Alles hwatstou skepst makkest neffens eat dat der earder altyd wie! Myn bêste, in skepper moat domwei nearne fan útgean. Astou hwat nijs skeppe wolst, dan moatst net foar eagen hawwe hwat der earder wie.
ADAM:
Bist tige op 'e hichte! Om skeppe to kinnen moat men just gâns hwat kennis hawwe.
A.E.:
Unsin. Ast skeppe wolst, is it foldwaende datstou klear en wittenskiplik tinke kinst.
ADAM:
Mar sels om to tinken moat men gâns hwat ûnderfining hawwe.
A.E.:
Unsin. Underfinings binne krekt âlde ballêst. De ûnderfining biswierret jin allinnich mar mei de lêsten fan al datjinge, hwat earder west hat. Dou hearst to de âlde generaesje, Adam; dou kinst neat nijs skeppe. In fonkelnije geast moat der mei to set.
ADAM:
Dou sels, tink?
A.E.:
Fansels. Hwerom net? Dan soest ris hwat sjen! En hwerom bist sels net mear dwaende? Omdatstou bang bist! Omdatstou net mear witst hoe't it fierder moat! Hingest hjir allinnich mar hwat om en gluorkest hwat om dy hinne, om to sjen oft nimmen in hantsjefol klaei meinimme sil. Bist bang, dat in oar bigjinne soe to skeppen. Wier of net?
ADAM:
Dat is net wier. Tinkst faeks, dat it skeppen in spultsje is? It skeppen is in marteling, myn freon. It is in krewei, swierder as stienbikjen.
A.E.:
Smyt it der dan hinne!
ADAM:
Ik kin net, Alter Ego, it is my oplein, to skeppen.
A.E.:
En hwa hat it dy oplein? | |
[pagina 215]
| |
ADAM:
De stim fan de Heechste.
A.E.:
Kinst dat biwize? Aha, dat kinst net. It is ienfâldichwei, datst it net ien tabitroust. Bist bang fan nije idéën, dat is it him!
ADAM:
Ik bang? Waei op mei dyn nije idéën!
A.E.:
Ik wol net prate; ik wol skeppe. Elk fan ús hat it rjocht om to skeppen, wier?
ADAM:
Dat soe in moai spul wurde! Skeppen is gjin ekspearimintearjen! Yn 'e goedichheit, fortoan dat sa net! Ast skeppe wolste, skriuw it dan del, mar bisykje it net yn 'e praktyk to bringen. Kinst it och sa moai opskriuwe, kinst opskriuwe hwatstou mar wolst, mar op it stuit datst it yn 'e praktyk bringe silst...
A.E.:
Lit my it nou efkes bisykje en silst sjen!
ADAM:
Wachtsje efkes! Sa gau't it skeppen bigjint falt it alhiel oars út as hwat de forwachting wie. Ik siz dy, de bêste wei is út to tinken en dei to skriuwen hoe't de wrâld wurde moat. Ik haw al ûntwerpen op papier set foar fiif nije wrâlden; elk dêrfan is alderraerst, mar ik wit noch altyd net, hokker nou wier de bêste wêze soe en mei hokker ik bigjinne sil...
A.E.:
Dat is kleare kolder, fiif plannen, woe 'k ha! Ast hwat wolst, moatst mar ien hawwe!
ADAM:
Jawis, mar hokker dan?
A.E.:
Dyn eigen. Lit my nou ris ien kear skeppe! Adam, jow my de klaei!
ADAM:
Wolst der wier mei to set? Myn freon, it pleaget dy, dêr komt it fan. Jawis: hoe faken skept immen net, inkeld om de pine to fordôvjen? Alter Ego, de pine sil oergean; forjit dat frommis, dat by dy wei gien is...
A.E.:
Hwat hast mei har nedich? Jow my de klaei of...!
ADAM:
Of?
