De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 168]
| |
(Selde toaniel, oerstreamd fan leaflik ljocht. Op 'e eftergroun rjochts de klinte fan Adam.)
ADAM:
(gappet)
Och, och, hwat bin ik lokkich! Dy Lilith is in hearlik wyfke. Sa gau't men wekker wurdt: Adam, hâldst fan my? Ik sil fuort: Adam, hwat moatst doch altyd ûnderweis? Ik sil hwat skeppe: Adam, jow my in tút. Ik liz efkes to knipperjen: Hâldst fan my, Adam? Ja, jawis, leave, fansels, hwat oars?
(Hy gappet.)
Ik hie nea tinke kind, dat immen sa grinsleas lokkich wêze koe. Och, och, och, hwat hâldt dat hwat yn!
Hjir stie dan it Kanûn fan 'e Untkenning. Ik haw it yngroeven en sekuer bidobbe. Lilith is in pop, mar it hie ris wêze kind, dat hja it probearje woe, út 'e grap of út nijsgjirrigens; en dat moat bileaven net! Of ik soe it sels ôfgean litte kinne; al hoe lokkich ik ek bin. Jawis, krekt dêrom, om't ik sa hopeleas lokkich bin. Hjir sit it nou, foar altyd yngroeven. It Paradys is bigoun.
(Hy gappet sa, dat de holle him hast midstwa spjalt.)
Nou mar wer hwat skeppe, liket my ta.
Lilith sliept nou, dy lytse poarre. Hja sliept as in lyts bern. Yntiid moat ik de Grounslaggen fan de Goudene leu, dy't skepen wurde moat, mar efkes bisjen.
(Giet sitten en kriget syn skriuwboekje út 'e bûse). Foarste diel, foarste haedstik, paragraef twa. Tsjong, bin ik noch net fierder? Dat komt der nou fan, as men sa lokkich is. En Lilith hat der ek net folle niget oan. As ik it har bigjin foar to lêzen, lit hja de lippe hingje en seit fan: Hâldst net mear fan my? Jawis wol, fansels, dat sprekt, blinder. It makket my wier hast gek. Kom, paragraef twa: ‘De Goudene Ieu sil net boun wêze’ - troch hwat? Dêr bin ik bleaun. Troch neat op 'e wrâld, fansels. Bihalven dan myn prinsipes. As it my nou mar yn 't sin komme woe, hwer't it hjir om giet.
(Slacht mei de hân op 'e foarholle.)
Nou dan? Neat. Blinder, hwat in lege holle haw ik. Hie ik nou noch mar ien om de dingen mei to bipraten! Praet jowt faken safolle nije idéën. Der soe ien wêze moatte, om to oertsjûgjen. Mar hwer fyn ik dy? It is spitich, dat Lilith
| |
[pagina 169]
| |
der gjin bilang by hat. Né, dy kin ik better mar sliepe litte. Kom, ik sil fierder skriuwe. ‘De Goudene ieu sil net boun wêze...
(Fljocht oerein.)
Ei ja, fansels, ik kin sels wol sa'n maet foar my skeppe! Eardat Lilith de sliep út hat, is er der al; en dan fortel ik har, dat hy út de bergen komd is, of út 'e loft wei.
(Hy knibbelet by syn klaeibult.)
Dit is in idé. Hy sil de earste man wêze, dy't my bigrypt. Hy sil de greatste tinker wêze, de meast dryste geast dy't ea... Mar né, dat is better fan net. It sil goed genôch wêze, hwannearstou bist lyk as ik. Dou silst myn wjerbyld wêze, hwat in tinkersnatuer, en in konstruktive geast, krekt lyk as iksels. Mar ik sil doch nûmer ien wêze, freon, hwant ik haw de wrâld toneate dien en ik haw de skeppingsklaei. En it Kanûn fan 'e Untkenning. Dat sadwaende. Dou silst myn twillingssiel wêze, dou silst der útsjen lyk as iksels en tinke lyk as iksels. Dou silst myn Alter Ego wêze. Mei dy neist my sil ik yn steat wêze en skep de bêste wrâld dy't ea skepen wurde kin. Klaei fan 'e skepping, jow my de man dy't myn wjerbyld is! (Hy bliest de klaei oan). Freon, oerein!
