| |
| |
| |
Mr. Daem Siccinga à Schuurman Ploegschaeff Thoe Jonhgetuyn en Smitspoorte:
Tsien stimmen, ien kapittel
Fan 'e miet ôf oan hat yn dit tydskrift de kwestje fan de forhâlding tusken de Fryske litteratuer en de Fryske biweging sa tydlingswei oan 'e oarder west.
Tiid en tastân dêr't litteratuer en biweging yn Fryslân hjoed-de-dei yn forkeare - in snuorje fan emansipaesje foar de iene en fan konsolidaesje foar de oare - liken de redaksje gaedlik ta om in oantal skriuwers dizze fraech foar to lizzen:
‘Wurket de Fryske biweging foar Jo as skriuwer (noch) ynspirearjend? Sa al, hwerom? Sa net, hwerom net?’
Tsien fan dy skriuwers, hwaens swide, kryptografyske namme boppe dizze bledside stiet, hawwe posityf réagearre troch har bitinken oer dy fraech koart to formulearjen. Har ynkommen antwurden litte wy hjir alfabetysk folgje.
REDAKSJE
| |
Wol forboun, mar gjin robot
As de redaksje fan De Tsjerne frege hie: hwat is de posysje fan de Fryske skriuwer foar de biweging oer? dan hie myn antwurd koart wêze kinnen: by heart der ûnbitinge by. Frijstelling fan tsjinst, om't er in soarte geastlike wêze soe en skjinne hannen hâlde moat, hat er gjin rjocht op, salang as folk en tael sa swier bidrige wurde.
Mar de kwestje dêr't it hjir om giet is net sa maklik mei in kategorysk ja of né to biantwurdzjen. Hokker skriuwer wit krekt, hwat him driuwt en hwerom't er skriuwt? Der is mar ien, dy't it wit: de litteraire analist, dy't net allinnich jins wurk skôget, mar ek jinsels oant op 'e bonken trochgrounet, sûnder euvelmoed etiketten plakt en rubrisearret en mei de wissens fan in amateur-grafolooch founis wiist of frijsprekt. Al myn selskennis, hat Shaw sein, haw ik oan dy lju to tankjen. Mar oant nou to hat der, mien ik, gjin Fryske magiër west, dy't oer dit aspekt: ynspiraesje fan de biweging, ja of né, syn ljocht skine litten hat. Nou moat men der sels oer gear en dat falt net ienris ta.
Ik soe lige, as ik de ynfloed fan de biweging op myn skriuwerskip yn 't algemien ûntkenne woe. De striid foar it libben en it rjocht fan Fryslân, de solidariteit mei de maten, de freonskippen foar in minskelibben, dy't ik dêr woun, hawwe fan
| |
| |
greate bitsjutting foar my west en binne it jit. Dizze dingen, dy't myn persoanlike foarming mei biskaet en myn oanstriid foar in part rjochting jown hawwe, kin ik net isolearje fan myn auteurskip.
Biwust of ûnbiwust hat de Fryske biweging wol in ynspirearjende faktor foar my as skriuwer west. Mar hja net allinne, hwant ik ha mear leafden. Hwat de litteratuer oangiet haw ik in greate biwûndering foar party Hollânske dichters, âlde en nije, en net minder foar gânsk in rige Ingelske skriuwers en poëten. Vondel hat my persoanlik mear dien as Gysbert Japiks, Emily Brontë mear as de Halbertsma's. Boppedat: ik hâld fan it libben nei alle wynstreken en ha niget oan lju fan allerhanne kleur, folk en naesje. Ik fiel my minske, Fries, Amsterdammer, kosmopolyt. Soks moat op 'e ien of oare manear hwat mei jins skriuwerskip to meitsjen hawwe. Likemin as ik my myn bistean as skriuwer yntinke kin sûnder de biweging, kin ik de biweging sjen as ienichste of bilangrykste ynspirator fan myn biskieden produksje.
In pear konkrete foarbylden: Jonges fan Gaesterlân (ik neam dit sûnder skrupules, al hat by ús de jeugdlitteratuer net de wearde en it omtinken, dy't hja yn Ingelân en Frankryk hat) wie it antwurd op in needrop fan Jan Piebenga: jow ús lektuer foar ús bern, der is driuwend forlet. Hjir wie de biweging sûnder mis de ympuls, al tinkt men, al skriuwende, der net mear oan. By de Kwatrinen fan Omar Khayyàm wie it winliken krekt oarsom. Ik hie it gefoel, dat Fryslân-fan-hjoed dit net ‘nimure’ soe, lyk as Folkertsma letter yn syn skôging ek al ealge. Dat hat my lykwols gjin amerij wjerhâlden, om troch to setten en selden haw ik hwat mei safolle wille en foldwaning skreaun.