A.E.:
Of ik slaen dyn hiele âlde wrâld oan spuonnen. Nou witst it mar!
ADAM:
(forstuivere)
Alde wrâld? Dus it is al in âlde wrâld? Hawar, lit it sa wêze! Better as him oan spuonnen to slaen! Hoe koest dat sizze? Alter Ego, skep hwatstou wolst, mar allinnich foar diskear, hearste? Ik bid dy nochris, doch it net. Skeppen is in skriklike forantwurdlikheit; sels troch skeppen kinst de wrâld forneatigje!
A.E.:
Dat wit ik! Mar lit my nou myn gong gean, skepper. Silst my nou skeppe litte?
ADAM:
Jawis. Skeppe is better as forneatigje.
A.E.:
Yn oarder.
(Hy knibbelet del by de klaeibult.)
En hoe dochst it?
ADAM:
Makkest in figuer fan 'e klaei, mear net, en dan moatst de libbenssike der yn blieze. | |
[pagina 216]
| |
A.E.:
Dat wist ik al. Moat ik mei de holle bigjinne, of mei de fuotten?
ADAM:
Bigjin mar hwerstou wolst, mar...
A.E.:
Tankewol, ik bin nimmen nedich om my to fortellen hoe't it moat. Hjir hwat wei, skepper, dou hast dyn noas der hjir net yn to stekken!
(Hy foarmet yn 'e klaei.)
ADAM:
Alter Ego, hwat sil it wurde?
A.E.:
Silst dy de eagen út de holle sjen.
(Hy wrot yn stilte fierder.)
ADAM:
It sil twa fuotten hawwe, tink?
A.E.:
Hoe bidoelst?
ADAM:
Ik wol sizze, it wurdt doch net in nije frou, wol?
A.E.:
Siz, kinst dyn koplampen der ek ôfhâlde?
ADAM:
Bêst, ik wol dy net hinderje.
(Skodhollet.)
Mar it liket krekt wer in gewoan minsklik wêzen.
(Giet ôf.)
A.E.:
Kom, hy is fuort, nou kin ik oan 'e slach.
Myn great idé, nou sil 'k dy foarmje dus;
Lit 't wurk sa wurch my meitsje, dat 'k forjit!
Men heart to wrotten oan de nije wrâld...
(Hâldt ynienen op.)
Of soe 'k doch leaver wer in frommis? - Né
(Giet wer oan 'e skrep.)
Dat 's ûnsin! Klaei, nou ha 'k dy foar mysels,
Mei hân en knibbel set 'k myn merk op dy!
Kom nou, wês man, wês sterk en iensum, skep!
(De hannen falle him by 't liif del.)
't Is wol ellindich: oerbleaun sûnder wiif!
HJA:
(forskynt op de eftergroun, wivelet)
Alter Ego!
A.E.:
(gau wer oan 'e slach)
'k Bin dwaende.
HJA:
Ik bin it, Maria Magdala.
A.E.:
Hwatte?
(komt oerein.)
Bistou it? Hwer komstou ynienen wei?
HJA:
Ik bin weromkommen.
A.E.:
Jow dy wer ôf, hoechst hjir net mear to kommen.
HJA:
Mar, Alter Ego, hwat moat der dan fan my wurde?
A.E.:
Bliuw mar by him, by dyn Superman.
HJA:
Ik hoech him nea wer to sjen... Hy bigriep my alhiel net!
A.E.:
O né? Hwerom fleachst dan efter him oan?
HJA:
Ja, sjoch, hy seach nei my mei sokke hearlike eagen! Ast ris wiste, hwat stielhurde eagen hy hat! En sokke machtige hannen! Alter Ego, ik bin wol sa ûngelokkich!
A.E.:
Hwat kin ik der oan dwaen? Hwerom bist
hjir
eins wer kommen?
HJA:
(falt op 'e knibbels)
Datstou der in ein oan meitsje soest!
A.E.:
Ik? Hwat in idé!