ALTER EGO:
(komt oerein)
Né, né! Né, né! Pff, pff! Uch, uch! Nou is 't alhiel yn 'e war!
ADAM:
Wolkom, myn dûbelgonger! Yn dy haw ik myn eigen byld en likenis skepen.
A.E.:
Pff, pff, uch! Bah, ik haw de mûle fol klaei! Uch, hwat in nuvere klucht, om klaei yn immens mûle to triuwen! Neamstou dat hygiëne?
ADAM:
Och kom, hwer hie ik dy oars fan skeppe moatten as fan klaei?
A.E.:
En hast foartiid wol hanwosken? Hast de klaei foartiid wol pasteurisearre? Né? Fansels net! Skeppen is gjin dongriden, siz!
ADAM:
Harkris, ìk wit hjir hoe't men skeppe moat!
A.E.:
Ik ek, jonkje, ik likegoed! Skeppe soe moatte yn oerienstimming mei de modernste prinsipes - frij fan syktekimen en mei rubberwanten oan. Dou slachst sa mar hwat yninoar, mar dat is gjin skeppen! Liket op neat!
(Hy sjocht om him hinne). Kom, ik moat sizze, hast der net folle oan dien. Moat dit in wrâld foarstelle! Tsjong, it is ek al net folle!
ADAM:
Ik bin ek noch mar krekt úteinset, it is noch net klear.
A.E.:
O, is it noch net klear? It sil noch wol tûzen jier duorje, tink, ear't it der hwat op bigjint to lykjen? Dou kinst my wol mear fortelle, ik oardielje neffens hwat der is. Blikstiender, hwat byt my dêr?
ADAM:
It sil in flie wêze, tink.
A.E.:
In flie? Hoe soene hjir flieën komme?
ADAM:
Nou, it is tige bikend, dat dy der samar komme kinne. | |
[pagina 170]
| |
A.E.:
Unsin, âldewivepraetsjes. Neat libbens kin sa mar ûntstean, ek flieën net. It is gewoanwei in skandael, dat der yn dizze wrâld flieën bisteane. Hwat idioat hat dat fortoand?
ADAM:
It wie in lyts ekspearimint, in lyts wittenskiplik spultsje, mear net.
A.E.:
In ekspearimint, ei ja! En koest net hwat betters fine to ekspearimintearjen? Hiest wier net hwat betters skeppe kind? Mar né, hy bigjint mei flieën!
ADAM:
Wachtsje efkes, bigrypst der neat fan. De wrâld moat skepen wurde fan it bigjin ôf.
A.E.:
Fan it bigjin ôf! En hwerom moat it dan mei flieën bigjinne, en net mei professors? Sjochris, as ik in wrâld skeppe moast, soe ik om to bigjinnen in wittenskiplik ynstitút skepen hawwe, dat de skepping fierder regelje soe. Sa soe ìk dat hawwe.
ADAM:
Och ja, dat is nou krekt de âlde tastân, dat hawwe wy hawn. Nou bigjinne wy lykwols mei in alhiel nije wrâld, op folslein nife, ienfâldige natuerlike grounslach. De Goudene Ieu, bigrypste?
A.E.:
En dy nije grounslach, hwer hast dy wei? ADAM: Yn myn skriuwboek. Wachtsje efkes, ik sil dy foarlêze.
A.E.:
Bah! Theoryën, plannen, hwat bitsjut soks? Lit my de nije wrâld yn 'e praktyk sjen. Hwat hast makke? Flieën!
ADAM:
Dat is net wier, ik haw al hwat mear makke.
A.E.:
Bygelyks?
ADAM:
Bygelyks, bygelyks, myn wyfke Lilith.
A.E.:
Hast dysels in wyfke skepen? Nou, nou! En dat soe hwat nijs wêze?
ADAM:
Dou hast har noch net sjoen; hja is tige.
A.E.:
Dat is neat gjin nijs.
ADAM:
Ik bin slim lokkich mei har.