Ik bin dus as skriuwer net los fan de biweging, mar noch minder har robot.
Wit ik krekt hwat my biweecht, as ik skriuw? It ienfâldichste en reëelste antwurd liket my noch altyd: om't ik it net litte kin, om't ik der nocht oan ha. Poe hat sein, dat er syn grouwélige forhalen skreau ‘for more pleasure’. Foar psychoanalitisi om út har fel to springen, mar it wol my wol oan. Ik ha it de lêste jierren suver net oan tiid hawn, om in rigel op papier to setten, mocht ik der lykwols wer ta komme, dan sille oanlieding en motyf fan alles wêze kinne: Fryslân, Israël, Warns, Little Rock, it Kristlik Selskip, de Foriening foar Seksuéle Herfoarming, in ljurk, in kou, in spikerbroeksoldaet, in rebel, eigen blydskip of ellinde. En managers, dy't der nocht oan hawwe, meije wiskunstich útmeitsje, hwat myn djipste
| |
| |
oanstriid wie en in eksakt portret fan myn geastlike konstitúsje jaen. Ut en fan jinsels wurdt men dat nea gewaer.
INNE. DE JONG
| |
Twa wegen
Dat men hjoed-de-dei oan ûnderskate skriuwers en dichters de fraech: ‘wurket de Fryske biweging (noch) ynspirearjend foar Jo as Frysk skriuwer?’ stelle doar, hâldt neffens myn bitinken ien fan de bilangrykste ûntwikkelingen fan ús Fryske litteratuer yn, omt dizze fraech - itsij bifêstige, itsij ûnbifêstige - tsjûget fan in fornijend karakter fan de Fryske letterkunde, dy't it stellen fan dizze fraech mooglik en needsaeklik makket.
De Fryske litteratuer hat altyd in striidposysje hawn en yn dy posysje trou njonken de biweging stien. Dy posysje, ûntstien út fordrukking en miskenning fan de Fryske kultuer, woechs somstiden sa sterk oan, dat hja yn bipaelde tiidrekken útdijde ta in karaktereigenskip, dy't ta ien fan de meast essinsiéle fasetten biheart fan de Fryske letterkunde en har yn litterair-histoarysk forbân in aparte sfear fan ynbannigens en forset jown hat; eigenskippen dy't bihinderjend wurkje op de ûntjowing fan in kréatyf reliëf en artistike romte.
Dy forhâlding tusken biweging en litteratuer, hwerby't de biweging faken wol in oerwicht hie, is de lêste jierren gâns forswakke, alteast by party fan de jongere skriuwers, dy't men yn Fryslân to'n ûnrjochte eksperiminteel plichtet to neamen.
Nou hâldt dy forswakking fan biwegingsynfloed en -posysje lykwols net daliks yn in distânsiearring fan de biweging, mar hja is as sadanich wol psychologysk to forklearjen, hwerby't de biweging louter en allinne as suver organisatoarysk apparaet sjoen wurdt.
Sûnder twivel hat dit syn oarsaek yn in strukturéle foroaring fan èn biweging èn litteratuer. De litteratuer - en dan doel ik binammen op it wurk fan de jongere skriuwers en dichters - is réalistysk, pessimistysk, abstrakt en suggerearjend; wilens de biweging saeklik, praktysk, ekonomysk en planologysk arbeidet en har sa op eigen manear útleit op tiid en omstannichheit. Yn dy situaesje krije biweging en litteratuer wol tige har eigen plak yn dizze wrâld fan kommunikaesje en massafikaesje. In oar forskil is, dat de litteratuer in sterk yndividualistysk karakter draecht, ek al viget hja hjir en dêr noch oer nei eat mienskipliks; de biweging lykwols wol har ekspânsyf ûntjaen ûnder it folk en foar it folk, hwerby it bilang fan de fryske maetskippij en mienskip foarop stiet. Dizze orga- | |
| |
nisatoaryske ûntjowing fan de biweging en frij-organisatoaryske ûntjowing fan de litteratuer hawwe in psychyske skieding makke tusken skriuwer en biwegingsynfloed.
Men kin oer de biweging en de bitsjutting fan de biweging tige ûngelikens tinke. Persoanlik haw ik - ek al slagge my dat net altyd - de biweging los sjen wollen fan de litteratuer omt de biweging de litteratuer, mei mear as lokael eachweid, ympotint makket. De hiele idéalistyske sfear en striidhâlding is to saeklik, to tématysk; to sterk provinsiael oriëntearre en regionael biheind om in artistike romte to foljen mei in oantrúnjende, ynspirearjende om myn part romantisearjende geast, dy't - sij it folkseigen - kréatyf wurkje kin op in ekspânsyf nivo mei kunstsinnich forhef en alluere.