HJA:
Ik wist datstou my de dea dwaen soest. En dat wie de iennichste reden dat... sjochste... de iennichste reden dat ik it dien haw, hwant ik wit, hoefollestou fan my hâldst. Doch | |
[pagina 217]
| |
my de dea!
A.E.:
Né, waei op, ik bin dwaende. Kom, oerein. Hwerom knibbelst?
HJA:
Ik knibbelje foar dy! Dou bist sa goed, sa great! Ik wist wol, datst it my forjaen soest; ik biswar dy dat ik it inkeld dien haw mei it doel, datstou my dyn goedens biwize koest!
A.E.:
Goedens? Ik soe dy leafst in bêst pak op 'e hûd jaen!
HJA:
Hwat bistou moai, astou lilk bist! Slaen my mar!
A.E.:
Hâld op fan toanielspyljen, siz!
HJA:
Witste, dou bist de iennige man dy't my bigripe kin. Jow de hân oan dyn paedbjustere Anna; hja wol dy groetsje.
A.E.:
Hwer silst hinne?
HJA:
Freegje my net. Ik wit, hwer't djippe wetters streame. Dêrre, efter de bergen yn it swarte ravyn...
A.E.:
H'm. It wie better astou mar nei hûs ta giest,
HJA:
Ik bin sa ynein! En witst wol, dat Eva fanâlds it wiif fan Adam wie? Tink dy ris yn: hja is mei de Superman by him wei roun!
A.E.:
Rin hinne, dou!
HJA:
Mar 't is wier! En boppedat, hja kaem net werom. 'k Doar wedzje, dat Lilith der gjin weet fan hat - mar ik sil 't har fortelle. Fortel my ris, wiestou net iensum sûnder dyn forlerne Louise?
A.E.:
Och né. Ei ja. Ik hie 't net oan tiid.
HJA:
Ik bin sa bliid, dat ik wer thús bin! It is wol sa moai, wer thús to kommen. Lykje ik net âlder?
A.E.:
Och né. Kom oan, oerein.
(Hy helpt har oerein.)
HJA:
De fuotten dogge my wol sa sear! Witste, dat 's út leafde foar dy.
A.E.:
Foar my?
HJA:
Foar dy. Hja binne bigoun my to pleagjen sa gau't ik werom soe.
A.E.:
Nou, avensearje. Ik bin krekt mei in krewei útein set.
(Hy liedt har fuort.)
HJA:
(hinget tsjin him oan)
Spitich, dat Lilith ús nou net sjen kin, tinkt dy ek net? Dy soe nuver opsjen!
A.E.:
Kom mei!
(Hja geane ôf. Adam skarrelet fan de oare kant ôf it toaniel op.)
ADAM:
Kom, bist klear? - Heden, hy hat it dus oerjown! Ja, freon, sjochst it nou wol, skeppe is net sa ienfâldich, as it der op oankomt. It is o sok maklik sizzen, dat men hwat nijs skeppe sil.
(Hy sjocht nei it heal-ôfdiene wurk.)
Ik hie 't al tocht: hy is bigoun, in frommis to meitsjen! It jongfolk wol op 'e wrâld altiten mar skjin skip meitsje, en, 't falt op of 't falt del, it giet altyd om ien of oar frouspersoan. Ien ding hoopje
| |
[pagina 218]
| |
ik nou mar: dat er it kanûn fan 'e Untkenning net útgrave sil; dêr hie 'k nou eins pine yn 't liif oer... Dus ik wit net, hoe't it fierder sil, nou? Silst dy de eagen út de holle sjen!
(Hy knibbelet del by de skeppingsklaei en strûpt de mouwen op.)
Ik sil dy ris sjen litte hoe't it moat! En hoe komst der by, dat ik der ôfsjoen hawwe soe en skep hwat nijs? Wacht mar. dou mar ris!