A.E.:
Dat is neat gjin nijs. Hwer is hja? Ik moat har ris efkes sjen.
ADAM:
Moatst har net steure, hja sliept.
A.E.:
Hwat docht dat der ta? Ik haw deselde rjochten as dou.
ADAM:
Hwat hawwe wy nou? Is hja myn wyfke of dines?
A.E.:
Dat is fan gjin inkel bilang. Houlik telt langer net mear.
ADAM:
Forsin dy net, heite: myn houlik àl!
A.E.:
En dit hjit dan in nije wrâld? Ik soe wolris witte wolle, hwerom'stou bipaelde rjochten ha soest en ik net!
ADAM:
Raes net sa! Makkest har wekker!
A.E.:
En ik soe wolris witte wolle hwerom't ik net raze mei! Mienst faeks, dat ik my hjir troch immen de wet stelle lit? As ik raze wol, dan raes ik hjir fan: skande! Fuort mei de hiele saek! Skande!
LILITH:
Adam! A-dam! | |
[pagina 171]
| |
ADAM:
Dêr hast it al, hast har wekker makke. Ja, leave, hjir bin ik!
A.E.:
(slacht him hastich de klean ôf)
Hast hjir ek in kleanboarstel? Hiest my ek wol hwat better klean skeppe kind! Ik lykje wol in skoaijer.
ADAM:
Hwat winsket mynhear noch mear? Bist al krekt as iksels.
A.E.:
Dat is nou just de kwael! Ik soe mysels alhiel oars makke hawwe, en frijhwat better ek.
LILITH:
(komt út de klinte)
Adam, hwerom wiest sa oan 't razen?
ADAM:
Ik? Hoe dat, leave? Sjoch, Lilith, wy hawwe in gast. Moatst him net efkes bigroetsje?
A.E.:
Goendei!
LILITH:
Bah, hwat in ûnsjoch mantsje! Hwat sil dy hjirre?
A.E.:
Pardon. H y hat my sa ûnsjoch makke. Ik protestearje!
ADAM:
Hark nouris! Bist ommers krekt as iksels. Is 't sa net, Lilith, binne wy net suver twillingen?
LILITH:
Né, dou bist myn eigen Adam en by is in ûnsjoch baeske. Hâldst fan my? Kom, jow my in tút!
ADAM:
Lilith, leave, dêr't frjemd by is...
LILITH:
Hoe hjit dy keardel?
ADAM:
Alter Ego.
LILITH:
Hwatte? Altergo? Kom, Alty, krij ris in kanne en helje hwat wetter.
A.E.:
(slim fornuvere)
Ik? - Hwat nou? - Ei ja, komt yn oarder.
(Giet nei de klinte ta.)
ADAM:
Ik sil dy dúdlik meitsje moatte, Lilith, dat - hm hm - dat wy him net op sa'n foet kommandearje kinne.
LILITH:
Nou, yn elts gefal docht er, sa't him sein is.
ADAM:
Ja, mar by hoegde net. Hy is in frij man, krekt as ik, Lilith.
LILITH:
Nou, dou hellest doch ek wol wetter, as Lilith dat seit.
ADAM:
Dat leit alhiel oars, leave; ik kin dwaen hwatstou seist, om't ik hjir baes bin, sjoch; wylst by mar... Och, yn alle gefallen moatstou him sa net bihannelje.
LILITH:
Hoe nou? It is op it lêst mar in neger.
ADAM:
Hoe bidoelste, in neger?
LILITH:
Hast net sein, datstou in neger foar my meitsje soest, om it wurk foar my to dwaen?
ADAM:
Mar dit is gjin neger, Lilith; it is... Hy is krekt deselde as... Hy is suver in freon fan my, sjoch.
A.E.:
(komt frijhwat grimmitich werom)
Nou, ik soe nou wolris witte wolle, oft ik hjir de feint bin of net. Dat is in prinsipiële kwestje, sa to sizzen. En ik bitankje dêr prinsipieel foar.
LILITH:
Hwerom stiest sa to razen, Alty?
ADAM:
Om't er prinsipieel praet. Bêste freon...
