Efter it buro wei in biwegen: - Koeste net klopje, dû witst...
- Ik wit it. Mar ik haw net kloppe, en ik sil net wer klopje, tominsten... kin ik sitten gean?
De man krige eat fan syn selsbitrouwen werom. Hy glimke, der waerd eat frege, en hy koe wegerje of tastean.
- Moatst it sels mar witte.
Hy krige in stoel, birekkene, gie sitten, steil foar it buro oer. Der waerd neat sein. Stil as de nacht. Hy seach de keamer yn it roun. Hjir wie ek neat foroare, of dochs, der wie in planke mei boeken bykommen. De man skeukte op syn stoel hinne en wer. Stiek fluch-trilderich in sigaer oan, trommele mei de fingers op it buroblêd. Waerd read. Hy sei neat noch, glimke hwat en seach.
- Soe er it fiele, tocht er nochris.
De man efter it brede buro waerd lytser, dimmener, forskronfele as in droege poddestoel. Seach op syn horloazje, stoppe it hastich wer yn it bûske.
- Dû biste kommen dus.
It klonk meager en op stjerren nei dea. Hy glimke: - Hiene jo it forwachte?
De man efter it buro waerd greater ynienen, krige hâldfêst:
- Forwachte? Forwachte? Hwat mienste, dû hiest komme moatten. Ik hoegde dy net to forwachtsjen.
- Mar ik bin dochs kommen?
De man seach him oan, hast âlderwetsk, mar mei minder stiel.
- Dû hieste oars komme moatten.
- Oars? Hy glimke.
- Ja oars, dû hearst my dochs?
- Hwerom wurde jo lilk? Ik haw dochs neat forkeards sein?
- Ik wurd net lilk, raesde er út syn stoel wei.
Hy stiek in sigaret oan, kalm yn balâns, liet de reek út 'e noastergatten kringelje, en heal-laitsjend:
- Jo moatte ris harkje.
- Dû moatst harkje.
- Goed, dan harkje ik.
- Dû moatst dit goed witte. Ik ha dy net forwachte. Nou net. Earst faeks. Letter leaude ik it net mear, en doestû net kaemst, wiestû myn soan net mear, dû wiest dea, foar my. Mar dû hiest mem skriuwe kinnen, of sa. Mem hat der...
- Lit mem der bûten.
- Mem hjir bûten litte? Hoe kin dat? My haste net sear dien, mar mem hast rekke, en djip!
Hy waerd nidich ynienen: - Ikke, hèn? Ikke. Wiene jo it net, mei jou kop fan stien en jou nekke fan beton? Ik wie it