Krityk yn it koart:
In unskuldige(?) swolm
Rjochte paden, Dj. Weening - Meijer. A.J. Osinga N.V. - Boalsert - 1958.
Men soe de skriuwster, it misbigryp dat ‘Fryske litteratuer’ neamd wurdt è;n jinsels eins ûnrjocht oandwaen as men, hottefyljend sûnder ein, it tredde en dus lêste diel fan Dj. Weening-Meijer's trilogy, Rjochte Paden bisprekkend, al tofolle bod joech oan jins spotlust, argewaesje en toloarstelling.
Mei permisje en yn alle biskiedenheit: dizze skriuwster en har wurk binne net earlik partûr. Har boek, dit tredde foaral net minder as de earste beide, forhâldt him ta hwat men dan ûnder litteratuer forstiet as it ‘couranten-en-tijdschriften’-wurkstikje fan in figuerseagjend jonkje ta in skilderij fan lit ús sizze Cor Reisma. De iennige oerienkomst is dat men se, yn ûnderskate hûskeamers, beide wol oan 't lewant hingjen sjocht. En om dejingen dy't it subtile ûnderskied tusken ‘goede folkslektuer’ en ‘echte litteratuer’ mei alle gewelt as réëel en bilangryk hanthavenje in plezier to dwaen: hja meije om my dy Reisma troch in Ids Wiersma forfange.
Dát hwat dizze skriuwster en har wurk oanbilanget. Men soe dus it swijen der mar ta dwaen - kraeije dogge de krieën wol.
Mar de forlieding om yn elk gefal de koarte ynhâld fan Rjochte Paden mei eigen wurden wer to fortellen is lykwols tige great. Net om't hja sa nijsgjirrich wêze soe, mar omdat men komselden op 160 net sa groatfol printe pagina's safolle tafallichheden, frjemde optinkseltsjes en snoade konstruksjes gearbrocht fine sil.
Earne lit de skriuwster ien fan har persoanen lûdop tinke oer de ynfloed fan it Opperwêzen op de gong fan it aldendeiske, persoanlike libben. ‘Och, hwat is it goed dat der Ien is, Dy't alles bistjûrt’, seit hja dan. Mar wier, ik kin it net by my weikrije dat dy iene, sûnder haedletter, alteast yn dit boek Dj. Weening-Meijer is.
Hja lit dy earme, moedige en leauwige Froukje de Jong, yn diel II efterlitten mei in oerwoun jonkje dêr't de gemiene dokterssoan Fré de heit fan is, útdije ta in fiks en byderhant operaesjesuster yn in sikehûs earne yn Fryslân. Nimmen, mar dan ek nimmen wit hwat fan har ‘forline’ ôf. Hja lit dêr yn dat sikehûs op in goede dei ek dokter Fré binnenetappe - as (kundich) chirurch noch wol. Mar 't is suver deselde net mear as yn diel II: in sympathike knaep, fol langst nei syn soan - it wierhaftige leauwe en it wierhaftige lok ûntbrekke der noch oan. Jezus Kristus as syn Heilân en Forlosser wol er net kenne en mei syn wettich wiif (in dame dy't Tiny hjit en Hollânsk praet en perfoarst gjin ‘hok vol kinderen’ bigeart) kín er net. Tiny rekket al gau oan kant. Hja fordrinkt, min ofte mear troch Fré syn skuld, mient er sels. Froukje en Fré komme ynwindich al moai deun byelkoar en as dan lytse Sytse, beider soan, troch in tafallich ûngelok ek noch by syn ûnechte heit ûnder it mes moat, boazet soks jit oan. Mar Fré moat, fansels, fansels, der eerst noch hiel djip troch ear't er, bihalven Froukje, alderearst en aldermeast har leauwe oannimt. Dan is it makke en binne de 160 bledsiden fol, de trilogy is út en de KFFB-romanpriis is al wer earlik fortsjinne.
Ik sil de lêste wêze om ek mar eat ôf to dwaen fan it leauwe fan