Fan gefolgen hat de Fryske biweging foar my as boarne fan ynspiraesje mear negatyf as posityf wurke. Hja hat my wekkerskodde, mar koe my it paed net wize, omt ik as dichter nea oansluting fine kinnen haw by de biweging. Sels by de Fryske litteratuer haw ik nea oansluting fine kinnen foar in persoanlike ûntjowing, dêrfoar wie hja tofolle in tsjûgenis fan biheindens, fan frontale bigrinzing dy't de biweging yn har to wekker roppen hat. Dit hat my needsake oare, eigen, ûnfolsleine wegen to gean, bûten it mêd fan biweging yn in ûnbigrinzge romte fan lân, tael en folk.
Faken is dy negative wurking de reden dat ik nederlânsk en frysk bigoun to skriuwen, ek al omt der foar my by dit twatalich skriuwen oars gjin forskil bistiet, as dat ik it iene op in stuit leaver doch as it oare; eat dat op 'en nausten forbân hâlde moat mei sfear en tarieding. Ek dat is foar my in biwiis dat de Fryske biweging net ynspirearjend op my wurke hat.
De biweging nimt in selstannich plak yn, dat net mear yn it lyk stiet mei de avesaesje fan de litteratuer, itjinge de skieding tusken skriuwer en biweging stees greater meitsje sil. De ûntjowing fan de biweging sil hjirby lykwols in bilangrike faktor wêze, fan gefolgen de litteratuer navenant.
DURK VAN DER PLOEG
| |
Oerwoune ylluzje
Yn myn jonge jierren haw ik wol min ofte mear de yllúzje hawn, dat men mei goede Fryske litteratuer de minsken frysksinnich meitsje koe. Miskien wie it yn 'e groun in yllúzje tsjin better witten yn. Mysels yn alle gefallen ‘die’ de earste Fryske roman dy't ik lies, t.w. De Hoara's fan Hastings - it wie yn myn gymnasiumjierren - hwat. Itselde wie yn dy tiid it gefal mei de poëzij fan Schurer, Sybesma, Gerben Brouwer en oaren.
| |
| |
Hwerom soe dat by oaren net it gefal wêze, riddenearre ik. Dit idé, dat ‘de Fryske saek’ der mei foarût brocht wurde koe, hat foar my wol in oantrûn west om ek to skriuwen. Ik sil ek net biweare, dat de litteratuer net yn steat is, om somlike minsken ‘ta it Frysk to bikearen’, alteast om by somliken biwust to meitsjen hwat oars faeks ek wol latint yn har oanwêzich wie, mar de ûnderfining hat jin dochs ek leard, dat dat mar foar in lyts tal minsken opgiet. En dat de fraech ‘sil Fryslân Fryslân bliuwe?’ troch hiel oare dingen biskaet wurde sil - hwer dan al troch, dêr hoech ik hjir net op yn to gean.
Skriuwer bin ik wol bleaun yn dy sin, dat ik altyd wol oanstriid haw om to skriuwen, al wurd ik faek troch oare dingen yn bislach nommen, mar it is net mear de yllúzje, dat ik Fryslân dêrmei ‘rêdde’ sil dy't my driuwt noch folle minder wurket de konkrete situaesje fan 'e Fryske biweging ynspirearjend op my. Wol is it dúdlik dat it net sûnder in Fryske litteratuer kin, mar as ik skriuw, dan is it al lang inkeld omt ik ien of oar libbensgefoel utering of ien of oar forskynsel yn it minsklik libben foarm jaen wol. Dat ik fan bitinken bin, dat ik dêr de Fryske saek licht wol sa'n greate deugd mei doch as mei mooglike oare aktiviteiten, is eat dat mei ynspiraesje net folle mear to meitsjen hat.
In oare saek is, dat it Frysk myn natuerlik litterair uteringsmiddel is en nea troch in oare tael forfongen wurde kin. Dêrom past my yn alle gefallen tankberens foar de biweging, dy't, mei hokfor bihyplike middels en op hoen breklike wize dan ek, mooglikheden en klimaet foar myn skriuwerij skepen hat. Dêrsûnder soe ik, foarsafier't myn wurk net fortaeld wurdt, in skriuwer sûnder lêzers wêze.
