| |
| |
| |
Mr. Daem Siccinga à Schuurman Ploegschaeff Thoe Jonghetuyn en Smitspoorte:
Tsien stimmen, ien kapittel
II
Gjin magyske han
Mei't ik noch filosoof noch politikus bin, sjoch ik wier gjin kâns eat fan wearde by to dragen ta it petear oer mooglike ynspiraesje fan de kant fan de Fryske biweging. Dy inkelde kearen dat ik tagelyk tiid en oanstriid haw om eat op papier to setten dat fan litteratuer hat - of alteast inkeld mei dat ekskús printe wurde kin - bispeur ik dêrby oant nou ta wier net de magyske hân fan de biweging; mar ik jow ta dat it oan my lizze kin.
Sûnder dy biweging kin ik my Fryslân net foarstelle: hja is fan doel, dit lân biwenber to meitsjen en makket it dus bytiden ûnbiwenber. Mei wurdearring en tankberens, mar ek mei toloarstelling en argewaesje soe ik dus ytlike rigels folje kinne.
De aksje foar Fryske saken, op hokker mêd ek, twingt ek ús soarte lju gauris ta klerk- en koelytsjinsten; it is wis dat men de tiid en energy dy't dat kostet, oars op oare wize bisteegje soe; miskien oan passive of aktive litteratuerbioefening - mar it sammeljen fan postsegels of sûkerpûdtsjes hie ek kâns, om to swijen oer helte spannender leafhawwerijen as angelfiskjen of aeisykjen, dy't boppedat eat yn 'e panne jowe.
Koartsein: dizze biweging hat lyk as alle biwegingen myn seine en ik bin sels ré om ta to jaen dat it doel gâns middels hilliget; mar ik bihâld my it rjocht foar en lûk my út en troch werom yn 'e ivoarene toer, al wie it inkeld mar om to laitsjen. Yn 'e hope dat de magyske hân my dêr net rikke sil, nou net en nea net!
MARTEN SIKKEMA
| |
Ja seit Jo
Skriuwe bitsjut winliken dy oare fint oan it wurd litte, dy't altiten by my is en myn hâlden en dragen, myn praet en myn gefoelens acht slacht - bihalven soms yn tige emosionéle situaesjes, mar soks duorret nea net lang, dan dûkt er wer op en fordeald as er tomûk dochs wer net stien hat to loeren.
De fraech lykwols oft biskate dingen ynspirearjend wurkje op de skriuwerij, soe eins in tredden-ien bianderje moatte, dy't wer by nûmer twa oer it skouder gluorket en dy op 'e kuer hat. Mar dat soe delkomme op in persoansfortrijedûbeling, hwat
| |
| |
my in tigen tour de force taliket. Hawar, bisykjen is it neiste rjocht.
Wurket de Fryske biweging ynspirearjend? Hwerom eins net; alles kin ynspirearjend wurkje: in stien, in wurd, in strúsfûgel, de leafde. Winliken haw ik soks nedich, lykas men foar it meitsjen fan klûntsjes in triedtsje brûke moat (haw ik my fortelle litten; ik haw it nuver genôch noch nea bisocht). Hinget men sa'n triedtsje yn in sêdde sûkeroplossing, sa wol it forhael, dan sjitte op in stuit fan alle kanten de sûkerdieltsjes ta, dy't útkristallisearje om de tried hinne en sa in grúske foarmje. Hwat ik - it giet nou wer oer it skriuwen - dan noch wol bisykje is de klûntsjeknipper to hantearjen en de kanten hwat to bislypjen. Op dy triedtsjemanear haw ik my ynspirearje litten troch in slak, troch in willekeurich wurd út it wurdboek, troch in situaesje, troch in opdracht fan de Tsjerneredaksje.
Mar nûmer trije fortelt my, efterôf, dat de djippere boarne fan dy ynspiraesje leit yn de posysje fan de minske, de minsklike moraliteit, de minsklike eksistinsje en dat dy gearfalt mei de minsklike frijheit. Dêrmei binne wy oanlânne op in plak dêr't de Fryske biweging mear seit as in balstien of in barchjeblom, om't de biweging foar in great part utering is fan (de problematyk fan) de minsklike frijheit. Hjir is in parallelly dy't makket dat ik de fraech oft de Fryske biweging ynspirearjend wurket mei ja biantwurdzje kin en dêr komt noch by dat de Fryske biweging tichteby is, dat wy der midden yn forkeare, der sicht op hawwe. Dat lêste is tige fruchtber, faeks net ienris foar my as Frysk skriuwer - of noch net, om yn Tsjerneredaksionéle styl to bliuwen - mar wol as bilangstellend minske; en dy sil dochs yn elts gefal oan de skriuwer foarôfgean moatte.
