De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 146]
| |
Twadde bidriuw
Selde toaniel, krekt foar ûndergean fan sinne. Adam komt werom, alhiel forslein, giet sitten.
ADAM:
Dy hat my bêst to fiter hawn! In moaijen!
Bah, lit s' allinnich strune troch dy bergen!
Hoe't hja sa nuver komt, ik wit it net,
Mar ja, 't is wier, sa makke ik har sels,
En hwat hja yn har hat, myn wurden binn' 't,
Myn greate wurden; en dy wierret hja
Nou op my út. Mear hat hja net to jaen!
Sels flieën hâlde it by har net út!
In sljochtwei-man, dy past har net, ei né,
I k pas har net, 't healwizich stik goadin!
Der siet doch mankemint grif yn dy klaei,
Of ha 'k in flater makke faeks, hwa wit?
Miskien hat hja sa'n spats, seit altyd: né,
Mei't ik to negatyf har skepen haw:
Hja mocht net wêze dit, net wêze dat.
Hwa, yn 'e goede, wol dêr efteroan?
Mar kom, ik haw myn wurk, 'k sil skeppe wer.
Hinder en steuring jowt dat frouljusark,
'k Hie better bliuwe kinnen dêr't ik wie.
(Hy komt oerein.)
Nou sil ik jitris skeppe, en nou goed.
'k Gean fan it positive diskear út.
(Docht de jas út.)
Hwat hat hja my to fiter hawn! Ik meitsje
Gjin froulju wer. It sil nou oars, dat 's fêst.
De grounslach fan myn nife, machtge wrâld
Wurdt sterkte, jeuchlikens, en krêft fan wil.
Dit wurdt in man fan aksje, posityf
Yn hear en fear, dy't nearne weet fan hat
As fan syn krêft, en net - Hwat moat er net?
Mar nou hat de ûntkenning my alwer
Bêst yn 'e skjirre. Neat mear oan to dwaen,
Hwat negativens bliuwt der altyd oer,
Hwant alle wurd hat syn ûntkenning yn.
't Is net genôch dat ik de wrâld fordie,
De wurden ek oan kant! Net prate mear,
Mar skeppe, skepper! Libbens wier geheim
| |
[pagina 147]
| |
Is net to fetsjen yn it deade wurd.
Yn stilte sil ik skeppe, net fortiisd
Yn wurden; konsintrearre op mysels.
Yn djipste djipten fan myn eigen dream
Fyn ik hwat 'k sykje. Dat, dit wurdt in man,
Lyk as ik sels graech altyd wêze woe.
(Hy wrot stil fierder.)
Nou kriget er al foarm: in jong athleet,
Olympysk, neaken, ien stik spieren, en
Binammen net biswierre mei kultuer.
Dit nimt wol klaei, mar dêr kin 'k net op sjen.
Dit wurdt myn idéael, dit wurd ik sels,
Sa 'k wéze wollen hie: in held. - Sa, klear!
Mar wachtsje, noch in wapen yn syn hân.
(Hy bliest him oan.)
Sa, hy biweecht. Man fan de takomst, stean!
DE MAN:
(springt oerein, spear yn 'e hân)
Hwa giet dêr?
ADAM:
It is slagge! Kom, jong, lit my dy ris goed bisjen. Likest krekt in kriichsman út âlde tiden. ‘Miles’ sil dyn namme wêze.
MILES:
(spear omhegen)
Hwa bistòù?
ADAM:
Wês mar net bang, jongfeint, ik bin dyn skepper.
MILES:
Sille wy ris fjochtsje?
ADAM:
Fjochtsje? Hwerom dat?
MILES:
To sjen hwa fan beide sterkst is. Of sille wy ris om 't hurdst?
ADAM:
Dat soe my ek hwat wêze!
MILES:
Dou doarst net, dou bist lef!
ADAM:
(forûntweardige)
Hoe komst dêr by?
MILES:
In âlde, rûge barbaer, dat bist!
ADAM:
Kalm hwat, jonkje! Oan my hast dyn libben to tankjen, ik bin de skepper.