Y. POORTINGA
| |
Mear nedich as kofje-kultuer
Ut en troch tink ik noch wolris werom oan de foaroarlochske Ljouwerter kritejounen. Ferwerda wie foarsitter en Schuitmaker geastlik lieder, hwant by skreau de stikken of de revus, dy't de minsken foarset krigen. De seal rûkte nei kofje en hoewol ik neat op kofje tsjin hie, foun ik mysels dêrre einliken altiten mar in frjemde fûgel; spyljen en spylders liken my meimekoarren frijhwat in âldfrinzich gefal, en mei de minsken wie it net oars: sa gesellich, sa gesellich! Mar folle doarst ik der net fan sizze, faeks seach ik it net goed en heechhertich wie ik net. Ik haw jimmer fan alle minsken leare wold, ek fan Ferwerda en ek fan Schuitmaker en sels fan dejingen, dy't banger fan hege kultuer binne as dat hja der nei langhalzje.
| |
| |
It soe dan ek wol in soarte incompabilité d'humeur wêze, mei de skuld oan myn kant, hwant de oaren diene wol en woene wol.
Nammers wist ik de bitsjutting fan de folkstoaniel-kultus as bynmiddel yn de legere regionen fan de Fryske biweging. As it my net foldie, tocht ik ek wolris: jonkje, doch dû it dan better! Der hawwe tiden west dat ik miende it dwaen to sillen, mar der is nea hwat fan op 'e hispel kaem, lyk as by safolle Friezen de aspiraesjes hiel hwat heger gripe as de aktiviteit en faeks ek wol de formogens. It foldie my net, mar it like my ta dat ik my forsinde en dat Ferwerda en Schuitmaker dochs wol bazen wêze moasten.
Hwat de Fryske biweging oanbilanget, dy hat my yn myn jonge jierren hast allinne hwat sein troch syn litteraire aspekten; yn de oarlochsjierren lykwols is dêr bykaem ynsjoch yn de substânsje fan in folksbistean, en ik bin der oertsjûge federalist troch wurden, mei it gesicht mear foarút nei Europa as efterút nei de Nederlânske republyk, dy't al oardel ieu dea is. Sielkundich stean ik allinne fier ôf fan de Fryske romantyk, dêr't de âlde biweging fierhinne op dreau, en hwerfan de oerbliuwsels tinkt my noch tofolle kultivearre wurde. It heechhâlden en útbouwen fan in folksbistean is in polityk-kulturéle saek, dy't fansels net sûnder élan kin, mar dy't har bileaven hâlde moat út de sfear fan sentimentelens of domme superioriteitswaen of noch dommer isolemint... Foarsafier ik dêr gelegenheit ta hie, haw ik dat altiten sein.
Sûnt Ljouwert haw ik my fan de krite-kofje-jounen emansipearre. Hielendal goed wie dat faeks net, hwant it bitsjut ek, dat ik fierhinne it kontakt forlern haw mei minsken, dy't myn lânslju binne en yn hwaens formidden ik faeks ris in oar lûd hearre litte koe. Der sit ek wol hwat yn fan de ûnôfhinklikens, dy't ik út hokfoar psychysk manko ek altiten wer mien nedich to hawwen. Ik kin goed harkje en wol de minsken graech towille wêze, mar bliuw wei fan de paden, dêr't ik my net yn myn wêzen fiel.
Foarsafier't ik in Fryske oertsjûging haw, stiet dy moai los fan hwat de biweging der yn in biskaet tiidrek fan makket. Ik jow mear foar de Fryske Akademy as foar de Ried fan de Fryske Biweging, al wol ik dêr it nut net fan ûnderskatte. Mar nou't Fryslân yn de nei-oarlochske striid (dêr't ik fan herten oan meidien haw) hwat mear erkenning en hwat greater kânsen krige hat, giet neffens my de wei fan de polityk via de kulturéle prestaesje en net oarsom. Dat is alhielendal net sa frjemd, hwant de polityk heart ommers middel en nea doel to wêzen.
| |
| |
Dit tsjut op 'e needsaek fan heroriëntaesje. Efternei krij ik
leau'k dochs wol hwat gelyk, hwat alhielendal net sizze wol, dat ik it foarhinne ek al hie. It is bêst mooglik, dat dy eardere
Ljouwerter kritejounen moai en weardefol wiene; mar it is dúdlik, dat Fryslân der mei dizze kritejounen en oare kritejounen net mear komt. Hjoed-de-dei hat de folksskriuwerij
(dêr't einliken it kritelibben jimmer fierhinne op boud hat) as
fenomeen syn tiid folslein hawn; fan dat gedoch yn de âlde styl kin amper mear hwat goeds útgean. Myn skuld, dy't dêryn bistiet, dat ik gjin vademekum leverje foar in nij libben, jow ik ta, mar men kin jin nou ienkear net oars presintearje as
men is. As ik earne ûngerêst oer bin, dan is it oer al dy goedwollende kriten, de boaijem fan de Fryske biweging, dêr't alles by alles to min deugd yn sit om der kultureel datjinge op to bouwen hwat nedich is om mei eare en gloarje ússels to rjochtfeardigjen yn de rommere grinzen, dy't Fryslân taskikt binne.