De Fryske biweging wjerspegelet as biweging alle minslike en tuskenminsklike forhâldingen, elk stribjen en réagearjen. Hwat ik bigryp fan de skiednis, fan de wrâldpolityk, fan Ruslân en fan Amearika, dat bigryp ik earst en meast troch de Fryske biweging. Minsklike hertstochten en earmoed oan hertstocht, minsklik stribjen en tsjinstribjen, frijheits- en machtswil kin men yn de biweging yn reinkultuer observearje.
Einliken soe de Fryske litteratuer ta folle greater, dramatysker en universéler skeppingen bysteat wêze moatte. Us tokoarten kinne wy wier net skouwe op 'e omstannichheden, wol op in manko oan talint. De Fryske litteratuer is ek in stikje biweging, moat dat wêze; oars is it gjin litteratuer, mar de dea. Ik wol net de dea tsjinje, dy't yn alles it tsjindiel is fan de frijheit en dêrom bisykje ik de Fryske litteratuer to tsjinjen. De Fryske ynsté fan de Hollânske, net om't de Fryske better
| |
| |
is of it Frysk mear útdrukkingsmooglikheit foar my hat, mar om't ik yn foechsume ûnbiskiedenens mien dat myn skriuwerij binnen de Fryske litteratuer funksionéle bitsjutting hawwe kin. Oars sein: as ik skriuw bin ik sels in stikje Fryske biweging, al giet it dan miskien oer hountsjes of Dútskers of frijerij, dus al giet it bûten alle offisiéle stânpunten om of byneed der tsjin yn. Dat makket it moedsum opskriuwen en it noch moedsumer bisykjen hwat publisearre to krijen sinfol. Oars soe ik der to loai ta wêze.
Op jimme fraech, redaksje, moat ik dus jitris ja sizze en dan bliuw ik dêrmei noch binnen de taparte romte. Faeks dat it andert oars útfallen wie as it tal wurden net biheind west hie. Yn dat by de tomme heinen toant de Tsjerneredaksje dus foargoed har masterskip.
JO SMIT
| |
Emansipaesje kommendewei en nedich
Sûnder in Fryske biweging hie ik my grif nea ta skriuwerij yn it Frysk bijown. Jins hiele ‘foarming’ op skoallen en kursussen, mar ek de tradysjes fan de libbenspraktyk peiden jin foar de heltere taelfunksjes oan alle kanten it Hollânsk ta.
It kunde krijen oan in biweging dy't de tael ‘hilligje’, Fryslân Frysk meitsje en it folk dêrta opfiede woe, hat my de oantrún jown ta skriftlike hantearring fan de tael dy't ik fan bern ôf yn myn familiael en sosiael formidden praette. As oankommend skriuwer waerd ik oanstutsen makke fan rjochtlinige biwegingsleuzen lyk as ‘yn Fryslân Frysk’ en ‘Fryslân foar de Friezen’. Efternei bisjoen liket it my symptomatysk ta dat myn earste, wol hwat ûnnoazel proazaforhaeltsje dat ik printe seach - ik mien dat it yn in wykblêd wie fan de C.H.U., mar ik bin de namme kwyt - hannele oer strideraesjes op in feinteforiening oer it brûken fan Frysk tsjin in nije dominy.
Ik fielde my dus taelbifoarderder, selskip- en kritestrider, propagandist. It wie de langst nei ekspânsje, nei forhef en folweardigens fan myn deistige milieutael dy't my der mei ta brocht om njonken yndividualistysker lyryk ek epyske, deklamatoaryske poëzij to skriuwen, dêr't foar ‘it folk’ byt oan siet.
Dit soarte kursoaryske bybidoelings haw ik my letter hwat fan frij makke, mar alhiel by my wei krije sil ik it myn libben wol net. Ik trappearje my der sels wol op, dat it my jaen oan in litterair wurkstik mei syn reden hat yn de taelpropagandistyske wearde dy't it - sa't ik dan hoopje - hawwe kin. De troch de taelsituaesje oantwongen parallely tusken litterair yn tou wêzen oan de iene kant en krewearjen foar de tael oan de oare kant is in stadium dat dus foar my noch net foarby is.
| |
| |
Al moat der wol by sein wurde dat dizze âlde Adam my hoe langer hoe minder pleaget.
