De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 193] [p. 193] [Nummer 7] Sjoerd Spanninga: Fanfare Dat hja it griene waes mei 't stille fjûr bihongen de treurbeam holden foar de gouden rein en hja de swannen soms foar guozzen seagen dat wie in minskelik forsin en koe men wol op d'âlde eggen sette mar doe't hja njonken de biwende paden gongen en út in parkje sketterjende titelroazen de giele feestmuzyk klonk fan trompetten wist fuort in ider harkjend nei de koperen koupletten it fanfarekorps stie dêr to blazen. De piraet Nou reitsje 'k myn faem wol oan 't kaperfolk kwyt hwant op it balkon stiet foreale de nacht in swarte bandyt en hy lústert myn leafste juwielen oan 't ear en stekt har de heale moanne yn 't hier de gloeijende sier fan in spaenske kaem dat har tosken dy laitsje har glânzjende wyt... [pagina 194] [p. 194] Romtefeart Hat men de himel sels net yn jins hert men sil der grif net komme mei 't raket. De kritikus It is ús plicht to leauwen hwat de learden melde hja ha wol faker ús bitrouwen yn 'e ruiten spjelde. Episoade Neat hat op ierde foar ivich bistân - in stille drôvenis lûkt oer de dingen de geur fan dyn hier rûkt út de seringen de tros yn myn hûn hinget swier as in hert... It gastmiel Hwat bliuwt der geastlik oer fan mannich opperteur makket men de roppert skjin? in baelsek fol fearren en in bealchje as in heinderbal ha 'k soarch - dat lit de wolf mar yn 'e tosken sitte gjin bern sil him der oan fortille by myn witten... [pagina 195] [p. 195] Rosa Luxemburg Bloedwaerm lei dizze frou de takomst oan it boarst en read-opstannich wist men har forset de leafde fan in moedich hert dat sterk en great to libjen doarst en hwat natûr har sei troch blom en blêd it wie har eigen djipste driuw hwant hwer't de geast syn wêzen ta ûntjowing brocht út hurde groun fan maetskippij en briek de toarre wet it stil bisteande foar nije groei en heger mooglikheden seach hja harsels de ierde trou in suster suver it gewaeks de siele fjûr en frede omstriele fan in ljochtsjende genede it jier dat him nei bloeijen socht... Pinkster Sil 't ea wer sjonge yn myn hert de geast mei hillich fjûr my dope wol dan it deade hout earst slope dat it fortart nei eigen wet mar libben opstiet by de stream oant blêd en blossum iepen geane en fûgels flamjend út my fleane in bloeijende amandelbeam. Vorige Volgende