ris hwat drinke as ite?’ Hy sels wrot nou al ûren om, mar fielt honger noch toarst.
‘In pypfol tabak’, seit de holle fan Kees. Fan it oare part is net folle mear to sjen.
Arend hellet syn pup út de bûse, klaut dy goed leech en stoppet. Hy stekt Kees de pup yn de mûle en hâldt dêr in brânnende lusifers by. Kees sûcht foarsichtich. Ja, it wol. Hy kin smoke. Tankber sjocht by Arend oan, wylst by fêst op de stâlle byt. Hy sil hwat sizze, mar dan falt de pipe yn it sân. Arend krijt it smookark op en sil him wer tusken de tosken stekke. ‘It komt net goed mei my’, seit Kees. ‘Moatst alris sa nou en dan by Janke en de lytse jonge oanrinne.’
Arend jowt him de pup wer yn de mûle. ‘Dêr hoechst net oer yn noed to sitten’, seit er, ‘sa lang as wy hwat hawwe, hoecht hja net foarby. Mar sa fier is it noch net. Aensens daliks komt de sleepboat mei de baggermoune, en dan ha wy it blok dêr sa mar wei,’
‘Dat is sa’, seit Kees, ‘mar dan bin ik der net mear. Kinst my de klep net hwat oer dc eagen dwaen? De sinne skynt my lyk yn 't gesicht.’
Arend forskikt en de holle is yn 't skaed.
De tiid forstrykt. It wetter komt omheech. De sânplaet wurdt hoe langer hoe lytser. As in skouwe mûs komt in rimpelweachje oantripkjen, kipet efkes nei man en blok en skrikt dan wer tobek. Mar oare weachjes triuwe it op en it komt werom en nimt oaren mei. Sa boartsjende wei wurdt it wetter heger.
Mei greate eagen stoarret Arend nei it ynkommend tij. Ek dit hat er witten, mar it weitreaun yn syn tinken. It wetter floeit...
Kees kuert bylâns it blok oer it stil sljurkjende wetter, dat glinstert en blinkt oant dêr't de kimen oergean yn de sé. Noch nea hat de macht fan it wetter sa nei oan west. Hy seit neat en sjocht net mear nei syn broer.
‘O, God’, bidt Arend, ‘kear it wetter fan him ô;f.’
It tij komt op... spielt om it blok en hwat dêrûnder leit. It riist heger. Arend forskikt wer en nimt de holle fan syn broer yn beide hannen, as woe by dêrmei it wetter ôfkeare.
‘Arend’, seit de holle, ‘it is net sa slim. It is al oer. Ik fiel neat mear. Doch Janke en de lytse jonge...’
Arend harket. Nea wer sil by it lûd fan syn broer hearre. Beide hannen slute om it antlit.
It wetter komt hoger. Efkes noch fornimme de hannen in swak knikje, as it sâlte wetter to de mûle yn rint...