MILES:
Ja, in lef keardeltsje, dat bist. Mar wês net bang, ik sil dy neat dwaen. Kinst myn slaef wurde.
ADAM:
Ik dyn slaef? Hwerom dat!
MILES:
Om't ik it foar it sizzen haw! - As ik de holle til, fiel ik, dat ìk kommandearje.
ADAM:
Oer hwa dat?
MILES:
Oer allegearre. Hjir stean ik, it boarst foarút.
ADAM:
En dat is alles, hwerstou forstên fan hast?
MILES:
Dat is myn missy ik bin jong en sterk.
ADAM:
En dou tinkst, dat dat foldwaende is?
MILES:
Tinken haw ik gjin gedoente mei, barbaer.
ADAM:
Hoe dat net?
MILES:
Om't ik oereinstean. En hwer't ik stean, dêr stiet de heechste top.
(Eva komt op.)
EVA:
Ik haw de bergen yn west, mar gjin top dêr haw ik fine kin- | |
[pagina 148]
| |
nen, dy't my bilykje koe. Mar hwa is dizze ljochte held?
MILES:
Hwa is dizze gouden liuwinne?
EVA:
Hwer bistou weikomd, nommele strider?
MILES:
Ik bin komd om to oerwinnen. Hjir stean ik, en de wrâld leit oan myn fuotten.
EVA:
Hwa is dizze jonge oerwinder en bifrijer?
ADAM:
O, it is inkeld mar in poppe út klaei. Gjin sukses likegoed.
EVA:
Slaen him doch gjin acht, jonge held. It is mar sa'n âld, suterich eintsje slaef!
MILES:
Jawis, sa'n lef eintsje neatnutter.
EVA:
Jawis. Hy griemt hwat mei klaei om.
MILES:
Hy hat net ienris wapens.
ADAM:
Hâld dy stil! Ik bin dyn skepper!
EVA:
Syn lûd is rau, it stiet my tsjin.
MILES:
Wolst nou noch fjochtsje, rûge mankepoat?
EVA:
Praet doch net tsjin him. Hy is ús gelikense net.
MILES:
Hast gelyk, dat is er net.
EVA:
Hwat passe wy inoar! ADAM: De deale. Ik...!
MILES:
Hâld dy stil, frjemdling!
(Driigjend.)
Bist net ien fan uzes.
EVA:
Dou hast gelyk, held! Dou biste prachtich yn dyn neakene krêft!
MILES:
Ja, dat is myn ropping.
EVA:
Ik bigryp it. Wy forsteane inoar.
MILES:
Wy beide.
EVA:
En hwat forachtsje wy him!
ADAM:
Mei hwat rjocht?
EVA:
Omdatstou ôfgryslik bist om to sjen.
MILES:
Omdatstou fan in oar ras bist.
EVA:
Omdatstou âld bist.
MILES:
Omdatstou net in held bist.
ADAM:
Wachtsje! Ik sil de libbenssike, dy't ik dy ynbliesd haw, weromroppe! Fal dea oer de groun, dou klaeijene idioat!
MILES:
Wolst fjochtsje?
ADAM:
Ik wol de skeppingsdied ynlûke - by dizzen!... Hwatte? Neat? Hoe nou? Kin men dan net toneate dwaen, hwat men sels skepen hat? Eva, by him wei dou! En skamje dy hwat!
EVA:
Hwa doar my hjir kommandearje?
ADAM:
Ik, dyn skepper!
MILES:
Lit ús dan om har fjochtsje, lef eintsje skepper!
EVA:
Ja, fjochtsje! Ik wol it sjen!
ADAM:
Ik sil wol gek wêze, dat is de hiele saek my net wurdich, ast it krekt witte wolst.
EVA:
(jowt Miles de hân)
Dou hast it woun, jonge held!
| |
[pagina 149]
| |
MILES:
Myn earste oerwinning.
EVA:
Dat bin ìk, Kom!
MILES:
Ik gean mei dy.
EVA:
De bergen yn!