Yn Flaenderen is dat op it stuit al oars. Dêr hat de litteratuer har fierhinne frijmakke fan de Flaemske striid. By skriuwers as Boon en Claus, mar ek by in oergongsfiguer als Marnix Gijsen is fan in préokkupaesje mei taelpropaganda gjin sprútsel mear to fornimmen.
Dat is foar de frije kréativiteit fan in skriuwer ek idéaler tastân. Hy hoecht mei syn wurk net mear de boer op, hy hoecht gjin taellearboekjes mear to skriuwen om syn folk harkjen en lêzen to learen. As de boarne fan syn litteraire skeppingsdriuw fordroeget, hoecht er dêr út oarsaken dy't bûten syn persoanlik lot lizze, net mear oer yn noed to sitten.
Wy hjir yn Fryslân binne safier noch net. Mar wol binne der forskynsels dy't der op wize dat it dy kant út giet. By ús jongere skriuwers en dichters is der in folle losser, in folle minder direkte bining mei de Fryske biweging. Hja kinne har al hwat ôfsette tsjin in Fryske skriuwtradysje, ek al is har earste wurk, om formeel mei dy tradysje to brekken.
Wurket de Fryske biweging foar my as skriuwer (noch) ynspirearjend? Ja, hwant al biwarje ik langer mear ôfstân en stean ik der organisatoarysk losser fan, dy biweging is it dy't it materiael en it medium dat ik litterair nedich bin, de tael, in feiliger bisteansbasis jaen wol, nou en yn de takomst. Ja, hwant dy biweging wol foarkomme dat dy tael forwurdt ta in agrarysk patois sûnder mear. En dat wol ik as skriuwer ek.
Dochs sil it winsklik bliuwe dat ús litteratuer har yn 'e takomst safolle as lije kin emansipearret fan de Fryske biweging. En dat net om it isolemint fan de ivoaren toer to sykjen en yn esthetisisme op to lossen, mar om foar de skriuwer rommer baen to krijen foar it fan spontaneïteit libjende skeppingsproses. Dat sil pas kinne, as der him yn Fryslân, bûten de biweging om, in lêzerspublyk foarmet fan sympathisanten.
Safier kin it wol komme, mar is it noch net.
D.A. TAMMINGA
| |
It sykhellet rommer
Hearen fan 'e redaksje, ik wit winliken net hwat jimme biweecht mei dy frage oer biweging en ynspiraesje. Dêr hawwe jimme my mei nitele; ik haw der hwat oan ompluze en ik tiizje der licht ek wol hwat mei om.
Ik haw der ris in mannich fregen foaroer set, sa yn mysels; ik haw der hwat op omkankere; ik haw der lichjes oer prakkesearre en ik haw der by mysels alris in seel haetlike en stikelige wurden oan weage. Mar it is fansels to flau om forropjen- | |
| |
derwize oan in andert ûntkomme to wollen. Dat, it giet oan - ik sil anderje. Mar koart om 'e hoeke!
De Fryske biweging bistiet. Ik leau oan dy biweging as mentaliteitsforskining en as utering fan rjochtsgefoel.
Rom fjirtich jier forlyn hawwe wy foar it forstân krige, dat de Friezen rjocht hiene op frije en ûnbihindere ûntjowing en wy fornamen, dat dy ûntjowing net frij wie, mar - willemoeds of út ûnnoazelheit of ûnbigryp - bihindere waerd. Dêr woene wy ús tsjin forwarre.
Der binne greate wurden sprutsen, wy sille wolris ûnfoech op 'e tsjettel slein hawwe, guon hawwe tige field, dat hja yn Fryslân net winske waerden, mar der is bigryp, alteast in bigjin kommen en der binne ús rjochten ynskikt. Oft wy dêr wol sa wiis mei wêze moatte, is in frage; de tiid sil it leare - rjochten, dy't wy út soarte hawwe, hoege se ús net to jaen: it kadostelsel hat syn biswieren!
Hawar - wy woene ús dan frij en ûnbihindere ûntjaen; as Friezen. Foar skriuwers hie soks aparte konsekwinsjes. It is fansels in mearke, dat men net yn it Hollânsk skriuwe kinnen hie - dat hie him grif ek rêdden. Mar Fryske skriuwers soene skriuwe yn eigen tael, foar eigen folk.
Dêrfandinne hat de biweging foar my as skriuwer ynspirearjend wurke; dy hat my ta de kar fan in biskaet medium, de eigen tael, brocht. Dêrtroch bin ik in fryskskriuwende Fries.