Nou gau! Hwat nijs! Mar hwer krij ik dat wei?
Is der hwat nijs noch oerbleaun yn 'e klaei?
't Is al net bêst, as skepper ûnforwacht
To twiveljen oan d' eigen skeppingsmacht.
(Twingt himsels, oan it wurk to gean.)
Stel ris, it slagget net! Hawar, hwa wit,
Tink nou mar net mear oan dysels, mar skep!
(Hâldt op.)
Mar sels de skepper kin alhiel neat dwaen,
Hwannear't der neat, neat nijs to finen is...
(Komt kjel oerein.)
Lit fan my ôf, kwea-tins, of 'k bin forlern!
In skepper kin gâns ha, mar krekt dit net!
A.E.:
(forskynt; hy tôget it âld boerd fan Adam, mei it opskrift: De wrâld moat forneatige wurde!)
Hé, hwat dochstou hjir?
ADAM:
Neat, ik bin oan 't skeppen.
A.E.:
Dou hast hjir net to skeppen. Hjir wei! Ik bin nou oan bar!
ADAM:
Bist oan bar, dat is sa! Hast krekt oan 't skeppen west. Lit my ris sjen hwat it wurden is.
A.E.:
Ik moast efkes fuort. Ik sil doch skeppe, hwannear't ik wol, net? Hjirwei dou. Ik wachtsje.
ADAM:
Bist sa hastich mei dy in nij wiif to skeppen?
A.E.:
Hark ris - foarst hast der neat mei to meitsjen, en twad hoech ik alhiel gjin nij wiif to skeppen.
ADAM:
Hwatte? Wolst my fortelle, dat hja weromkomd is? Dat falt my net ôf!
A.E.:
Jawis, hja is weromkommen. En hwerom soe hja net? Hwat nuvers is dêroan?
ADAM:
O, neat. En hwat hast har forteld?
A.E.:
Hwat ik har forteld haw? Ik haw sein fan: ‘Wolkom. Meist komme en gean lyk ast wolste; bist in frij frouminske.’
ADAM:
Hwat, hast dat wier tsjin har sein?
A.E.:
Nou, dat sprekt. De forhâlding tusken man en wiif leit it hjoeddedei frijhwat oars mei. Bigrypst gjin grevel fan de nije tiid!
ADAM:
Och kom, der is ek al net folle nijs by, as de leafste fuortset, nei in oar ta.
A.E.:
Der is in prinsipieel forskil. De frou fan hjoed set net fuort. De frou fan hjoed giet hwer't hja winsket. Mar sjit op, Adam. Nou sil ìk skeppe. | |
[pagina 219]
| |
ADAM:
En hwat sil it wurde?
A.E.:
Mear as hwatstou makke hast!
ADAM:
Wurdt it in man?
A.E.:
Mear as in man.
ADAM:
Wurdt it dan in god?
A.E.:
Né, gjin god. Hwat mear! Hwat nijs!
ADAM:
Hwat nijs kin der nou makke wurde?
A.E.:
Silst my myn gong gean litte, as ik it dy fortel?
ADAM:
Bêst, dat komt klear. Mar fortel nou earst...
A.E.:
Goed!
(Hy springt op de skeppingsklaei.)
Adam, wolst witte, hwat ik skeppe wol? De Massa! Dat is myn ûntdekking: it skeppen fan mannichten,
(Hy docht de jas út.)
ADAM:
Mannichten fan folk?
A.E.:
Né, net fan folk. ‘Folk’ is in forâldere idé. Nou is de Massa oan bar.
(Hy strûpt de mouwen op.)
ADAM:
Hwat Massa? De Massa bistiet út folk, fansels.
A.E.:
Unsin. Men kin nee net in mannichte meitsje út persoanen. Adam, oan kant.
ADAM:
Mar hwer wolst dy yn 'e goedichheit dan út meitsje?
