De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 179] [p. 179] A. Jousma: Nocturne It tsjerkhôf lelt yn 't tsjuster en de beammen rûzje om it paed: - 't is oars langer lyn as juster, dat de lêste kappe waerd - Mar it swarte hôf leit forlitten en oan 'e ein riist noch swarter de toer: - ik ha 't hiel myn libben al witten, dy hinget nei 't westen oer - ... 't Is nuver: it stek stiet wol iepen en ik ha de kaeijen dochs net. Ald Durk-om leit grif to sliepen, hwa hat dan it slot losset? Nou wit ik: ik stean op it grintpaed, dat rounrint en einget nea, en dat it hôf fan it doarp skaet: it libben fan de dea. Rjochts..., lofts..., hoe sil ik rinne, ik sjoch gjin inkle skyn... Lofts: lyk as deis de sinne? Rjochts: dwers tsjin de sinne yn? Gean 'k lofts, gean 'k mei de sinne, dan nimme de skimen my mei. Gean 'k rjochts -, dan sil ik se fine tsjin my oer op 'e roune wei... Us Memme grêf is dêrjinsen by 't roetswart silhouet, dat driget as in stins en myn hert to húvrjen set. Ik stean yn 't ierdetsjuster en sjoch neat as in swart-swiere toer. Ik bin myn wegen bjuster en de wyn rûst de grêven oer... [pagina 180] [p. 180] Haldfest As waensin wurdt it witten en tinken wurdt ta waen, hwat sil ús dwaen en litten noch hâldfêst jaen? As it bloedwaerme libben toraent yn ile dream en ik gjin freon noch sibben mear mines neam, As der mar ien ding klear is: ik libje..., ik bin! En as ik hwat der mear is net grounje kin, As it soms skynt, der boarte in frjemd bern tusken 't reid, eartiids, dêr't d' âlde barte oer 't sleatsje leit, As it bigjin yn skimer allyk de ein fordwynt, in flues fan grus gemimer it each forblyn't... Dan kom en neam myn namme en liz myn tinken stil, dy't offer bist én flamme, it stimlûd én de amme, de woartel én de stamme, it doelwyt én de wil, de wei -, il tsjil. [pagina 181] [p. 181] Marije en de ingel nei it Dútsk fan Fritz Dietrich Hwa hat dochs myn foar opsocht, dy't suchtsjend iepengiet? Hwa hat al dat ljocht hjir brocht, dat om my stiet? Hwa komt yn en sjocht my stil yn langst en leafde oan, dat my it herte stilstean sil? Hwa komt deroan... ? Hwa docht frissels los en klean, dat ik neaken liz? Hwa sil la myn skurte yngean, swiet geheimenis? Draechstû faeks de himel mei syn ljochten by de rûs? En gietst oer de stjerrewei? Sjongst yn 't reingerûs? Hingestû de apel read yn myn griene beam? En hastû skepen út it neat de wide himelstream? Makkestû Gods blau en goud ta blom, dy't iepen giet en dy't djip yn my forstout it godlik sied? * * * Hwa hat dochs myn doar opstaet, dy't suchtsjend iepengiet? Hwa hat my ta God forlaet? Hwa die 't...? Vorige Volgende