De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] [Nummer 5] Berber Steenstra: Freegjendewei Mei inkel dan ús lûd in kleiliet wêze fol selsbiklach oerpreuveljen fan al it swart dat Hy ús elk foar oar taparten hat? Of binn' ús eagen blynslein fan it wyt it rike dat njonken al dat swart noch ljochter like? Sille wy taestend foar ús út net ier of letter weiwaskje meije ús blinens oan Siloam's wetter? Vorige Volgende