MILES:
En noch heger. Kom. Ahoy!
EVA:
Aiaiail
(Hja bigjinne to klimmen.)
ADAM:
Hwer wolle hja hinne? Eva, gean net mei him!
EVA:
(sjocht om har hinne)
Hwat is er ôfgryslik om to sjen!
MILES:
Hwat is er fier ûnder ús! Aiaiai!
EVA:
Ahoy! Haliho!
(Hja wurde wei.)
ADAM:
Eva, bliuw doch! Och, lit dy beide ek opwaeije! Hy is net wiis, dy Miles. En as it my net bigreate om Eva, dan skeat ik him oan spuonnen mei myn Kanûn fan 'e Untkenning. Eva, hoe kinst mei sa'n ien fuortsette? Hwat sjochst yn dy keardel? - Hja komme oanienwei heger - Ezels, loaije stjonkerts, aristokraten dat it binne! Hja moasten in biezem yn 'e hân hawwe, en in keppel jankende bern om har hinne! Opmakke goadinne! Ik bin net moai en net jong genôch foar har! Kin ik dat soms helpe? Ik haw mysels doch net skepen? Men kin fan alles wol skeppe, mar jinsels net op 'en nij meitsje. Net ien, dy't ea om my jown hat, bihalven ús mem... Altyd mar allinnich, allinnich... As der nou mar ien wie, dy't in bytsje om my jaen woel Ja, dan soe it skeppen wol hwat oars wurde! Mar in bytsje lok moat men hawwe. En geriif, fansels. Ja, men moat ien ha om foar to skeppen, ien dy't altyd om jin hinne is. O Eva, Eva, kom doch werom! Mar hja kin it net hearre. Ik freegje har ek net wer. It hie gjin goadinne wurde moatten, mar in earlike, trouwe kammeraet.
(Hy fljocht oerein.)
Dat is it! Fansels, sa'n ien kin ik foar mysels wol meitsje. Ik kin safolle froulju skeppe as ik wol. Mar ik hoech mar ien; en as Eva weromkomt sil ik har sizze: Gean dou mar nei dyn held ta; dit is de wente fan waerme minsklike blydskip. Dy sil lilk wêze!
(Knibbelt by de klaei, strûpt de mouwen op.)
Nou wit ik tominsten, hwer't de wrâld forlet fan hat: fan blydskip. Dit is in machtige ûntdekkingl Nou sil ik bigjinne, in better, fleuriger wrâld to skeppen, in wrâld fan leafde en blydskip. Kom, oan 'e slach!
(Bigjint to foarmjen yn 'e klaei.)
Mar stel ris, dat Miles har ek meisnipt... Wachtsje, ik sil har o sa lyts meitsje; hja moat húslik wêze en leaf, hja moat in soad prate, in soad laitsje. Lilith sil hja hjitte.
(Hy bliest har oan.)
Lilith, oerein! Heu, leave pop!
LILITH:
(forweecht)
Heu!
ADAM:
(klapt yn 'e hannen)
Hja is leaf!
| |
[pagina 150]
| |
LILITH:
(komt oerein)
Bin 'k sloardrich? Jow my in tút! Hoe hjitstou?
ADAM:
Adam. Wolkom, wyfke fan my!
LILITH:
A-dam. Hwat gek! Adam. Der hie wol in moaijer namme west. Wachtsje efkes, ik moat dyn hier opmeitsje. Hast gjin kaem? Ho, dêr byt my hwat!
ADAM:
't Is mar in flie, Lilith.
LILITH:
Sjochris, hwat springt er! Lit ris sjen, kinstou ek sa?
ADAM:
Dat kin in skepper net dwaen, pop.
LILITH:
Och, dou hâldst net fan my!
(Bigjint to skriemen.)
Ik freegje dy allinnich mar hwat, en dou bigjinst daliks to rachen.
ADAM:
Dat is net wier, ik rach net.
LILITH:
Ja, al.
ADAM:
Né, net.
LILITH:
Sjochst wol, nou dochst it wol!
