De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 212] [p. 212] Helga Folkertsma: Schönbrunn Blêdden falle en fortoarje, tûken stekke keal omheech en de oars sa smûke leantsjes bin forlitten nou en leech. Al dy greate, âlde beammen steane, fan har pracht ûntklaeid en de stiennen sémearminnen bibberje yn har neakenheit. Rym left oeral op de bankjes, har oerklaeijend mei fluwiel - mar as in ûnthjit fan simmer falt in lette sinnestriel. Vorige Volgende