A.E.:
Dat is 't him krekt. Gewoan út klaei. Ik kin dy fortelle, dat ik in folslein nije skeppingsmethoade útfoun haw. Kinst de saek wol slute, âlde griemer. Of lit ús oars ris sjen, hwa fan ús beide it measte fortoane kin. Lit ús der hwat tusken sette.
ADAM:
Hwa't it measte wit?
A.E.:
Hwa't it measte skeppe kin!
ADAM:
Né, dêr fiel ik net foar.
A.E.:
Bist binaud!
ADAM:
O ja, hè?
A.E.:
Yn elts gefal, wolst it tsjin my opnimme?
ADAM:
Ja, bêst!
A.E.:
(spuit yn 'e hannen)
Yn oarder. Wedstriid tusken âlde en nije wrâld! Dou tsjin my!
(Hy springt fan de klaeibult ôf.)
ADAM:
Giet oan!
A.E.:
Oant sjen dan!
(Hy kriget it boerd beet, dat er al ophelle hie, en tôget it nei de klaeibult ta.)
ADAM:
Hwat hast dêr? Yn 'e goede, hwer hast dat wei?
A.E.:
O, dat haw 'k foun, dêr yn 't strewel.
(Hy set it oerein by de klaeibult, dat it him as in skud maskearret.)
ADAM:
(lêst)
De wrâld - moat - forneatige - wurde! Myn boerd! - Fuort mei dat ding! Hwerom moat dat hjir nou?
A.E.:
Datstou net sjen kinst hwat ik doch. Dat is wer sa'n útfining fan mines: sa wurdt it in soune striid.
ADAM:
(fansiden)
De wrâld moat forneatige wurde! - Dit is in min teken! Alter Ego, stel dat boerd hjir nou net op!
| |
[pagina 220]
| |
A.E.:
Hwerom net? It is like goed as oare buorden!
ADAM:
Mar dit past hjir net!
A.E.:
Jawis al, it hat krekt it goede formaet! - Sa, klear.
(Hy set nei Adam ta, stekt de hân út.)
Kom, âlde, dyn hân, fûstkje. It libben is in striid.
ADAM:
(hwat oandien)
Tankewol. Tige sukses!
A.E.:
Kop op, man! Sille wy útein?
ADAM:
Né, noch net, ik moat earst klear. Gean mar nei dyn kant ta en wachtsje dat ik ‘Nou!’ siz.
A.E.:
Bêst, mar sjit op.
(Giet nei syn kant, efter it skud.)
ADAM:
Dêr dan, ik sil him ris sjen litte hwat ik kin! - Mar dit kloppet net, siz! Moatst yn 'e hannen klappe as biwiis, datst noch net bigoun bist!
A.E.:
Al goed, mar sjit op.
(Bigjint to klappen.)
ADAM:
(fansiden)
Myn masterstik moat it wurde! Ik moat it greatste ha fan al dy greate idéën dy't ik hie. Mar hokker?
A.E.:
Bigjinne mar?
ADAM:
Efkes noch, ik moat my konsintrearje. En hâld doch op mei dat aeklike geklap!
A.E.:
Mar dat woest sels.
ADAM:
Ja, ja, gean ek mar troch! - Kom, gau! Hwat greats! Och, ik hie ommers safolle greate idéën. Hwerom wol him nou neat foardwaen? Eat dat ienfâldich komme moat.
(Hy sjocht nei it boerd.)
‘De wrâld moat forneatige wurde!’ Dat fordealde boerd, hoe kin ik skeppe mei soks foar myn noas?
A.E.:
Klear?
ADAM:
Noch net. Och heden, hwat nou?
A.E.:
Dêr giet er dan!
ADAM:
Hwatte?
A.E.:
Hast ommers sein fan: nou?
ADAM:
Mar dat haw ik net sein, dat jildt net! Hwat dochst dêr?
A.E.:
Ik skep.
ADAM:
Mar dat jildt net. Ik bin noch net bigoun!