A.E.:
Hoe komst der by? Ik bin alhiel net dyn freon! Ik bin ré om | |
[pagina 172]
| |
ris in kreweike foar dy to dwaen, frou Lilith; mar foar him net. Ik sil dy safolle wetter helje as mar winske wurdt. Alles yn 'e wrâld sil ik foar dy helje.
ADAM:
Ik soe graech sjen, datstou bûten myn húslike saken bliuwst.
A.E.:
Ik bliuw oeral bûten. Ik lit inkeld mar in prinsipieel protest hearre. Frou Lilith, hwerom hat er dy hjir gjin waerm en kâld streamend wetter skepen? Hwerom is der gjin gasstel? En dit moat dan in nije wrâld foarstelle? En dou moatst hjir wrotte as in galei-slaef!
LILITH:
Hast folslein gelyk, Alty.
ADAM:
Unsin. Forstean nou reden, Lilith, hast earne forlet fan? Bist faeks net lokkich?
A.E.:
It giet hjir net om lokkich of net-lokkich, it giet hjir om principes. Dy lokkichheit kin om my opfleane, as de foarútgong der mar is. It soe hjir frijhwat oars like hawwe, frou Lilith, as ìk hjir hwat yn to sizzen hawn hie. It plak datstou hjir ynnomd hawwe soest...
ADAM:
Sjit op, fortel dat dyn eigen wiif mar, en lit mines mei frede! A.E.: Krekt as hie ik ien! Né, ien hat hjir mar in wiif, en in went, en alles hwat men mar winskje kin, mar in oar hat neat. Is dat dan gelikens rjocht foar elkenien? Ik ûntstriid prinsipieel, dat Adam foech hie, my to skeppen, dêr dan!
ADAM:
Wachtsje nou ris efkes...
A.E.:
De wierheit wachtet nea net. De wierheit kin der net ûnder hâlden wurde.
ADAM:
Mar ik sil dy útlizze...
A.E.:
Ik wit it, ik wit it. Ik haw eagen yn 'e holle, ik haw der hwat forstân yn, is 't sa net? En ik bin dus net fan doel, my stil to hâlden. Praten is myn goed rjocht, achte hear!
STIM FAN EVA:
(yn 'e bergen)
Aiaiai!
STIM FAN MILES:
Aiaiai!
LILITH:
Adam, hwat is dat?
ADAM:
Dat is... oh, dat is neat. Allinnich in echo, bigrypst?
(Eva en Miles forskine boppe op 'e hichten.)
A.E.:
Hwa binne dy beide?
ADAM:
O, neat. Ik sil 't dy sizze. Hja wiene in ekspearimintsje, mear net. It is net earlik slagge, en...
A.E.:
En hwat hie it dan wurde moatten?
ADAM:
O, in soarte fan Super-man.
A.E.:
Superman? Hoe dat, Superman? En hwa hat dy skepen?
ADAM:
Ikke.
A.E.:
Nou ha wy de hichte! Ik tekenje prinsipieel protest oan tsjin it feit, dat der soks as in Super-man bistiet! It is in bifoarrjochte klasse! It is de réaksje! | |
[pagina 173]
| |
EVA:
Aiaiai!
LILITH:
Sjoch, Alty, hwat is it in lingte, net? Suver to slim.
A.E.:
In lingte? Nou, hwerom ek net? Hja hoecht thús net to klauwen as in slaef, lyk as dou, frou Lilith! Fansels! In Super-man, 't is skande!
MILES:
Aiaiai! Haliho!
LILITH:
Kreaze keardel, tinkt my!
ADAM:
Aeklike biroerdeling, neatnutter, sjit op!
(Kriget in stien om nei him to slaen.)
LILITH:
Adam, hwerom bistou ek sa net?
A.E.:
En hwerom bin ìk sa net? Hwerom is dy knaep in Superman en ik sa'n ûnnoazel keardeltsje? Ast it witte wolst, frou Lilith, dat hat er sa dien om't er jaloersk wie, hwant ik mocht net fikser wurde as dat er sels wie. En moatstou mar tofreden wêze mei sa'n rûch baeske? Koed er net ien foar dy fine dy't better en jonger is as by sels? It bigreatet my, juffer, datstou him nimme moatten hast!
