Koart nijs
Barend van der Veen en dr. Y. Poortinga hawwe togearre in great, bibelsk toanielstik foar iepenloft skreaun, mei namme Rispa. It drama is ynspirearre op in bibelforhael út Samuel 2. * Fan Paulus Akkerman sil in nij bundeltsje koarte humoristyske stikjes, as forfolch op Just, jawol! útkomme. * By de útjowerij Osinga, Boalsert, sil in nije fersebundel fan Tjitte Piebenga forskine, dy't koarte tiid lyn in tredde bundel ûnder de titel ynformatyf yn hânskrift rémakke hat. * Op inisiatyf fan prof. dr. J.H. Brouwer en Jo Smit wurdt neigien, yn hoefier as it winsklik en mooglik wêze sil en lit in rige berneboeken út de klassike wrâldbernelitteratuer yn it Frysk oersette, soks binammen mei it each op forlet by it Frysk skoalle-ûnderwiis. * De KFFB hâldde ander har leden en lêzers in enquête, gearstald út fregen oangeande it wurk en de útjeften fan dizze ynstelling dy't aenst 25 jier bistiet. Ien fan de fregen sette de lêzers foar in slimmichheit: it probleem oft Op 'e drompel fan Th. Kuipers in pocketboek of in.... rock 'nd rollboek wie koene de measte meidoggers net útkomme. Nou binne rock 'nd rollboeken yn Fryslân foarsafier't wy neigean koene dóchs al in seldsumheit. Lyk as yn alle lânnen trouwens, hwant it genre bistiet ntl. net. * It selskip Tetman en Jarich joech earne yn Gelderlân okkerdeis mei goed sukses de première fan de hollânsktalige versy fan Fryslân Oerein, har lêste kabaretprogramma. De titel wie doe Houd stand, platteland! * Z.W.O. hat subsydzje tasein oan mefrou A. ter Braak-Faber en mefrou dr. E. du Perron-De Roos foar it oarderjen en annotearjen fan de korrespondinsje dy't Ter Braak en Du Perron togearre fierd hawwe. De hear H. van Galen
Last sil it wurk parseré meitsje. * De dichter Pierre Kemp to Maestricht hat, foar syn hiele oeuvre, de steatspriis foar letterkunde (P.C. Hooftpriis 1958) takend krige. * As opfolger fan de hear Jo Smit, is ta direkteur fan de RONO bineamd drs. G.A. Gezelle Meerburg, adjdirekteur fan de Fryske Akaderny, as Frysk dichter, prozaïst en tydskriftredakteur bikend ûnder de namme Marten Sikkema. * Deselde skriuwer hat yn in ryk forsoarge tinkboek dat yn Noarwegen útjown is oer de dichter Hans Henrik Holm in bydrage levere oer de bisibbens fan Skandinavië en Fryslân op poëtysk gebiet. As ynlieding dêrop jowt K. Langvik Johannessen de lêzers foarljochting oer Fryslên en de Friezen.
FREARK DAM