A.E.:
Nou, bigjin dan en hâld op fan praten.
(Set floitsjend útein.)
ADAM:
(smyt him op 'e klaei njonken him)
It is tige maklik, to sizzen fan: Bigjin! Mar hwat moat it wurde? Hwat is der, dat folslein is? Hwat minsklik skepsel is sûnder mankemint?
(Hy hâldt op fan skreppen.)
Siz, dou dêrre, hwat hastou to floitsjen?
A.E.:
Dan falt it better út.
ADAM:
Hoe kinst floitsje by it skeppen?
A.E.:
En hwerom net? Dou kinst it ek dwaen!
ADAM:
Hark nou ris: it skeppen is in hillige hanneling, en dêr bigjinstou my by to floitsjen as in strjitfeint! Hoe sil ik skep- | |
[pagina 221]
| |
pe astou dêr sa mei trochgiest?
A.E.:
Gean dou doch troch mei dyn skeppen en hâld op fan keakeljen, âlde kalkoenhoanne!
ADAM:
Hwat bin ik?
A.E.:
In rudige âlde kalkoenhoanne, dat bist!
ADAM:
Nou, moai is 't!
(Wylst er bitter útbarst.)
Astou ris safolle skepen hawwe silst as ik, silst ek sa'n âlde kalkoenhoanne wêze, dou jonge snotnoas!
A.E.:
Bist al klear?
ADAM:
Né.
(Hy twingt himsels wer to it wurk.)
'k Sil mar bigjinne mei de nawle. In liif sil er yn elts gefal ha moatte. En dan moat it wurde... Ei jawis, ik wit it... Né, doch net, dy net, leaver ien dêr't mear aksje yn sit. Sa'n-ien as Einstein? - Siz, hoefier bist?
A.E.:
Noch net klear fansels.
ADAM:
Ha, ha, ha, it wol by him net eine! Kom, dus mar in Einstein? Mar de wrâld soe der net fan yn oarder komme, sels net fan in Einstein. Hwat hied er to gnizen en to sizzen, dat ik allinnich mar hwat folk makke? Hy skept daliks in hiele sosiale oarder, tink! Mar wachtsje ris, ik haw doch myn notysjes! Ik haw fiif ûntwerpen foar de nije wrâldoarder! Gau, gau!
(Hy skuort syn skriuwboekje ta de bûse út en blêddet der hastich yn om.)
Goudene Ieu...? Nou, hoe mei nûmer twa oan? De ‘Republyk’ fan Plato. Hy soe sa net wolle, fansels net. Hy sil fansels sizze: Sjit nou gau op, dou, moat dat hwat nijs foarstelle?... Dan miskien leaver in Sosialistyske steat? Blinder, hwer haw 'k dat nou? Ik hoopje yn 'e goedichheit net, dat hy ien fan myn plannen snaeid hat!
(Slacht de bledtsjes om.)
Bakûnin - Marx - Och, hâld doch op mei dat floitsjen fan dy!
A.E.:
En hwerom soe ik net floitsje?
ADAM:
Floitsje dan tominsten ris hwat oars.
A.E.:
Hwerom dat? Elk syn eigen wyske!
ADAM:
Sjoch ris, Alter Ego. Forjit nou net, dat it lot fan de wrâld ôfhinget fan hwatstou skeppe silst; dat elke flater dystou makkest, elke idé dystou foarm jowste op dit stuit... Harkest wol?
A.E.:
Praet mar fierder, it hindert my net ienris!
ADAM:
Moatst tinke en nochris tinke by hwatstou makkest. Doarst der de forantwurdlikheit foar drage? Ast ek mar efkes twivelste, yn 'e goede, lit it wêze, liz it oan kant. Dou witst wol, inkeld gekken kenne gjin twivel. Tink en twivelje!
A.E.:
Dat soe healwiis wêze. As men in idé hat, is tinken oerstallich.