ADAM:
Forjow my, leave. Ik haw faeks hwat to fûl wrot.
LILITH:
Hwerby dan?
ADAM:
Ik haw hwat o sa leafs en moais en kostbers makke!
LILITH:
En dat is?
ADAM:
Myn lytse Lilith.
LILITH:
Mar wier, dizze klean mei ik net lijel En hwat hast noch mear skepen?
ADAM:
O, neat. Bihalven dan ien, dy't Eva hjit.
LILITH:
Hoe sjocht hja der út? Is hja kreazer as ik? Hoe binne har klean? O, ik wit it, hja is kreas, tige kreas, en o sa slank.
ADAM:
Och kom, Lilith. Hast har ommers nea net sjoen!
LILITH:
Docht der neat ta. Dou wolst dus sizze, dat hja moaijer is as ik. Flean dan efter har oan!
ADAM:
Mar dat haw ik net sein!
LILITH:
Ja, wis al. Hast sein, dat hja slank wie.
ADAM:
Nou goed dan, hja is slank; hja is sa slank as in deade kat.
LILITH:
En hja hat blikt hier.
ADAM:
Ja, en falske tosken en hwatstou fierder mar wolst.
LILITH:
Hâldst fan Lilith? Toan my ris hoefolle 'st fan my hâldst! ADAM: Dat sil ik dy toane. Sil ik dy hwat moais skeppe?
LILITH:
Ja mar. Mei ik it sjen?
ADAM:
Jawis, fansels, leave. Skeppen is alderraerste ynteressant, Lilith. En der is net ien bihalven my, dy't wit hoe't it moat. Stel ris, dat ien as Miles it koe! Ik moat der net oan tinke!
LILITH:
Miles? Hwa is dat nou wer?
ADAM:
O, net ien. Leave, nou moatst sa stil wêze as in mûske. Ik bigjin, let opl
(Hy foarmet yn 'e klaei.)
LILITH:
Siz, leave.
ADAM:
Hwatsei? | |
[pagina 151]
| |
LILITH:
Ik woe allinnich mar sizze, hoe stil as ik bin.
ADAM:
Jawis, dou bist in goed fanke.
(Stilte.)
LILITH:
En hwat wurdt dat nou?
ADAM:
In forrassing.
LILITH:
Oh.
(Stilte.)
Heden, dou hast al hwat grize hierren!
ADAM:
Lilith, ik haw nou hwat ûnderhannen, dat dou moatst wier efkes stil wêze.
LILITH:
Goed, ik bin al stil.
(Stilte.)
Adam! Kinst nou sels net ris efkes nei my sjen?
ADAM:
Mar ik bin dwaende, hwat foar dy to skeppen, wier?
LILITH:
En yntiid sjochst nei Lilith net om. Jowst neat mear om my!
ADAM:
Hwat dea... ahem. Wolwier, ei ja, ik jow wol om dy, leave.
LILITH:
Kom dan ris by my to sitten. Wolst dan oanienwei skeppe?
ADAM:
Oanienwei. Sjoch, leave, ik moat in nije wrâld meitsje. Sil ik dy ris fortelle hoe't dat kommen is? Noudan, der wie ris in greate, grouwe, âlde wrâld.
LILITH:
Sjochris nei myn fuotten! Hastou ek teannen?
ADAM:
Fansels, Lilith... En dy wrâld wie min, dat ik forneatige him.
LILITH:
Hwatte? Hwerom hast dat dien?
ADAM:
Dat fortel ik nou krekt. Om't er min wie. Bigrypste?
LILITH:
Né.
ADAM:
Nou dan, om't der gjin Lilith bistie.
LILITH:
Dúdlik. En fierder?
ADAM:
Ik fordie dus dy âlde wrâld, en pang! it wie allegearre fuort, neat mear fan to finen. Sa sterk bin ik. En nou meitsje ik in nijen, ien dy't better is. Mei nije, folsleine, wize minsken.
LILITH:
En is Lilith dêr ien fan?
ADAM:
Fansels, leave, dat sprekt. Dy is der ommers al!
