De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 128]
| |
ien en oar oer de aktiviteiten fan it Nederlands Letterkundig Museum en Documentatiecentrum yn Den Haech. Dat is nammers in ynstânsje (dr. J. Hulsker is foarsitter, prof. dr. G. Stuiveling twadde foarsitter) dêr't de Fryske Akademy yn dit stik fan saken foar Fryske oangelegenheden nau kontakt mei ûnderhâldt: yn 'e mande forsoarge hja in rige litterair-biografysk-bibliografyske meidielingen oangeande Fryske skriuwers. In rige dêr't lykwols mar... 30 minsken op abonnearre binne! Yn it ôfroune jier 1958 hat it Nederlands Letterkundig Museum net minder as 164 kolleksjes oan syn samling tafoegje kinnen. Wy neame dêr in mennich fan: in greate kolleksje brieven fan A.A.M. Stols, de skriftlike neilittenskip, alhiel of foar in part, fan û.o. Menno ter Braak, Gerard Bruning en Dirk Coster; kolleksjes oangeande Antoon Coolen, Jacob Israël de Haan, J.H. Leopold en J.W.F. Werumeus Buning. Ta de skildere portretten dy't it eigendom fan it Museum waerden hearde û.o. ien fan Simon Vestdijk, makke troch Paul Citroen en ien fan Hein de Bruin troch Henk Krijger. | |
Koart nijsDe skriuwer Gerrit Mulder (In frou tofolle en Agur en de twa portretten) hat - yn hânskrift - in nije Fryske roman ré. Romten en Paed is de titel. * De jonge dichter Durk van der Ploeg, hwaens earstlingsbundel lok op eachlingte koartlyn útkomd is, hat in twadde bundel religieus-bibelske fersen yn hânskrift rémakke: efter it wurd. * Yn Frysk en Frij hat P. Terpstra meidield, dat foar de forklearring, dat de roman De sierlike kroan fan Watse Cuperus skreaun wêze soe yn opdracht fan de KFFB, in oare forklearring oer stiet: de KFFB hat nammentlik to witten dien dat hja in opdracht op sa'n foet net jown hat. * Jo Smit, Frysk skriuwer, sûnt 1952 direkteur fan de RON(O), keart werom nei syn bertegroun mei't er bineamd is ta ûnderwizer oan de ulo yn Midslâns. * De fan komôf Fryske, alteast Harnzer skriuwer Rein Blijstra hat foar syn hiele oeuvre, mar yn it bysûnder foar syn reisbiskriuwings, de Vijverbergpriis krige. * Under taforsjoch fan de Kulturéle Ried Opsterlân sil dit jier yn it iepenlofttheater op 'e Sweach de première foar Nederlân jown wurde fan de toanielbiwurking fan Kazantzakis' forneamde roman Christus wordt weer gekruisigd. As regisseur fungearret de biwurker, de Flaemsk-Brabânske akteur-auteur Jef van der Heijden dy't al earder in tv-biwurking foar de VPRO makke hat. * Yn Het Vrije Volk is meidield, dat ds. J.J. Kalma dwaende is mei it sammeljen fan stoffe, dêr't faeks in boekwurk oer de skiednis fan it sosialisme yn Fryslân út fuortkomme kin. * Om drokten op oar terrein hat de skriuwer Marten Brouwer him needsake field út de redaksje fan it tydskrift quatrebras to stappen. * Yn it lêstoan fan april sil de bikende Italiaenske litteratuerkenner dr. Giacomo Prampolini út Spello yn Den Haech foardrachten hâlde foar it Italiaensk Ynstitút. Hy komt foar it neist ek yn Ljouwert om syn meileden fan de Fryske Akademy to treffen. * Redaksje en útjowerij fan De Tsjerne hawwe bisletten om yn septimber fan dit jier in litterair symposion to hâlden, dêr't in trije skriuwers, âldere en jongere, har sin sizze sille oer de ûntjowing fan de Fryske dichtkunst nei 1945. FREARK DAM |
|