Krityk yn it koart:
Writen ta regionalistyske trochbraek
Willem Diemer, Dagwerk 1948-1958. Proeve van een Noordoostnederlandse litteraire kritiek. J. Niemeijer - Uitgever - Groningen.
Men soe oer dit wyldseauwich boek fan de Grinslânske regionalist Diemer in tydskrift fol skriuwe kinne, men soe jin der ek mei in snútslach ôfmeitsje kinne. Ta beide jowe dizze sechstehealhûndert bledsiden (Diemer soe wol sizze: fout, 549!) sûnder mis oanlieding. Yn dizze bûnte rige boekskôgingen, lêzingen en skripsjes wurdt safolle oeralhelle oer safolle útinoar rinnende dingen dat it jin grien en blau foar eagen wurdt. Elke bledside hast puont oan ta tsjinspraek of ta neijer ûndersyk. Mar oan 'e oare kant is hjir in man to wurk mei sa'n wiid wjokjende bilangstelling en mei sa'n jildingsdriuw hwat eigen regio oangiet, dat men net fan him ôf kin mei hwat skealik en gekoanstekkerich praet.
De skriuwer is in neerlandikus út as 't my net mist de skoalle fan Overdiep en hat jierren foar de R.O.N.-mikrofoan it kritysk kommentaer levere by resinte Grinslânske of algemien Saksyske útjeften. Foar in part bifettet Dagwerk 1948-1958 de teksten fan dy radiolêzingen. Dat dizze skôgingen der net botte djip troch geane, mar mear lizze yn it flak fan de deiblêdkrityk, leit dus wol hwat yn 'e reden. Minder to forjaen is it feit dat it to bisprekken boek foar de kritikus faek allinne mar oanlieding is om eigen sin to sizzen of eigen bilêzenheit út to stallen.
Sa net, de ûnderwerpen dy't Diemer hjir oansnijt (en faek ek net mear as dat) binne op harsels nijsgjirrig genôch. Om in pear fan syn titels to neamen: Het regionalisme en de jongeren, Waarde van het dialect, Dichten in twee talen, De Groninger taal als cultuurinstrument, Over ons Grunneger poëzie, it binne thema's dy't ek ús yn Fryslân oanstutsen meitsje, ek al lizze se dan gauris mear op filologysk as op litterair terrein.
Dat bigryp ‘litterair’, oanjown yn de ûndertitel, sit by dizze skriuwer wol ryklik rek en krimp yn, hwant bihalven romans, gedichten en litterair-histoaryske saken bisprekt er ek wurken op geografysk, folkloristysk en nammekundich gebiet. Om't de tried dy't dit bûnt forskaet forbynt de regio is, ntl. it Saksyske diel fan Nederlân, hie in term as ‘regionale kritiek’ better yn 'e titel past.