Mar hat de biweging my as Frysk skriuwer ynspirearre? Ynspiraesje is in nuver bigryp. Mar lit ús it dêr op hâlde, dat ynspiraesje oantrún, of mooglik twang bitsjut. De Fryske biweging hat my nea twongen of oantrune ta skriuwen, Inkeld de driuw of de lust ta it stâljen fan in litteraire ‘skepping’ trune my oan. En ik brûkte dêrta myn eigen medium: myn eigen tael. Hie de Fryske biweging der net west, ik hie grif wolris skreaun, al hie 'k licht dan in oare tael ta medium brûkt.
Dat, de ynspiraesje ta skriuwen waerd my net jown troch de biweging en sil my ek nea troch de biweging jown wurde. Skriuwers kinne biwegingsmannen wêze; by âlds waerd fan harren forwachte dat hja soks wiene, om't de biweging hie forlet fan harren. Nou sykhellet it rommer. Lit de skriuwers ynspiraesje sykje dêr't hja dy fine kinne en twing harren net ta de biweging. Hwant dy ynspirearret net ta litteratuer.
B. TUINSTRA
| |
Foarming fan ofsetgebiet
Ik leau noch al syn dagen, dat Fedde Schurer gelyk hie, doe't er yn 1945 de skieding fan biweging en litteratuer pro- | |
| |
klamearre. Gelyk yn prinsipe en gelyk (dóe alteast) út taktysk bitinken. Mar wy hawwe de dryste sprong net meitsje kinnen. De Tiid (of de sleauwens fan it Fryske folk of de ûnforskilligens fan it net-Fryske folk, of de minmachtigens fan de lieders of de artistike ûnmacht fan de skriuwers, trochskrasse hwat jo net winskje) hat in great part fan Schurer syn gelyk ôffretten. Biweging en litteratuer steane op 't heden (en dat like yn '45 oars) beide to swak om sûnder elkoar libje to kinnen. De Biweging, dy't net yn steat is en fyn it rjochte kontakt mei de sosiael-ekonomyske problematyk fan hjoed de dei, dy't har to iensidich kultureel én to iensidich op it forline rjochtet, dy't sadwaende foar in great part hingjen bleaun is yn de stupiditeit fan min toaniel, folksdounsjen en krite-boartsjen (foarsafier't der dan noch krite-boarte wurdt) en dy't foar in oar part gâns brûkbere lju de smûke, mar forsânne haven fan pseudo-wittenskiplik Wurkforbânne-tiidfordriuw ynloatst hat, - dy Biweging hat noch altyd, spitigernôch, de skriuwers fanneden as har wichtichste rjocht fan bistean, om har oan op to lûken. En de skriuwers hawwe noch altyd de Biweging nedich, - net as Greate Liedende Idé, hwant dy hat hja net to bieden, net dus om ynspiraesje op to dwaen ta skeppend wurk (of it moast wêze foar in parodistysk toanielstik Kritefoarsitter Liedema of in kaei-roman Hoe't it biweegde), ek net yn har organisearre foarm, hwant dat is langer in tryst saekje en hwa skriuwer mei selsrespekt jowt him noch mei de hûd oan kritewurk en propaganda-sprek? - mar inkeld om't dy biweging, sleau en stadich, noedlik as hja wêze mei en to folle tarrend op in mannch lytse oerwinninkjes,
lykwols in ôfsetgebiet foarme hat, in mannichte fan net al to folle minsken, sleauwen, minder sleauwen en noch hwat minder sleauwen, dy't alteast net to biroerd binne om ris as 't sa útkomt in Frysk boek to keapjen, al is it dan meast by de K.F.F.B. De litteratuer is binammen kwalitatyf net yn steat om bûten dy rounten oanhing to finen. In skriuwer dy't yn Hollân, lit stean yn Frankryk of Amearika, gjin poat oan 'e groun kriget, wurdt hjir noch fleurich en wol printe, dat is de mismoedige kearside fan dizze mismoedige medalje, en by kriget syn rigeltsjes yn 'e ensyklopedy. Dêr soarget de biweging foar en dat is sa goed sa kwea. Mar dy biweging is mei in mannich goede útsûnderingen in hurd forâlderjende en sosiael isolearre groep, dy't har hurd moderne en effisiënte methoaden oaneigenje moat, wol hja net de jongerein ôfstjitte en stadich mar wis ôfstjerre. Dit is gjin biskuldiging en sa al, dan ek in selsbiskuldiging.
ANNE WADMAN
|
|