De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 144]
| |
Minske
it réd
fan myn tinzen
is doarmjen
yn 'e krypt
nawleskou
wylst de absis
noegjend stiet
boppe geast en siel
ús romaensk biliden
kriget gjin stal
yn in
goatysk
gebeart
| |
[pagina 145]
| |
Van Gogh
it libben
is in ieu
trelit
mei it ljocht
is amjen
yn
in leaden
siele
protesten
fan sipressen
binne leafde
ûnder
it heale
lok fan de sinne
lêst
is it langstme
dat bout
| |
Bilidenis
ik bin leech
yn 'e jountiid
mar nei de nacht
haw ik fracht yn
en stean
as birime beam
yn 'e dage
lykwols
de suverens fan de sinne
slacht
myn rûgens
del
en neaken
stean ik yn myn skaed
oant
de dei
yn senith
stiet
it ljocht fan boppen komt
ik
bin
bylddrager
|
|