LILITH:
Mar hwerom binne der dan noch mear nedich, dou hast Lilith nou ommers. ADAM: Mar leave, der moatte ommers mear minsken wêze?
LILITH:
Ja, sjoch, dou hast dus oan Lilith net genôch!
ADAM:
Fansels wol, nuvere. Dêr dan, dêrre; gûl mar net! In man mòàt skeppe, dat is syn wurk. Ast ris wist, hoe moai dat is!
LILITH:
En astou my tutest, is dat net moai?
ADAM:
Fansels, wyfke, fansels.
LILITH:
Hwerom wolst dan ek noch skeppe?
ADAM:
Om dy sjen to litten hoe goed ik dat kin. Moatst ris sjen, aenst, hoe knap ik bin.
LILITH:
Mar dat hoech ik net to sjen. Bist mines. Jow my in tút!
ADAM:
Lilith, hwat bist in skat! Myn leave!
LILITH:
Tink om myn jûpe!
ADAM:
Sa wiis bin ik mei dy! Ik bin wol sa lokkick! Mar wachtsje | |
[pagina 152]
| |
efkes.
(Hy kriget in skriuwboekje út 'e bûse.)
Goudene leul Dat is moai foun!
LILITH:
Hwat silst?
ADAM:
O, neat. Ik wol hwat opskriuwe, oars forjit ik it miskien. Allinnich leafde kin doch mar sa'n ynspiraesje jaen!
(Skriuwt.)
De Goudene Ieu skeppel Dat is in geweldich idé!
LILITH:
Tsjong, hwat hast nuvere lytse hierkes op 'e hân! Adam, hoe hast dy hierkes op 'e hân krigen?
ADAM:
(skriuwt)
Hwatsei? Sjoch, Lilith, wy sille togearre skeppe. Dou silst njonken my sitte, en ik sil skriuwe... It ûntwerp foar in nij paradys wol ik op papier sette...
(Stilte, hy skriuwt.)
LILITH:
Adam...
ADAM:
Ja, leave.
LILITH:
Hwat soest my niis út dy klaei meitsje?
ADAM:
Neat, ik wit net roear. In slaef om foar dy oan 't wurk, in neger of sokssahwat. Wês nou efkes stil. Der is my krekt sa'n prachtich skeppingsplan foar de geast komd.
(Skriuwt.)
Leafde as grounslach fan it libben - it hurdsté fan de húshâlding in alter - de wrâld in gea fan loksilligens - Prachtich!
LILITH:
Adam! Adam, hark ris!
ADAM:
Blikstiender! Wier, kin immen nou net efkes de tiid krije om to arbeidzjen oan de nije generaesje?
LILITH:
Nei my sjochst net mear om!
ADAM:
Sangerje nou efkes net! Ik bin dwaende in nije Goudene Ieu to skeppen!
LILITH:
En hwat moat ìk dan?
ADAM:
Ik wit net; hwatstou mar wolst.
(Stilte. Adam skriuwt, Lilith is mei har hier dwaende.)
LILITH:
Bin ik kreazer, as it sa sit? Sjoch ris!
ADAM:
(sjocht net op) Bûtengewoan!
LILITH:
(snipt him it skriuwboekje ôf) Ik sil 't forskuorre! Meist my wol lije mei it hier sa, of net?
ADAM:
Wis, ik mei dy wol lije. Mar jow my dy papieren werom.
LILITH:
En hwannear meist my meast lije: astou skriuwst of astou my in tút jowst?
ADAM:
As... as ik dy in tút jow, Lilith.
(Nimt har yn 'e earms.)
Mar as ik tink oan de nije wrâld, hoe prachtich dy wurde sil...
LILITH:
Hâldstou fan Lilith?
ADAM:
Hwatte? Ei jawis, wanhopich. En as ik tink oan de nije...
LILITH:
Bist lokkich, mantsje fan my?
ADAM:
Ja, ja, ja, fansels, slim lokkich. Dit is genôch om der gek fan to wurden! - EIN TWADDE BIDRIUW - |
|