De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 204]
| |
II
dyn lichem
opteard yn 'e sinne
forroert him net
op it koele
wiuwen fan 'e wyn
mar draeit him
stadich fan de
sinne ôf mei
mathematysk
gewelt.
| |
III
dou leist
as in
neakene fisk
om dyn nawle
en de nacht
weeft om
dyn ljisk
de forhoalen
fâlde mei
hannen fan
fordraechsumens.
| |
[pagina 205]
| |
IV
stadich wurdstou
yn dyn skaden
folwoechsen ta
frou
wurdt dyn lichem
in hûs
mei skouders
dy't de sinne
drage oer it
hear.
| |
Simmer
roazen bloeije as skom
tsjin de muorre
wiuwe weinend tsjin it rút
dat yn diggels rinkelt
fan sok in pea.
|
|