Yn 'e fierrekiker:
Kultureel transitoforkear
Ien fan de pear mear swiete as wrange fruchten dy't de neioarlochstiid it minskdom oplevere hat, is de ûnbidige tanimming fan it tal oersettings út de iene tael yn de oare. Folle earder as plichte krije wurken dy't litterair of wittenskiplik fan bilang binne de kâns om út it oarspronklike oerbrocht to wurden. Dit foar in part ûnpolityk en ûnkommersieel transitoforkear tusken de folken mei fan forwachte wurde dat it de greaten biwarret foar arrogant ûnbigryp en de lytsen foar steksjoch isolemint.
De Unesco hat, foar de tsiende kear nou al, in Index Translationum publisearre, dêr't in oersjoch yn jown wurdt fan de oersettings dy't yn it jier 1957 de hiele wrâld oer ta stân kommen binne. It giet yn dy list om boeken fan litteraire wearde, mar ek oer wurken op it gebiet fan godstsjinst, maetskippijlear, opfieding, taelkunde, natuerwittenskippen, skiednis, ierdrykskunde en folle net genôch.
It oersjoch neamt 27.978 oersettings yn totael, fordield oer 65 lânnen en mear as 200 talen. De greate helte dârfan, in grouwe 15.000, binne letterkundige wurken, prinsepeal romans.
Nijsgjirrich is it nei to gean hokker auteurs faekst oerset binne. Boppeoan stiet... Lenin mei 278 oersettings, hwerfan 185 yn de ûnderskate talen fan de U.S.S.R. Dan folget - o, heechsette skriuwer út eigen jongestiid! - Jules Verne mei 121 oersettings en dêrnei Shakespeare mei 120 (dêr't dus Kalma's fortaling net by is, om't dy it jiers tofoaren forskynd is). Oan de greate Ingelskman folgje dan trije Russen: Tolstoï (94), Dostojewski (82) en Maxim Gorki (78).
Auteurs, yn 1957 mear as sechstich kear fortaeld, binne Dumas, de Balzac, Mark Twain en Dickens. Dizze fjouwerkaert nei oan de broek sitte Karl Marx, Hemingway, Jack London en Pearl Buck mei mear as fyftich oersette wurken fan elk. Justjes ûnder dat respektabele tal leit dizze bûnte rige: A.J. Cronin, Goethe, R.L. Stevenson, Tagore, John Steinbeck, A. Conan Doyle, Andersen, Bruorren Grimm, Tsjechow, Turgenjew, Louis Bromfield en Cervantes.
It lân dat dat jiers de measte oersettings oplevere hat is de folletalige Sowjet-Uny mei 4608; dan komt Dútsklân (West- en East-) mei 2041. Lânnen dy't mear as tûzen oersettings op har namme to stean hawwe, binne Frankryk, Japan, Italië, Tsjecho-Slowakije, Nederlân, Sweden en Rûmenië.
It lytse Fryslân hat dit oansjenlik sifermateriael yn 1957 net fan wearde biynfloede en sil dat ek nea dwaen. Dochs is it tusken Makkum en Strobos wol treastlik to witten dat ek ús warbere fortalers, fan frater Brouwer ôf oant Simke de Haan ta, skielk yn dizze machtige famyljegearsit mei oanskikke meije.
D.A. TAMMINGA