SJOERD VAN DER SCHAAF
| |
Duker en surstofapparaet
De persoanlike probleemstelling dy't de redaksje ús hjir foarleit liket hwat op de forneamde fraech fan 'e slak oan 'e tûzenpoat: hokker poat forsetstû nou winliken earst? It beest waerd dêrtroch yn sa'n forbjustering brocht, dat it gjin poat mear forsette koe.
Men kin de kwestje ek sa stelle: moat de fryske litteratuer de biweging tsjinje, of is de biweging der om romte to skeppen foar it fryske libben, dêr't de litteratuer in bilangryk aspekt fan foarmet?
De swierrichheit komt earsten, as men ta de litteratuer sawol as ta de biweging heart. Unbiwitten sille dizze twa eleminten opelkoar ynwurkje, de iene sil wol net sûnder de oare bistean.
Sels bin ik as skriuwer bigoun mei hollânske gedichtsjes. En dat ik op it frysk oergong, wie wier net omdat ik ûntdiek my yn myn memmetael better uterje to kinnen, mar wol wis omdat ik yn 'e kunde rekke mei de fryske biweging, en mei myn poëzij û.o. ek biwize woe dat it frysk in folweardige tael wie. De biwegingsman die syn litteraire plicht: myn produksje fan in great tal striidsangen mei dêr as teken foar jilde.
Boartsjenderwize lykwols bin ik nei in oare ynstelling ta groeid. Ut de eksperimintéle rite wei ûntstie it bisef fan in dichterskip út en towille fan himsels. It wie net mear nedich mei elk gedicht wer to biwizen dat dit yn it frysk mooglik wie; it wie wol nedich it to forjitten, omdat it remjend, alteast bigrinzgjend wurke.
| |
| |
Nou wol ik net graech misforstien wurde as ik praet fan in dichterskip út en towille fan himsels. Foar my hat dichterskip wol tige to meitsjen net allinne mei de skriuwer dy't him uterje wol, mar ek mei it folk dat harket. Men skriuwt likefolle út namme fan oaren as foar oaren. En de mienskip dy't hjir harket is in stridende, om net to sizzen in nei de siken gapjende mienskip.
De bûtewrâld sjocht dus allicht de aktiviteit fan in frysk skriuwer as in stik fryske biweging. Ik wol dat miskien théoretysk ek wol tajaen, mar as ik skriuw is it gjin faktor mear foar my. Ik skriuw, en dêrmei út, ek al haw ik miskien fan to foaren forstanlik fêststeld dat it in goed ding foar Fryslân wêze soe om it to dwaen. Mar op it stuit dat ik it papier yn 'e masine draei grypt my de birûzing fan it fers, net oars as de hollânske of ingelske dichter.
De fryske biweging spilet him ôf yn 'e sfear fan it biwittene. Hjir is in doel steld, dat mei ûnderskate middels tsjinne wurdt. Dat doel is: romte skeppe foar it fryske libben. It skriuwen fan in forhael, in essay of in gedicht is in stik fan dat libben sels. Ik siz dus net, dat in frysk dichter straffeleas ûnforskillich stean kin foar de biweging oer, likemin as in dûker ûnforskillich wêze kin oer it goed wurkjen fan it sûrstofapparaet, dat him it sykheljen mooglik makket. It is normael, dat ien en deselde persoan yn beide funksjes wurksum is, stridend yn 'e biweging en skeppend yn 'e litteratuer. Mar dy twa funksjes binne fan elkoar skaet. En in goede proazakunst sawol as in goede dichtkunst yn Fryslân moat net ôfmetten wurde neffens de direkte tsjinst dy't hja de fryske biweging biwize. Dêrom haw ik der yn it earste nûmer fan De Tsjerne op oanstien de bining tusken litteratuer en biweging to forbrekken.
Docht de litteratuer dan gjin tsjinst oan 'e biweging? Folle mear: de biweging wurdt út har rjochtfeardige. Dat kin men lykwols earst êfterôf fêststelle, en it is tajefte.
FEDDE SCHURER
(wurdt fuortset)
|
|