De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 136] [p. 136] Durk van der Ploeg: Fjouwer fersen fan it oanbigjin OANBIGJIN It lân hat gjin namme it lân is brea ûnder de sinne en de beammen binne waerme lânlichems yn 'e wyn wiuwend oan har nawlen nammeleas nij yn it Ijocht fan in molkwyt forline en de fûgels binne lytse profeten oer it wetter fan de geast. ADAM God skoep Adam út 'e groun in man út wetter en lân lei by in namme langút yn it sân berne yn it fruchtwetter fan de tael in teken foar de sinne dielde hy nammen yn syn kiel út it lichem fan flesk en geast. [pagina 137] [p. 137] EVA Adam lei ûnder in beam to sliepen doe boude God in frou út syn boarst in optearde fûgel yn it ljocht stim yn de stiennen stilte fan amjen lichem út de Adam fan de ierde. NAMMEN Doe't by de oarsprong fan de ierde it lân sichtber dwaende wie wyt to wurden boppe it wetter en de beammen har hannen iepentearden nei de himel wie God dwaende haednammen to jaen oan lân wetter brea hân eagen mâle wie der in bigjin fan neamen hweryn Adam de dieren nammen tadichte foar de kommende ieu skreaun yn de snie fan ús eagen hweryn alles liket nea skepen to wêzen. Vorige Volgende