LILITH:
It mealt him in bytsje, bytiden, Alty...
(Bigjint to gûlen.)
Och, hwat bin ik ûngelokkich...
ADAM:
Hark ris, hjir haw ik genôch fan! Ik forbied dy, yn myn húslike saken om to rieren!
A.E.:
Hwat, silst my kommandearje?
ADAM:
Né, wier net, bêste freon, hoe komst derby? Ik sil dy in wiif skeppe, is it doel. Kop op, wês fleurich, Alter Ego, ik sil dy in wyfke jaen, is it nou goed?
A.E.:
Oft it nou goed is? It is gewoanwei myn rjocht. Ik soe wol ris sjen wolle, datst de moed hieste en ûntstriid myn rjocht dêrop! En ik haw noch mear easken. Hawar, avensearje!
ADAM:
Hwat bistou fan bitinken, Lilith, moat ik him in wiif skeppe?
LILITH:
Ik wit net. Ik woe wol dat ik sa great wie as dy dêr, dêr boppe yn 'e hichten.
A.E.:
Dat is wier. Meitsje har hwat greater, kreas en great. Bigjin nou!
ADAM:
'k Sil earst efkes hanwaskje.
A.E.:
Sjit nou hwat op. Sa't ik al sein haw: ik hoech net sa'n hús hin. Hja moat ynteressant wêze, en hja moat slank wêze, en great...
ADAM:
(knibbelet dei by de klaeibult en bigjint to foarmjen)
Wachtsje efkes, net sa hastich! Frouminske, wês forstannich, wês rêstich, wês kein...
A.E.: Né, né, hoe komst der by! Ik hoech gjin bernefaem! Temperamint moat hja hawwe! Forbjusterjend moat hja wêzel En kreas! ADAM: Wês sterk! Wês stevich!
A.E.:
It hoecht gjin meloen to wurden! Hwat bleek moat hja wêze, mei greate eagen... | |
[pagina 174]
| |
LILITH:
It moat net sa'n-ien wêze lyk as ik, dy't altiten thús sit!
ADAM:
Lilith, hâld dy stil!
A.E.:
En hâld dou dy ek mar stil. Hja moat frijhwat meager wêze...
ADAM:
Harkris, bin ik hjir skepper of dou?
A.E.:
En moat it myn wiif wurde of dines? Hja moat aerdich djipsinnich wêze!
LILITH:
Hja soe net wiis wêze, as hja sa'n slavinne waerd as ik hjir bin. Ik bilibje nou nea ris hwat moais, en ik gean nea ris fuort...
A.E.:
En hja moat binammen net sleau wêze. En tinne fingers moat hja hawwe!
ADAM:
Hja moat net sinnich wêze!
A.E.:
Né, siz dat net! Ik wol, dat hja in alt-stim hat, en in siele, en in lange nekke.
ADAM:
Hja moat earber wêze!
LILITH:
Dan soe hja wol net wiis wêze! Hwat soe hja dêrby winne?
ADAM:
Hja moat folchsum wêze!
A.E.:
O né, dat wol ik alhiel net! Lit har wêze sa't hja sels wol!
ADAM:
Dat giet doch to fier! Nou witte wy der sa linkelytsen neat mear fan, hoe't hja wurde moat.
A.E.:
It docht der ek net ta. Ik bin net fan doel, har grinzen to stellen. Lit har doch wêze sa't hja sels winsket!
ADAM:
Né, sjochris, freon, in skepper moat minsken skeppe sa't hja hearre to wêzen en net sa't er wol graech woe dat hja wiene. Dat soe in moaije boel wurde!
A.E.:
En dat soe in moaije frijheit wurde, as immen fêststelle koe, hoe't in oar wêze moat! Ik wol allinnich mar, dat hja is sa't hja sels wêze wol! Hwat hastou dy eins yn to litten mei myn húislike saken?
ADAM:
Hark ris, ik mei doch witte hwat ik skep!
A.E.:
Dat soe in moaije fortoaning wurde! As in skepper wist, hwat er makke, soed er de hiele saek derhinne smite en ophâlde fan foar to skriuwen en to skeppen!