ADAM:
Ik doch in birop op dyn gewisse!
A.E.:
Dy't in idé fan himsels hat, hat gjin forlet fan in gewisse. | |
[pagina 222]
| |
(Hy bigjint wer to floitsjen.)
ADAM:
As ik nou mar wist, hwat er dêr docht. Dan soe ik krekt it tsjinoerstelde meitsje; it hat altyd doel, prinsipieel it tsjinoerstelde to dwaen. Gau, hwat sil ik skeppe? Hwerom winliken skeppe? De holle barst my suver!
A.E.:
Sa, foarinoar!
ADAM:
Hwat hat er nou fortoand?
(Hy falt op 'e knibbels.)
O God, skep hwat foar my! Toan nochris, dat Jo bisteane! Doch hwat! Jo binne altiten de Skepper neamd; skep dan nou doch hwat greats, of forniel alteast it wurk fan dy oare!
A.E.:
Ré!
ADAM:
(fljocht oerein)
Dit is net earlik, ik bin noch net bigoun! Wachtsje efkes!
A.E.:
De tiid wachtet net.
(Hy komt efter syn skud wei, mei yn 'e earms de holle foarm fan in man.)
ADAM:
Hwat hastou skepen?
A.E.:
Dit, achte hear.
(Slacht op 'e foarm.)
Dit haw ik skepen; sjochst it?’
ADAM:
Hwat is dit?
A.E.:
In foarm. De nije methoade fan skeppen. Skepping yn 't great, sjoch. Adam, âlde, ik haw dy in pyk set!
ADAM:
Hwat doel hat dit? Hwat bitsjut it?
A.E.:
Myn útfining! Follest it mei klaei, dan der op blieze, en klear is 't! Wer folje, wer blieze, en klear is 't wer! Massa-produksje! Tolve yn fiif minuten! Liket it dy net goed ta, skepper, sjoch! (Hy slacht it boerd del. Der springe tolve massa-produkten efter wei.)
ADAM:
Och, Heare! Hwat hast nou makke?!
A.E.:
Adam, foar dy stiet de Massa.
ADAM:
Hwerom binne hja allegearre lyk? Hwerom tolve fan sokken?
A.E.:
Dat is nou krekt it greate der oan, skepper. Dat is it boppeminsklike. Ik haw de Massa skepen!
ADAM:
Bidoelst, dit is folk?
A.E.:
Né, gjin folk, Massa. Sjochst wol: de ien krekt lyk as de oar. En hja hawwe allegearre itselde idé krigen.
ADAM:
Hokker idé?
A.E.:
Dat stiet noch to bisjen. Hokker idé ast mar winskest, foaropsteld dat hja allegearre itselde hawwe. It idé fan de Massa is hwat machtichs. (It foarste produkt bigjint himsels to klauwen; dêrnei de oaren allegearre op itselde sté itselde.)
A.E.:
Sjochst it wol? Hak 'k it net sein? De Massa wurdt wekker!
ADAM:
Mar hwerom steane hja dêr sa? Hwerom sizze hja neat?
AE.:
Stil, stil. Hja bigjinne in idé to krijen. De Massa bigjint ta himsels to kommen. De Massa-siel komt der yn. Sjoch, sjoch, | |
[pagina 223]
| |
hja stekke de kop op! Nou komt de mûle iepen. Hark!
(De Massa bigjint ienlûdich to floitsjen.)
ADAM:
Hwat floitsje hja?
A.E.:
(bliid-oerstjûr)
Dat is myn wyske! Hja floitsje myn wyske! Skepper, ik haw dy forslein! Ik bin harren lieder! Ik haw mysels ta lieder makke!
ADAM:
Hwerom moatst sa raze?
A.E.:
Om't it lieder-wêzen tûzen kear greater is as it skepper-wêzen, dou ezel! EIN FJIRDE BIDRIUW |
|