Jan H. de Groot seit yn syn Executie Weteringplantsoen:
neerzeeg in bloed en dood,
hij werd op slag hun vrind,
hun broer, hun deelgenoot.
Sa giet it jin by it sjen fan dizze film, it giet jin persoanlik oan. Acht warleazen, twa húshâldingen en in frijfeint binne hjir opsletten en op inoar oanwiisd yn ien lugubere keamer, twa jier lang. Alle wurkdagen moatte hja fan 8 oant 6 ûre deastil wêze, om har oanwêzigens net oan de fabrykslju ûnder to forrieden. Alle lyts-minsklike tsjinstellingen en deilisskippen liede ta spanningen en útboarstingen, dy't it wurd fan Sartre réalisearje: de hel, dat binne de oaren. En dêrefter de mienskiplike deadseangst, de driging fan it forried, de boalskloeren. Oangripend it Chanoekafeest, it lêzen fan psalm 121: Ik slach myn eagen op nei de bergen, de wylde freugdedouns om de ynvaesje. Anne, dit lucide famke mei har lytse sûnden, har ûndwêstbere humor, har great yntellekt, har striid, har leauwe en har hope tsjin alles yn.
Sa nou en dan lit de kamera in stik fan de ljochte himel sjen, bloeijende beammen, in grêft, mar oer dy grêft patrouillearje de soldaten fan Hitler of gûlt de oerfalswein. En it net wurdt tichter lutsen. Oant op dy needlottige joun, 4 augustus 1944, de wein mei de boalen komt, dy't har slachtoffers helje. Men heart de sirene gûlen, it lûd waechst oan ta in lawine fan satanysk gewelt. It yntraepjen fan de doarren, it stampen fan de learzens, it snauwen en âljen fan de skobberts, de lêste wurden fan Otto Frank: Twa jier hawwe wy yn freze libbe, nou kinne wy allinne noch libje yn hope.
Dit is de een fan de film, mar, en dat knypt jin de kiel suver ticht dy trije ûren: men wit it forfolch, op Otto Frank nei binne hja allegear likwidearre.
It is goed, dat men dit wer sjocht, om jin to helpen, nea wer to forjetten. De ûntstellende trageedzje fan in Joadsk famke, net, lyk as men yn Dútsklân wol ynterpretearret, as represintante fan in dizenige, algemien-minsklike tragyk, mar as fortsjinwurdichster fan seis miljoen Joaden, martele en formoarde troch it trêdde Dútske ryk en syn hantlangers.
Hjoed lês ik krekt yn de krante, dat njoggen fan de tsien Dútske skoalbern fan de prins (Hitler) gjin kwea witte.
INNE DE JONG