ADAM:
Ik bin net fan doel, mei dy to tsieren. Doch mar, lyk ast sels wolste.
(Hy bliest de klaei oan.)
Oerein, frouminske! Doch mar lyk astou winskest!
A.E.:
It sil my nij dwaen, hwat hja by eintsjebislút...
(Hja komt oerein.)
A.E.:
Ik siz, hja is tige!
HJA:
Hwerom makkest my wekker? Ik dreamde krekt sa moai!
ADAM:
Wy hawwe dy wekker roppen to it libben. Wachtsje, wy hawwe noch forgetten, dy in namme to jaen. Hoe sil dy wêze?
HJA:
Neam my Riedling.
A.E.:
(tsjin Adam)
Hwat bipraetst mei har? Stel my leaver efkes foar!
| |
[pagina 175]
| |
ADAM:
Dit is nou Alter Ego, Riedling.
HJA:
Neam my net fan Riedling, ik bin Bitizing. 't Is in nuvere saek. Elkenien dy't nei my sjocht, fielt dat der hwat mystearjeeftichs yn my is. Elkenien seit my dat.
LILITH:
(nuet) Goemoarn, mefrou.
HJA:
Bist in skat! Mar hwat hast my ôfgryslike klean oan! Wy moatte freonskip slute, siz. Hast it mier oan mânlju?
LILITH:
Ik? Né. Hwerom soe ik?
HJA:
Omdatstou in frouminske bist, pop. Ik sil dy wolris ynljochtsje, as wy togearre binne.
LILITH:
Mar ik hâld fan Adam.
HJA:
Hwat bist noch in skiep! Ik sil dy in tút jaen.
LILITH:
Né, ik bin bang fan dy! Adam, lit ús nei hûs ta gean.
HJA:
Ik wol him dy net nimme, myn bern. It is oars geweldich, sa'n macht as ik oer mânlju haw. Myn ûnderfining op dat stik...
LILITH:
Hoe nou, dou bist der ommers noch mar krekt?
HJA:
Ik haw sa myn nocht! Ik soe fier, fier fuortgean wolle, nei nije wrâlden ta, nije yndrukken opdwaen... Is hjir gjin fierrekiker? Ik bin gek om it libben, domwei om it libben. It is hjir sa'n noflike úthoeke... Ik soe de hiele dei bisteegje kinne, inkeld mei nei in ûnnoazel gerske to sjen.
A.E.:
Hwat in bûtengewoan frouminske!
LILITH:
Adam, lit ús nei hûs ta gean!
ADAM:
Goed. Lilith, kom.
HJA:
Leaustou yn it Needlot? Leaustou, dat guon lju fan it bigjin ôf foar inoar ornearre binne? Hja wurde nei inoar ta lutsen, op it earste gesicht. It is tige apart, dat dy't my mar leafhat, stjerre moatte sil.
LILITH:
Hwerom dat?
HJA:
Ik wit net. Der is hwat fataels oan my. It hat daliks syn ynfloed op elkenien. It is hjir stomforfelend, tinkt dy net? O, ik soe wol wyld dounsje kinne! O, ik wol hwat tige nuvers dwaen!
A.E.:
En dat is?
HJA:
Ik wit net. Hwant ik fiel my slim ûnfoldien. Hwa kin my bigripe?
A.E.:
Ik!
HJA:
Hwa kin Elsa bine? Hwa wurdt my baes?
A.E.:
Ik!
ADAM:
Bistiet net!
LILITH:
Kom, Adam, mei nei hûs tal Lit harren mar!
ADAM:
Ik bliuw! Ik siz, hy kin har net baes wurde!
A.E.:
Dou dan âl? Tinkst dan, dats t o u har bigrypst?
ADAM:
Hwa hat har skepen, ik of dou? | |
[pagina 176]
| |
A.E.:
Ik! Ik sei, lit har wêze sa't hja sels winsket.
ADAM:
Dat is gjin skeppen!
A.E.:
Ja wis al! Dat is skeppen fan de nije frou!
LILITH:
Adam, kom nou!
ADAM:
Och, sjit op... Dêr dan, dêrre! Gûl mar net, Lilith. Dit is doch wier net mear to fornearen.
LILITH:
Kom nou mei nei hûs ta!
ADAM:
Ik kom, dealeker! Wy sille dizze saek letter wol útmeitsje, achte hear! (Hy giet mei Lilith fuort.)
HJA:
Is dat syn wiif? Hoe koed er der by komme en trou mei har?
A.E.:
'k Wit net. Ik...
HJA:
Mar 't is in tige apart man, tinkt my. Der leit sa hwat bisûnders yn syn eagen, hwat griens, hwat ûnwjersteanbers...
A.E.:
't Is my nea opfallen; mar ik...
HJA:
Net opfallen? Hy is smoarlik foreale op my. Seachst wol hoe jeloersk Lilith is?
A.E.:
Fansels; mar ik...
HJA:
Ik, ik, ik! Jimme manlju wolle altyd allinnich oer jimsels prate.
A.E.:
Ik hâld fan dy, Elsa!
HJA:
Ik bin Elsa net, ik bin Laura. Inkeld in dichter koe ik fan hâlde. Mar dit is hjir allegearre sines, nou?
A.E.:
Sines, hoe dat?
HJA:
Adam sines doch? Hy is ommers de baes hjirre. Dêrom is er sa tige koel. Krekt sokke koele mannen ymponearje my. En hast wol om syn hannen tocht? Hy hat de hannen fan in kening!
A.E.:
Laura, ik hâld fan dy!
HJA:
Allinnich fan in sterke man soe ik hâlde kinne, sa'n ien dy't alle rykdommen fan 'e wrâld oan myn fuotten lizze soe, sjoch, en dan sizze: ‘It is allegearre dines, Marcelle, keninginne!’
A.E.:
Ik oanbid dy, Marcelle, keninginne!
HJA:
Hâld dy stil! Hwannearstou fan my hâlde soest, soest sa'n ien as Lilith net heger hawwe as my, Isolde, bigrepen?
A.E.:
Mar ik haw dy wol tûzenkear heger, Isolde.
HJA:
Nou, hast net sjoen, hoe't hja nei my seach? Sa út 'e hichte wei, as woe hja sizze: ‘Bist ek mar in bidlerske, hwant alles hjir is mines!’
A.E.:
Hat hja dat sein?
HJA:
Hast dat dan net heard? Dat hat hja sein. En fierder: ‘Adam is hjir baes oer alles, en dy forearder fan dy is neat, neat, alhiel neat.’ Ik haetsje har!
A.E.:
Hwat, hat Lilith dat sein?
HJA:
En Adam sei ek noch: ‘It is hjir allegearre mines. En as ik dat wol, sil Zaïra mines ek wêze’ - Zaïra, dat bin ik. En dêrby | |
[pagina 177]
| |
seach er oanienwei nei my mei sokke strakke, gleone eagen. Men kin wol sjen, it is in berne hearsker.
A.E.:
(fljocht op)
Ik sil him hwat hearsker! Ik sil him sjen litte, oft ik neat bin! Adam, kom foar 't ljocht! Heu, leffe tiran!
ADAM:
(komt dúdlik forslein foar 't ljocht; der hat kenlik húslike reboel je west)
Hwat wie deroan?
A.E.:
Siz ris, hwa sines is dit hjir allegearre?
ADAM:
Net ien sives. De wrâld heart oan dy't der op libje sille. Dit is de Goudene leu.
A.E.:
En hwa sines is it op 't stuit?
ADAM:
Op 't stuit is it fan dy't der binne.
A.E.:
Allegearre likefolle?
ADAM:
Ja, allegearre likefolle.
A.E.:
Fortel my dan, hoefolle mines is.
ADAM:
Dines is rounom to finen. Wachtsje, ik sil it dy foarlêze.
A.E.:
Hâld op mei dat smoarge skriuwboek fan dines! Jow my earst hwer't wy rjocht op hawwe en lês dan foar hwatst mar wolste. En ik sil dan ek dwaen dêr't ik sin oan haw. Hwat seistou, Zaïra?
ADAM:
Och, dou bigrypst my forkeard. Alles is fan allegearre. It earste prinsipe is dat...
A.E.:
Dou hast dyn prinsipes en ik haw mines. En ik sit net efter dyn wiif oan.
ADAM:
Wachtsje efkes; wy moatte inoar earst better bigripe... A.E.: Dêr haw ik neat gjin bilang by. Ik wol earst myn helte fan 'e wrâld hawwe en dan kinne wy bisykje inoar to bigripen hwat de skiedingsmuorre oanbilanget.
HJA:
De helte mar? Hwat in bytsje!
ADAM:
Wy moatte bisykje inoar to bigripen hwat it opbouwen fan de Goudene leu oanbilanget. Hastou better idéën, bêst, dan lit ik mines slûpe. Mar dat is ûnmooglik, hwant ik haw gelyk.
A.E.:
Hoe seistou, gelyk? Dat ûntstriid ik, hearste?
ADAM:
Hoe kinst úntstride dêrst gjin weet fan hast?
A.E.:
Ik ûntstriid it prinsipieel, hearste? Dat soe in fraei saekje wurde, astou gelyk hiest en ik net. Tinkt dy ek net, Zaïra?
ADAM:
Wachtsje efkes, net sa oerstjûr. Yn ús Goudene Ieu sille der gjin...
A.E.:
Dy Goudene Ieu fan dy ynteressearret my net. Ik sil sels ien meitsje, en frijhwat better. Fordiele de saek en gjin praet fierder!
HJA:
Ik wol dat, en dat. En dit is uzes...
A.E.:
En dy klaeibult ek.
ADAM:
De klaei fan de skepping is mines! | |
[pagina 178]
| |
HJA:
Ik hoech gjin klaei. Ik wol blommen. Ik wol wolkens.
A.E.:
Oan dit plak ta, dêr't ik stean, is it allegearre uzes. Hjir leit ús grins.
ADAM:
Ik wol de wrâld sa net oan stikken skuord hawwe!
HJA:
Ik wol, hwat efter de hoarizon leit. Ik wol dy blauwe fierten!
A.E.:
Jawis, dat is dines allegearre. Tofreden?
HJA:
Och, hwat dogge dy fuotten my sear!
A.E.:
Ik sil efkes in stoel helje.
(Fljocht nei de klinte fan Adam.)
ADAM:
Dêr net! Hwat silst dêrre? (sil efter him oan.)
HJA:
(keert him)
Bliuw!
ADAM:
Hwat is de bidoeling?
HJA:
Hwerom woest my net bigripe? Daliks doe't ik dy foar 't earst seach, fielde ik al, dat it Needlot it sa biskikt hie... Alter Ego is pûr-foreale op my. Hast sjoen, hoe jeloersk er is?
ADAM:
Ja, hwa wit... Wachtsje efkes; ik moat nei hûs ta!
HJA:
Ik bin alhiel oeremis, as elkenien jeloersk is! Ik oanbid heldendom!
ADAM:
Mar hwat docht er by ús yn 'e hûs?
HJA:
Hwat kin it dy skele! It libben bitsjoent jin wol sa! Fan inoar hâlde, al it oare bitsjut neat... Kom, lit ús flechtsje!
ADAM:
Pardon... ik, ik haw dy klaei hjirre... en Lilith... en it kanûn... ik kin sa mar net fuortgean. Lit my nou doch gean!
HJA:
Bist binaud, dat er hwat fan dines meinimme sil? Hwat lyts!
ADAM:
Lyts? Minske, ik hie sokke greate idéën... Alles foar elkenien mienskiplik, alles eigen oan elkenien!
LILITH:
(fljocht ta de klinte, út)
Adam, hy sil ús stoel meinimme!
ADAM:
Lit stean dy stoel! (Hy fljocht nei de klinte ta.) Dat is ús stoel, smoarge boef!
HJA:
Ik wol him hawwe, ik wol him hawwe!
ADAM:
Smoarge dief, dat is ús stoel! Uzes! Uzes!!! EIN TREDDE BIDRIUW |
|